Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

11 04 2015
Sûnt 1957 bestiet yn dizze wettersportprovinsje it rekreaasjeskip de Marrekrite. Dat is foar it oare net in boat, mar in schap. De Marrekrite. Gemeenten en provinsje litte de Marrekrite wurk dwaan op en om it wetter. It is yndertiid begûn mei it oanlizzen fan oanlizplakken foar boatsjes. Dat wie doe faak net mear as in pear pealtsjes op’e wâl. Letter waachst ta walbeskoeiing, steigers, peallen. Se makken tegearre mei de wettersportferienings oan it begjin fan it wettersportseisoen altyd op Himmeldei it wetter skjin. Se lieten ek stikken baggerje. Se ha no ek in soad boaten farren om de smoargenstontsjes en wc’s te leegjen. Yn it earstoan wiene it inkel de echte wettersportgemeenten dy’t meidienen, mar no bin it der al 19 meielkoar. Want ek de lânrekreaasjegemeenten ha allang ûntdutsen dat de lju mar foar ien ding nei Fryslân komme, wetter. Want sels beerenburch is al rûnom yn de wrâld te keap.
De Marrekrite, in goed funktionearjend skip. Net sa heel amtlik. Dat koe ek net at je direkteuren beneame as Jetse van der Goot en Jack van den Berg. Nea formeel, mar se kletsten der ynformeel hiel wat lisplakken troch. Sa’n lytse 4000. Geweldich. Se brûkten op it lêst ek pealtsjes dy’t fan ôffal makke wienen, en se setten der ek noch wol guon foar in pear gemeenten yn de boskjes. Nei grutte fan it wettersportgebiet en wat je dêr by dy gemeenten diene waard der nei rato betelle. De provinsje droech yn alles by. Der hat nea immen fize wurden sprutsen oer de Marrekrite. Eins die de Marrekrite al fyftich jier it wurk dat no wat grutter útfierd wurdt yn it Fryske Marreplan, dat no hast klear is. Ek geweldich, mar dat wie gewoan in ekstra stik ynfestearing fan provinsje en gemeenten om de wettersportrekreaasje noch wat mear de hân te jaan. Mar it wie net echt Marrekrite wurk, want wat foar belang hie de gemeente Weststellingwerf by de nije slûs fan Starum.
Mar dit twa frontenbelied hat fansels wol gefolgen hân. De Marrekrite hat no wat minder jild om hannen as at se wol woenen. Dat hat altyd wol sa’n bytsje sa west. Se hiene soms wol yn de holle om in rychje pealtsjes earne oan te lizzen, mar dan wie it jild der noch net, mar dan seinen se it komt wol. En de wettersporters kochten in flachje om de Marrekrite te stypjen. Mar it is no hielendal mis. De Marrrekrite moat yn de kommende jierren 900 lisplakken ynleverje. Der moat se de pealtsjes út de grûn lûke sadat der net in boat mear lizze kin. Steigers wurde der útlutsen en op de peaskebulten smiten. 900 lisplakken fuort. Dat is ferdoary in fjirde part fan wat opboud is sûnt 1957. Dat kin we dochs net gewurde litte. Alle kaarten werop mei reade puntsjes de Marrekrite lisplakken oanjûn binne, kin yn de kachel dondere worde. Der farre komende simmer allegear minsken tsjin fiven yn panyk hin en wer en roppe nei de kant “wer bin de pealtsjes, we kin net lizze”. Want safolle lju ha net mear in spit of se wite net iens dat je sa’n izeren ding ek yn de grûn stekke kinne. De striid elke freedtejûn om in moai Marrekrite lisplak foar it hiele wykein te krijen wurdt wer spannend, in kwart plakken minder. Ja, no dy komme wol wer werom seit direkteur Touwen no, mar dat leau ik net. Oerheden bin oerstom, mar it kin net sa wêze dat se no 900 lisplakken fuortdonderje om dy nei 2020 wer oan te lizzen. Sa dom bin oerheden….. no, je witte it mar noait.
It liket my mear in drigemint fan de Marrekrite om te soargjen dat nei it Friese Merenprojekt dochs noch wer wat ekstra jild beskikber komt om de efterstân yn ûnderhâld goed te meitsjen. En ja hear, in dei letter stie de opstân al yn de media en wurdt elts wer wekker. Nije wike lizze provinsje en gemeenten ekstra en genôch jild op it kleed foar dit goed belied wer’t ommers net ien op tsjin is. Se wiene it inkel efkes fergetten.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s