Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

14 02 2015
Eartiids ha Fryske lju grappen úthelle mei Frysk paspoart of Frysk jild. No wie Sjors Kooiman, dy’t it paspoart betocht, net in Fries en wie Lykle Jansma dy’t mei it Fryse jild kaam in aparten, dus sa Frysk wie’t no ek wer net. Mar wy gewoane Fryske lju lykas jo en ikke koenen der net om laitsje . Letter koenen de lju dy’t wol in orgasme fan sokke saken krigen, har ferienigje yn de FNP, want dy ha’t noch altyd oer Frysk gas. Ja, da’s wat oars as Grinzer gas, dêrfan donderje de hûzen yn elkoar. Frysk gas, ús gas, wy, wy, ikke, ikke. Ik tocht at it dêrmei wol oer wie, mar o jee no is puntfrl oer ús kaam. De âlde tonielman Freark Smink hat jierren flak by my sitten op it wurk, en ynienen hearde ik him fannewike op radio en tillefyzje sizzen dat pas at je puntfrl ha, dat je dan de wrâld sjen litte wer at Fryslân foar stiet. No mient Freark der gjin bliksem fan, mar at je pensioneard binne betellet sokke ûnsin aardich. Ik sit oer Freark net yn, mar oer in hiele soad oaren wol.
Kommunikaasje. Wis. Meigean yn nije tiden. En al bin we tsjintwurdich appers, we klaue ek wakker noch om mei email. In kloaterich systeem. We ha allegear gewoan in namme. Mar we bin in net sa kreatief folkje, dus we ha allegear lju mei deselde namme. Piet de Boer. En dan moat je dus allegear in sifer derby ha, Piet de Boer 4658. Of in punt der tusken. Pietpuntdeboer, of Pietpuntdepuntboer. 5873. Nei de namme de at. Da’s altyd itselde tekentsje, inkel der bestean allerhande nammen foar. Dan komt de namme fan de provider. Hy is in planetjonkje, sy in hotmailtsje. Mar der bin ek guon dy ha de namme fan de saak derefter. Thús bin ik in gewoan ziggomantsje, op it wurk sit ik op eelkepuntlok@omropfryslansûnderdakjepuntnl. Ja puntnl. Dêr seurde Freark Smink oer en dêroer krigen jim in krante yn de bus. En it wie gjin grap fan kulturele haadstêd, nee at je in echte en oprjochte Fries binne, dan moat jo puntfrl skriuwe. Oare nasjonalistyske streken lykas Flaanderen en it Ruhrgebiet ha dat ek, jo moat ek. Laat de wereld zien waar Friesland voor staat. Troch him sels net Fryslân mar Friesland te neamen miskien.
Ofsjoen fan datte, it is ek sa betiizjend. Puntnl, dat begryp ik. En at ik myn nichtsje yn België mail, puntbe. Dat snap ik ek. It wurdt al minder at der guon ynternasjonale lju yn Fryslân binne, dy’t inkel te berikken bin op puntcom. Twitter.com begryp ik, mar pietdeboer@hotmail.com fyn ik al wer yngewikkelder. It kin noch slimmer. At je skriuwe dantumadeel is it puntnl. Mar as je it yn it Frysk dogge, dantumadiel, dan is it ynienen punteu. Dus at je fan it Hollân nei Fryslân gean, ferhûzje je ynienen nei europa. Yn sa’n betiizjende wrâld is kommuniseare de helte swierder wurden as simpelwei in bryfke nei Hynsteblom 4 9104 BR Damwâld.
Mar dan komt Freark Smink. En dy krante. Ja je meije tsjintwurdich blutt und boden net mear brûke mar je soenen it hast dwaan. Deputearre Sietske Poepjes dûnset mei sa’n fryske punt om en seit yn de krante dat puntfrl bedoeld is om je te ûnderskieden. Te ûnderskieden. En dy hele krante mekkert har dat nei. Underskiede fan de rest fan de wrâld. Ferkeapje jo droege woarst, Fryske droege woarst what ever it may be, moat je woarstefabrikant.frl wêze oars komme wy as echte ûnderskieden Friezen net mear by jo woarstepantsje. En juster wie de earste idioat der al dy’t puntlwd ha wol. Of miskien wol puntkh2018.
No stean der in soad bedriuwen en ynstellings yn dy krante, dy’t har der net lekker by fiele. Sa stiet der ek omrop.frl. mar ús normale adres bliuwt omropfryslânpuntnl en at je puntfrl dogge wurde je gewoan nei puntnl skeakele. En at je echt op fryslan.nl drukke kom je wol by de provinsje fryslân.frl mar fierder is it net frysk. Want je kin wol aardich om sa’n domeinexistinsje hinne dûnsje, mar je wol fansels al berikber bliuwe foar de wrâld wêr’t je je fan ûnderskiede wolle.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s