Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

15 04 2015
Stel jo bin projektûntwikkelder. Fansels, dat is wat in frjemd berop. Je bin earst nammentlik hiel wat oars. Slachtersfeint, behangplakker, fakkefuller, ynternetmeiwurker, no ja, soks sawat. Mar ynienen sis je: ik bin prokjektûntwikkelder. Je hoege dêr neat foar leard te hawwen. Je hoege der ek net iens safolle foar te kinnen. Je bin inkel in handich handelsmantsje, sa soe’k it neame. Je keapje wat en je ferkeapje it wer. Of je ynfesteare yn plannen fan de oerheid, want dêr falt it measte wei te heljen. Mar stel je komme út de wâlden, en je koene eartiids in kastke wat je kocht hienen foar in tientsje wer foar 100 gûne ferkeapje, dan bin je no miskien wol projektûntwikkelder.
In projektûntwikelder lêst rêstich earst de krante. Dan sjoch je bygelyks dat oerheden of partikulieren of stiftings sykje nei oplossings foar soms grutte gebouen. De sûnenssoarch smyt in hiel soad fan dy dingen oan de kant. Ek nijboude plysjeburo’s bin leech en dus populêr. Op de side dêrnjonken yn de krante stiet dat Nederlân dwaande sil om folle mear asylsikers ûnder dak te bringen. No dan is de rekkensom al makke. Bingo.
Jo stjoere earst noch wat wapens nei Syrie en Irak en sa, nei Jemen, nei Mali, it spul moat wat oan de gong bliuwe dêrre. Dan keapje jo mei twa oaren wat grutte hast ûnferkeapbere gebouen op. Net in mins kin der wat mei, jo ha se foar in prikje. De lju dy’t dy gebouen hiene, falle je hast om de hals dat jo sa goed binne it gebou te keapjen foar in fjirde fan de wearde. Dy weardedaling is foar it oare yn 2008 feroarsake troch de kollega-projektûntwikkelders yn Amerika.
Jo keapje sa’n gebou fia de bank. Dy banken ha in soad jild omt se neat mear útliene oan gewoane minsken, en gjin bonussen mear oan de direkteur jaan meie. Se hannelje wol mei projektûntwikkelders. Se bin nammentlik freon fan de grutte bedragen. En dy projektûntwikkelders dy jouwe miskien ek noch wolris wat wei. Dus mei freon bank en twa oaren keapje jo in stik as wat fan dy faak hiel âlde gebouen.
Dan komt it wichtigste. Jo moatte der foar soargje dat it COA, it sintraal orgaan opfang asylsikers, wol wit dat jo sa’n gebou te keap ha, mar oaren net. Want it moaie is fansels dat it COA folle mear sinten hat as gewoane keapers en ek minder easken. Dat komt dan wer omt de oerheid yn Europeesk ferbân soargje moat dat de asylsikers har waskje kinne. Dus foar dat jo sein hat hoefolle at it grutte gebou kostet, hat it COA al twa kear safolle bearn. En jo fraachpriis wie al it dûbele fan de keappriis.
Eins moat de keap sluten wêze foardat de minsken yn’e gaten ha dat der sis mar 500 asylsikers komme. Dus gjin buordsjes yn’e tún, dit gebou is te keap. Net der yn omrinne by deiljocht, en dan kin je ek dy COA man wat sinten jaan foar it jûnswurk. Je moatte in bytsje meilydsum sjen, dat jo de asylsikers o sa tagedien binne, dat jo troffen wurde troch de bylden fan al dy lju dy’t besykje yn wrakke boatsjes oer de Middellânske see nei Italië te kommen. Dat kin we Italie dochs net oandwaan, we moat helpe. Dy man fan it COA begjint mei te skriemen en de akte wurdt tekene. Dêrnei ferdwine jo. Want dan moatte in knoffelige wethâlder en de stereotype foarljochter by it COA har fierder mar mei it publyk rêdde.
In projektûntwikkelder is immen út de wâlden, dy’t in kastke wat er foar in tientsje kocht, foar hûndert gûne wer ferkocht hat, en dy’t út meilijen mei de meiminsk grou jild fertsjinnet.
O, noch even. Dy projektûntwikkelders moat net wat yn Hearrenfean keapje. Dat hat gjin inkel doel, dêr ferlieze se op. Der swije se noch lûder as yn Marrelân. En dêr sizze sels de riedsleden al nee, dan hoege de lju dat net mear te dwaan. Nee, tsjin Hajé, hie wol moai west, hienen dy lju ek noch ite kinnen, en nee tsjin keale grûn. Yn de idioate ferûnderstelling dat at de provinsje tasjocht op jo jild, dat je dan in oar yn de wrâld net hoege te helpen. Dan bin dy projektûntwikkelders noch better.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s