Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

18 03 2015

JIm bin wend fan my dat ik jim efkes tasprek foardat jim it hûs útgean op wei nei it stimburo. Jim ha de jas al oan, mar jim moat de stimkaarten dochs noch opsykje. Wêr ha’k dy ek al wer litten, mar efkes tusken de âlde kranten sjen. No, dus harkje salang mar efkes. Jim hoege ek net sa hurd. De mannen en froulju yn it stimburo ha it de hiele dei wol oan tiid, se sitte der oant njoggen oere jûn. Se sitte dêr de hiele dei foar lul, inkel sjoernalisten dy’t om it oere freegje ha der al lju west, ja twa, en dan sliepe se ek wer fierder. Want jûn begjint harren wurk pas. Telle. Ja earst noch efkes al dy wetterskipslisten skiede fan de steatelisten ……., alhoewol der sil dochs wol twa bussen stean. Mar ja, jou se de kost dy’ t de ferkearde listen yn de ferkearde tonne stopje sille. Ja, per ûngelok en mei’t ik dat siz doch je dat ek foar de wille.
No hindert dat ek neat. It stimmen is dizkear dochs al hiel yngewikkeld. Foarbyld. De PvdA yn Fryslân , en ek partner FNP wolle graach gâns jild útjaan. Se seure hieltyd oer dat Sander de Rouwe sa sunich is. Dy wol sels dat wy minder opsinten betelje. No at je Jehannes Kramer heare en lêze, want dy skreau sels in ynstjoerd stik yn de LC, mei dat noch wol wat mear wurde. Mar lannelik wol krekt de PvdA wol wat kalm oan, bin Dijsselbloem en Asscher net sa útjouwerich. Earst de boel goed op oarder. VVD en ek CDA dy´t skreauwe om belestingferleging wurde troch de PvdA yn de stokken hâlden. Eins is Jannewietske Sybrand Buma en is Sander de Rouwe is Samsom.

Mar jim stean dêr mei dat reade potleadsje en jim tinke miskien moat de PvdA wol út it regear. Dan stim je op Pechtold of Buma. Mar je wolle ek wol dat se it belied yn Fryslân trochsette en dan stim je op Jannewietske mar dan stim je dus ek wer op Samsom, mar dat wol je wer net omt je fine dat dy ophâlde moat. De VVD er Kamp fynt dat Fryslân moarn begjinne moat mei wynmûnen, de VVD yn Fryslân fynt dat dy der net komme moatte. Stimme. It is net te dwaan. Hokker idioat wie dy Thorbecke dy’t soks in pear ieuwen lyn betocht hat. De safolste VVD er dy’t efterôf net blykt te dogen. Mar wy ha fansels ek neat dien, bin ynsliept,. En we sitte no mei in bak fol bakte parren. En we ha der de hiele dei wol wurk oan om dy oanbârnde rommel út it pantsje te waskjen, ach dan gean we mar net te stimmen. Ik wit dochs net op wa. We sitte aanst mei in Earste Keamer dy’t baseard is op minder as tritich persint fan de befolking.
Want se wiene saneamd handich troch de wetterskipsferkiezings tagelyk mei de steateferkiezings te dwaan. No wie dat moai bedoeld foar de wetterskipsfekiezings, dy’t oars wierskynlik net boppe de 10 persint útkaam wienen, Dy soenen dêrtroch miskien wat ophelle wurde kinnen. Mar de wurklikheid sil wêze en dat hat Thorbecke net betocht mar dat sil wol in oare VVD er west ha, dat omdat de minsken no twa stimbiljetten tús krigen ha, dat se hielendal net hinne gean, want dat wetterskip wit ik hielendal net hear. En dan wenje wy noch yn in provinsje dy’t bestiet fan wetter. En we ha Hilda Boesjes dy’t it stoomgemaal op Lemmer sa promoat dat elkenien tinkt dat we dertroch gjin wiete fuotten ha.

Ik ha mysels dus ûndertusken ek al fan it paad ôflult, want ik soe jim fertelle wat jim no it bêste dwaan kinne. Ach, gean der dochs mar efkes hinne. Oars is it ek sa sneu foar de lju fan it stimburo. Mar doch mar wat. Makket net safolle út. It belied yn Fryslân feroaret net. It belied fan it wetterskip ek net. En oer in pear jier ha de provinsjes it wurk fan it wetterskip wer oernaam. En dogge we de earste keamer op de kompjoeter.

Advertisements

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s