Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

01 04 2015

It is gjin grap , it is hjoed echt 1 april. Hearlike datum. 1 april. Dan begjint de simmer yn Fryslân. Freed en moandei ha we al de earste healdagen en foar at je it witte kuierje we dan dy hiele lange simmer fol eveneminten lâns. Ofrûne wykein ot reinde mar der kamen se wer oan mei harren boatsjes efter de auto. Kwak it mar yn it wetter hellingbaas, nije wike farre. Wit jim dat op 1 april de brêgen wer iepen gean. En de pontsjes farre wer. O salich, al waeit it dat it rikket, de simmer is los.
Mei de foar Fryslân al jierren deselde fermakelike taferielen at it giet om noch mear minsken nei Fryslân ta te heljen. Om Fryslân yn it sintrum fan de belangstelling te setten. Om Fryslân ta in begrip te meitsjen yn de harssussen fan de Limboargers, de Sieuwen, de Belgen en foaral de Dutsers. Om…… noch mear oan de rekreaasje te fertsjinjen. Dit wykein is de nije man op Merk Fryslân (dat is it ûnechte bern fan Beleef Friesland, en Fan Fryslân, want der siet ek noch wat sperma fan de provinsje Fryslân by), de nije baas fan Merk Fryslân Loek Hogenhout is al wer ferdwûn. Dy sit him leau’k op in machtich moai strân earne yn de wrâld fernuvere ôf te freegjen hoe’t je oait sizze koenen dat Fryslân it moaiste lân fan ierde is. En foarsitter Tom van Mourik hat o sa haperjend sein, en dat kin Tom hiel goed, dat it om persoanlike redenen is dat dy Loek Hogenhout opstapt is. Mar der is in bak sinten mei nei dat strân gien, dus kin wy wol neitelle dat Loek fuort is omt se it net iens wienen. It is ek in kloatebaan, je kin as Merk Fryslân inkel mar Fryslân sa goed mooglik presenteare en je witte noait wat dêr it rindemint fan is.
Mar it is wol heel tafallich dat elk jier wer in organisaasje of in man of in frou sneuvelt yn dit proses. Wy kinne dat net. Je moat je sels wol hiel bot op it boarst slaan, dat kin we net. En at we dat ál dogge, dan wurde we troch de rest fan it folk delsketten. Stil jonkje, sa drok dogge we hjir net mei elkoar.
Of in oare mooglikheid, kulturele haadstêd. Eins is dat hiele proses oant no ta nochal wat ûnfrysk. Mar goed, we dogge it. Mar we bin pas haadstêd yn 2018. En de jonges en famkes dy’t it meitsje moatte ha ferlet fan dat de hiele Fryske befolking en de rest fan de wrâld derefter stean giet. En se dogge dus in berop op Merk Fryslân. At dat merk goed leit yn Malta, is de helte al klear foar de kulturele haadstêd. Mar stel dat sa’n Hogenhout sein hat dat hy yn 2015 noch wat oare prioriteiten hat as de kulturele haadstêd fan 2018. Tsja, dan is der in konflikt. En wurdt der wer ien dy’t net mei wol yn de stream, foar in soad jild en stilswijen oan de kant set.
Of, en dat is ek typysk Frysk, de measte en grutste ûndernimmers fange genôch jild fan fakânsjegongers. Klear. Oaren? Oaren bin der dochs net. Dus mei myn jild moat we fertelle dat der ek noch oaren binne. Nee hear. Sa bin hast alle VVV’s nei de bliksem gien. Nota bene it VVV fan Snits is faillyt en moat no in hoekje yn it Skipfeartmuseum sykje, it is dochs skandalich. It is terjochte dat de oerheid der ek net mear jild yn stekt. Dy organiseare ek altyd in hiel soad dingen foar útstrieling. Profiteurs: de ûndernimmers. Serious Request yn Ljouwert weroan de gemeente in soad betelle, smiet wat op foar skiterijepasjinten yn de wrâld en de kroegen yn Ljouwert.
Oerheid, at dy ûndernimmers net meidwaan wolle oan mienskiplik gefoel fan Fryslân werfan se ek profiteare soenen, doch dan marris in pear jier neat. Hielendal neat. Dus túch dat Merk Fryslân ek mar net mear op. Kostet inkel mar sinten en ergernis. Inkel ik wit ek net wat dat opsmite sil. Stel je foar, der komme dan noch mear lju nei Fryslân as oars. Stean we hielendal foar lul.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s