Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

25 03 2015

De gemeentes Frentsjeteradiel, Menameradiel, it Bildt en fjouwer doarpen fan Littenseradiel, te witten Wjelsryp, Baaium, Winsum en Spannum fuseare yn 2017 ta ien gemeente. Moarn prate se yn de gemeenteried fan Frentsjeteradiel oer de namme fan dy nije gemeente. At je no tinke dat, omt Frentsjeteradiel de grutste gemeente is, dy namme der moarn samar útrûgelt, dan ha je it goed mis. Watte, it is noch yngewikkelder as it belêstingformulier. Sju se ha al in wurknamme, en dy is ferrekte goed: Westergo. We sizze net Westergoa sa’t it yn it Frysk offisieel is, en om my prikke se dy a der efter, we sizze lykwols gewoan Westergo. It is ek wol sa maklik foar dy lju dêr oan de oare kant fan Ljouwert om Dokkum hinne, dy kin dan aanst gewoan Oostergo hjitte, klear. Mar de domme djoere dwerse metoade dy’t soarge dat Marrelân no Fryske Marren hyt, hat derfoar soarge dat moarn net omroppen wurde kin dat Westergo Westergo wurden is. We ha’t moarn yn Frentsjeteradiel inkel noch oer proces naamgeving fusiegemeenten. En dan stiet naamgeving tusken skrapkes, om oan te jaan dat it it in bysûnder en folslein idioat punt is.
Begjin maaie begjint it allegear, at se der moarn teminsten ja tsjin sizze. Dan komt der pas yn de kranten te stean wat se moarn beprate. De bedoeling is dat de minsken frege wurde sil nammen te betinken. Trije wike duorret dat geseur dêroer, dêrnei is der in startmomint mei de boargemasters. Fred Veenstra, sûnt 2010 yn Frentsjeteradiel, Gerrit Krol sûnt 2010 waarnimmer yn it Bildt, en Tom van Mourik, sûnt 2010 waarnimmer yn Menameradiel. It moat in ludike start wurde, mar hoe’t je dizze trije man lju no ludiek meitsje kinne, ik soe’t net witte. En boppedat, ludiek omhippe wylst je yn de takomst je wurk kwyt reitsje? No ja, de lju komme likegoed wol mei nammen.

De frjemdste nammen fansels. De mannen fan it Bildt komme mei Bildtske nammen. Moai, mar dat mei net, want dat is in dialekt sizze de oare beide. Dus se wolle it Bildt wol by de fusje ha, mar dy moatte har wol de dialektebek hâlde. Moai begjin. No ja, de nammen: Tsjommegea. Bilfremen, Harns East, Sweinseradiel, Ljouwerts Takomst en Westergo. Soksoarte nammen.
Yntusken is dan ek de naamgevingskommissie ynsteld. Mei in ûnôfhinklik foarsitter. In Brabander tink. Fierder fjouer lju dy’t út de federaasjes fan doarpsbelangen komme. En in fertsjintwurdiger fan de stêd Frentsjer. Blykber tinkt de stêdsminsk oars as in doarpeling. Der moat immen út de rekreaasje komme, ien fan de hannel, in boer en it is 2015 mar noch altiten in skoalmaster. Dy njoggen lju ha stimrjocht. Der komme fierder noch 3 adviseurs by, ien fan de Fryske Akademy, in marketingadfiser en immen fan AaniN. Dat is de adviescommissie aardrijkskundige namen in Nederland.
Dizze tige fariearde kommisje bepaalt net de namme. Nee, twa nammen. Mar ik wik dat se dêr trije moannen lang wurk mei ha, en dat der fiif nije kommisjes beneamd wurde. No ja, se meie fan heal juny oant heal augustus, de measte fan dy lju bin fansels yn dy snoarje seis wike mei fakânsje. Dan komme se mei dy twa nammen, ik skat yn Westergo en Peinseradiel. No, dêr meie de ynwenners fan Westergo dan út kieze. Mar at je dan tinke dat it dy namme wurdt, nee. De útslach komt fia in Stuurgroep. Ik wit net wat groep it is, mar se bin tige wichtich, want se stelle de meast keazen namme foar oan de herindelingscommissie. Ik wit wer net wat dat is, mar at je in herindelingscommissie ha, moat dy eins ek wat fan dy namme fine. Sterker, dy meitsje de foarkarsnamme bekind. Mar dat hoegt him noch net te wurden. Nee, want de soarchfâldich bûtenspul hâlden gemeenteriedsleden, dy ha ommers de bek altyd iepen, dat mei no net, mar yn novimber mei se ynienen kedize. Yn it draaiboek stiet dat dat 12 novimber de namme definitief fêststeld is. Westergo.

It draaiboek seit net wat der bart as der yn de rieden in ferskillend stânpunt ynnommen wurdt. Wat lykwols mei it Bildt derby it gefal wêze sil, die gean altyd in oare wei. Wierskynlik moat de hiele prosedure dan wer oer.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s