Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

07 03 2015

We ha hjir yn Nederlân noch sa’n 120 otters. Hjir, want ik sis wol Nederlân, mar fierwei de measten sitte yn Fryslân. Fryslân otterlân. Logysk, in otter is in swimbist wat der op út is de netten fan de fisker leech te heljen om oan foldwaande fretten te kommen. De otter is de skries fan it wetter, hâldt o sa fan skjin wetter, dan is de fisk fuort ek skjin. Watte, hy wol dat je op in hite dei de klompe efkes yn de sleat stekke kinne en it wetter opslobberje. En dan sjocht de otter dêr nei en ropt, hee do hast wol switpoaten hear. Sa sawat. Dus is it buro Alterra mei ûndersyk nei de otter dwaande. Dat dogge se ek mei de skries, se besteane fan it ûndersykjen fan it besykjen fan de oerheid om bepaalde prototypes bisten yn libben te hâlden, tsjin de hjoeddeiske natoer yn. Want yn 1989 waard hjir by de Jouwer de lêste otter deariden. Dêrnei ha we him wer ta libben brocht, yn Akwa Zoo. Dy soenen letter útset wurde, ûnder oaren yn it otterprojekt fan it Fryske Gea yn de Alde Feanen, mar doe ha se spul krigen. En dat útsetten fanút Akwa Zoo is net safolle wurden, want de otter wie dêr wend oan jonge bern, wiuwde hieltyd fleurich mei de sturt. Mar yn de echte natoer bin gjin bern, inkel buordsjes: hjir mei jim net komme. Uteinlik waarden de measte otters dy’t we fongen yn Wyt Ruslân en it doe noch selsstannige Oekraïne en sa, útsetten yn de Weerribben. No, da’s wol geskikt, want dêr bin allegear lytse sleatsjes en dan kin dy nije otterkes moai leare om fan de iene kant nei de oare te swimmen. Dat moat se leare, want dêrnei wol se nei Fryslân. Dêr hâlde de measten ta. Seit Alterra. Sil se wol witte, want dy earme bistjes wurde earst ek noch iepensnien en dan wurdt der in tsjipke ynstoppe.
De reis nei Fryslân is in gefaarlik ûndernimmen. Der gienen ferline jier 37 otters dea, werfan 34 ûnder de auto kamen. Alterra sette dêr in streekje by. Steatsiktaris Sharon Dijksma soarget dat dy streekjes otteroerstekplakken wurde. Ik ha gjin ide wat ik my foarstelle moat by in otteroerstekplak. Moat dy otters wol oerstekke? Je kin fia it wetter dochs op alle wizen ús provinsje ynkomme. Ja je moat de Driewegsluis of de Lemster gemeenteslûs brûke. Mar dy jonges wolle bêst in kear ekstra skutte, dan hoege dy otters inkel mar efkes te beljen. Oerstekke hoecht net. Mar ik snap it wol, dy fiskers ha harren netten oan de oare kant fan de dyk set om dy otters te ûntrinnen en dy otters bin selfs te lui om fan de Tsjûkemar om te swimmen oer Follegeaster feart of de Skarsterrien. Dus dy otters stekke oer. Se rûke tsientûzen kear sa goed as ús. Snuf snuf, rikke iel, bakte snoekbears. Lekker. Boem.
Soks moat net. Otteroerstekplakken. Se komme by de A32 by Wolvegea, op de A6 by de Tsjûkemar en op de A7 by Aldehaske. Stopljochten? Dat soe kinne, mar dan bin der fan dy jonge otterkes, dy’t der foar de grap op drukke en dan stean der ynienen 500 auto’s stil. Sebrapaden? Mar seit de opperotter, dêr ha wy psychologysk lêst fan, dan tinke we oan tralies fan Akwa Zoo. Otterfiadukt? Ja at we by Skarsterbrêge net iens in akwadukt foar auto’s krije kinne, hoe soe dit dan trije kilometer fierder wol ta stân komme. Dus: faunabuizen ûnder de dyk troch. Kosten fan ien buis 166.000 euro. Fjouwer buizen, 6 en in heale ton. Foar……. Heeh Alterra, rekkenje ris út hoe faak at otters oerstekke. En at we se leare kinne in buis ûnder de dyk troch te pakken dan kin we se ek wol leare om om te swimmen.
Want we bin der noch net. Dijksma seit dat de profinsiale wegen wêrop otters deariden wurde, ek noch oanpast wurde moatte. Dat bin har diken net, dêr moat de provinsjes oer gear. Se wit al dat dy lang sa folle jild net ha. Dêr kin it ek mei geleidingen seit se. Wat dat binne wit we net. Mar Alterra skriuwt yn de takomst oer it tal geleide otters en buisotters yn Fryslân.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s