Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

21 03 2015
Der is noch nea sa op’e trommel slein oer de wetterskipsferkiezingen as dizze kear. Mar dêr wêr’t we no it fertriet fan Jannewietske mei syn allen ferwurkje moatte yn de media, sa’n bytsje heare we dan fierder oer it wetterskip. Ja, dat Tineke Cleveringa noch mar krekt de luiers ûntsnapt no al diel útmakket fan it wetterskipsbestjoer is noch wat, mar dan is it fierder stil. Dus is it net oars, ik moat jim wat fertelle oer wetterskip Fryslân.
Oan de westkant fan Lemmer moat de dyk omheech. Dy dyk is min. Logysk. It is in Iselmar dyk. De Iselmar wurdt inkel by súdwestewyn wyld en dan stiet de hiele Iselmar op dat stikje dyk. No bin se by it wetterskip hiel ferstandich. Se wolle dy dyk ferbetterje, mar ek sadanich opheegje, dat de wetterskipsmannen oer fyftich jier op dy dyk rinne en sizze: dat hâldt it noch wol tsien jier, at we hjir gjin mûzen krije. Prima. Niks mis mei. Mar no komt it. In wetterskip is net baas en de oerheden lizze it wetterskip allegear beheinende bepalingen op. At we yn it stoarmseisoen sitte…., noait witten dat soks bestie yn Nederlân, the hurricaneseason, no ja at we dêr ynsitte mei der neat oan dy dyk dien wurde, want dan soe der tefolle grûn yn de Iselmar spiele. Nee, gjin minsken, want se rinne net mear mei in skepke op de dyk. Dat stoarmseisoen duorret fan novimber oant ferbrewaris. Der moat ek om de briedende fûgels tocht wurde. Dus sis mar fan novimber oant en mei maaie bliuwt de dyk ynstabiel. Der moat 200.000 kub klaai hinne, dat der moat trije jier oan wurke wurde. Watte trije jier? Trije simmers. En dy grûn mei net per skip nei dy dyk fearn wurde, sadat we der neat fan merke, neuh, de mar is dêr natoergebiet. De skûtsjes en aken yn de Lemmer Ahoy races wurde daliks yn‘e grûn sketten at se ek mar in meterke yn dat gebied farre (lange gele tontsjes, tink der mar om). We ha hjir yn Fryslân wetterlân altyd alle grûn per skip ferfierd. Noait wat bedoarn, mar it mei net mear. Dy klaai moat mei auto’s nei Lemmer tabrocht wurde. Mar dy komt sa fier mooglik wei. Datselde wetterskip hat alle nije grûn om de dykjes fan de Fluessen en Aldegeaster Brekken te ferheegjen, oanfierd fanút Bant, redelik ticht by Lemmer. Mei grouwelige tolvetsjillige weinen dy’t der foar soarge ha dat de lju yn dy krite al fiif moanne net mei de auto’s der lâns kinne, dy grûnweinen bin breder as de dyken. Mar dy klaai fan Lemmer komt net fan Bant, nee dy komt fan Harns. Yn it Fryske rekreaasjeseisoen komt dy út Harns. Ride dan oer Surch nei Boalsert, rjochtsôf, rotonde, deadelik foar dy weinen, se ride dan ûngefear 15 kilometer. Dus ek deadelik foar oare auto’s. Dan nei Warkum. In stik as fiif rotondes. In brêge by Tsjerkwerd, komt noch wolris wat troch nei it Van Pan huyskanaal, stean dy bakken der foar te stjonken en ronken. De brêge by Warkum is hiel drok. Lâns Hylpen en Koudum, de dyk nei Balk, troch Gasterlân grôtfol toeristen en asielsikers. By Balk rjochtsôf, dat is de 7de rotonde, lâns Sondel, Wyckel, nûmer 8 en dan nei de Lemmer, de drokste rekreaasjerûte dy’t Fryslân hat. No en dan lokkich foar de brêge oer de slûs nei rjochts. 65 kilometer, 130 hinne en werom. Yn de simmer. Wit jim wol, dat seisoen dat it hjir stoarm rint fan lju dy’t wy hillich toeristen neame, ús bron fan ynkomsten. Yn it parseberjocht jout it wetterskip sels oan dat hinderlik wêze kin. No, mear as, neffens my riidt je datselde ein tink ik een heal oere oant trije kertier langer. It wetterskip skriuwt ek dat it lêstich wêze sil foar de rekreanten. Trije simmers lang. At se dát sels al skriuwe foardat it wurk begjint, dan witte we dat it ferskriklik hinderlik wêze sil. Mar ik ha net in provinsiaal of gemeentlik beslút lêze kinnen dat se akkoart geane mei trije simmers oerlêst foar eigen minsken en toeristen. Of soenen se it net iens witte?

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s