Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

14 03 2015
In sidderjende spanning makket him master fan de Fryske mienskip. Ommers, noch in wike, en dan mei we stimme. Allegear. Inkel dogge we dat net. Mar o wat sil dat allinne al spannend wêze, dat se aanst fertelle hoefolle persint fan de lju dy’t stimme meie, dat ek dien ha. En wit jim, dan sizze se om njoggen oere nije wike woansdeitejûn dat it lanlike sifer siz mar 25 persint wêze sil. En dan de hiele jûn de spanning at bliken dwaan sil dat Fryslân twa persint heger sit. Twa persint. Ja, ik wit wol twa persint fan de kwalik besteande Fryske stimbefolking dat is helendal neat, mar dan toch, it gefoel dat soks jout: Fryslân sit twa persint heger. Tsjong jonge. Dat leit ‘m dan oan …..en dêr kin seis analisten dochs wol fiif kertier oer prate.
Mar der is mear wurgjende spanning, Want dernei makket de kommissaris fan de kening miskien wol sels de offisiële útslach bekind fan de Fryske steateferkiezings. En dan witte we hokker 43 lju ús de kommende fjouwer jier liede sille lâns de ôfgrûnen fan krisis, wurkleazens, wynmûnen en krimp. O wat in spanning. Hoe hjitte dat nûmer fan Kees van Kooten ek alwer, o ja ballen in m‘n buik. Dat ha’k no al hast. Ballen in m’n buik.
Want ferjit net, hoe wurde we net opfokt. Troch dy geweldige kampanjes dy’t we optheden ha, is dat net skitterjend allegear. De hûndert kear per dei ôfdraaide reklames foar de radio, want dy ynhâlden bin sa geef, dêr kin we net genôch fan krije. Sa moai as dat kanvassen giet. Oeral, werklik oeral, oant en mei it lêste gehucht fan twa hûzen ferskine al dy lju yn harren te fûl kleurde jaskes om harsels sjen te litten. Ja en net harsels, mar ek al dy ferneamde lju, dy’t op de listen stean en dy’t bekind binne by wol tweintich persint fan de ferdwaasd tasjende befolking. Al dy ferneamde lju bin der ek. De drigingen fan dy besites ferskine earst op facebook en twitter, moarn komme we by jimme. En dan de moarns betiid al dy selfies noch in kear. Allegear yn dy jaskes. Noch in wike stride se yn ploegen tsjin elkoar. Wa hat it lûdst raast. Wa hat de measte ûnsin ferteld. Wa hat dizze hjoeddeiske minsk it meast úterlik presenteard, sûnder dat de ynhâld ek mar in kâns krigen hat. Wa hat it meast tasein wat dy politis dochs net ûnthâlde kinne.
O en de kranten, de omrop, sels de lannelike stjoerders dûke no de provinsiale polityk yn. Dy bin ynienen belangryk wurden. En dus ek de provinsiale politisi, dy ferneamde lju. Dy wurde yn de krant o sa moai delsetten. Wat moai dat we witte dat Jezus de meast oansprekkende figuur is foar Anja Haga. En dat Klaas Wassenaar the doors de moaiste musyk meitsjen fynt. Ja dat moat de redenen wêze dat je op sokke lju stimme. Lokkich dat se net anderje op de ienigste ynhâldelike fraach: hoefolle jild wol jim oan Holwert oan see jaan . Lokkich witte de as politisi ferklaaide frijwilligers dat andert sels net, want dat begjint pas nei dizze steateperioade, mar oars soe’t foar ús ek te yngewikkeld wurde.
Mar wat is it sneu dat yn sa´n spannende tiid de media linkendewei allegear oare dingen betinke, omt se neat oan dy steateferkiezings fine, omt se gjin antwurden krije. Earst kamen de media doe mei dy ferklaaide herdershûn as wolf. En dêrnei kamen se mei dy echte wolven, Opstelten en Teeven. Watte, dy wolf fret gewoan in hin op. En sy sizze dat se dy hinnebonken werom krigen ha foar 4,7 miljoen. En ha jim ek al heard dat dy Bats dy´t op Skylge as boargemaster woe dat amtners krekt lyk as Teeven en Opstelten dienen, dat dy it VVD prinsipe fan doch mar gemeen dan doch je liberaal heech hâldt.
Sju, dêr wurd ik sels al wer wyld fan. Ferkeard. Wer op in siidpaad. Mar it is ek wol logysk. Want dat wolle dy takomstige steateleden wol hiel graach. Dat der woansdeitejûn nimmen mear tiid en sin hat en freget hoe komt it mei it kolleezje. Dat dogge se nammentlik wer yn dy efterkeammerkes. Wit jim, dy keammerkes fan Teven, Opstelten en Bats.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s