Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

04 04 2015

It is it nostalgysk wykein, dus ik moat werom nei de 70-er jierren. No dat kin wol. It is 1978. Der is sûnt 1974 in kolleezje fan deputearre Steaten yn Fryslân mei trije CDA-ers, twa PvdA-ers en ien VVD-er. Dan bin der yn maert 1978 de steateferkiezings. We gienen doe mei 80 persint nei it stimhokje. De útslach is ferbjusterjend. We ha yn dy tiid noch 55 steateleden. It CDA krijt dêrfan 23, PvdA 22, VVD 6, FNP 2 en D66 2. Dan moat der ûnderhannele wurde. Troch Dieuwke de Graaff-Nauta fan Snits by it CDA oan it helmhout. Sy soe letter deputearre, en doe seatsiktaris en sels noch efkes minister fan ynlânske saken wurde. Se siet oan tafel mei de Rottefalster ûnderwizer Heine Keuning, yngreven read en Frysk, dy´t ek letter noch yn de Twadde Keamer sitte soe foar de PvdA. It hie hiel logysk west, dat it doe gewoan 3 CDA en 3 PvdA wurden wie. Mar it CDA woe de VVD wer mei ha. En dy tige rjochtfeardige rjochtúte skoalmaster sei: ach, toe dan mar. De befolking fan Fryslân betelle der in deputearrelean by, sân. En de VVD die ek mei. Der sieten tusken heakjes mar fjouwer lju yn de opposysje, mar earlik sein koe Jan Bearn Singelsma fan de FNP dat wol allinnich.
Mar sa ha der yn de rin fan de jierren altyd PvdA politisi west dy´t de winsken fan it CDA oerein hâlden ha, omt se tochten dat in mienskiplik ienriedich belied Fryslân helpe soe. Klaas Dankert, dy´t doe yn 1978 as nij steatelid ynienen samar deputearre waard, hat letter nochris de absolute oerwinning helle, mar hy liet like folle CDA-ers yn it kolleezje sitte as oars. Jan Spiekhout. Sicko Heldoorn , Anita Andriessen, se ha it CDA krekt as Klaas altyd mei oerein hâlden. Hans Konst en Jannewietske fjouwer jier lyn dus ek noch. Se hiene bêst sizze kinnen wy twa en jim en de FNP elk ien. Se dienen it net. Dan dochs mar wer fiif deputearren, ach lit mar.

En no? No is it dus mis. It CDA kwakt de PvdA derút. Samar. Ja ik wit wol, de kiezer beslist, de útslach is net oars, en it is polityk, je ferlieze wolris, al soksoarte kreten sil Geart Benedictus de ynformateur oer ús hinne struie. Mar hy hat gewoan opdracht krigen fan Sander de Rouwe hear. Dus ik sprek Sander oan.
Sander. It hie goed west ast de skiednisboeken fan de Fryske polityk earst ris trochnaam hiest. Dan hiest dit net iens foarsteld, want as dat dien hiest hiest sa’n reade klear krigen dat elkenien tocht dast oergien wiest nei de PvdA. Ofsjoen fan dast noch in soad goed te meitsjen hast as nasaat fan al dy ferliezende âlde CDA-ers , it is ek net goed foar Fryslân. Dat begrypst do net, want do sist noch altyd yn dyn Haagse kokontsje. Do tinkst noch altyd, krekt as dyn maat Buma, dat it goed is om de PvdA bûtenspul te setten. Ik wit te min fan de lannelike sitewaasje, dus miskien is dat wol sa. Mar yn Fryslân net. Yn Fryslân binne de middenpartijen ienriedich en sa’t de PvdA wol mienskiplik dwaande om it sa goed mooglik foar dizze provinsje klear te krijen. Mar do bist sa dwers as in pak spikers. Tink no ris nei. Sietske Poepjes hat de ôfrûne fjouwer jier neat oars sein dat alles wol wer goed komme sil, dat betsjut dan sy of Sjoerd Galema earst wat stikken makke ha. Tineke Schokker, noch neitinkend oer hoe’t je dy breanedige weryndieling stâl jaan moatte, is yntusken hurd nei Flylân smiten, oars hie se sein dat it CDA net sa folle foarstelde. En dan trochgean mei in VVD dy’t lannelik net iens mei de VVD troch de doar kin. Mei de FNP dy’t ûndutsen hat dat meibestjoere wichtiger is as earne wat fan fine. Mei de SP dy’t hielendal noch nea wat yn dizze provinsje sjen litten hat. At je mei dy lju trochgeane, dan is it gewoan de tonge útstekke nei de PvdA. En at gekoanstekke jim kriterium is ha jim yn dizze pear wiken mear ferlern foar Fryslân as alle eardere CDA-politisi by elkoar.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s