Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

22 04 2015

De ramp mei de KH18 is noch net te oersjen. KH18? Ja kulturele haadstêd 2018. Ramp? Ramp! Teminsten dat sei de Ljouwerter Krante en dy ha der op trochstudeard. Sterker, dy mochten wol mei dy lju fan KH18 prate, mar harren net siteare. Mar dêrom is it artikel noch net minder wier hear, it is in needgjalp om help. In soad sifers. Mar at je se optelle en ôflûke blykt dat it finansieel net goed komt. No witte se dat yn de boppewrâld hiel goed hear, je koenen it al oankommen sjen. At by it yn elkoar fytsen fan in kolleezje fan de provinsje bygelyks de measte partijen al sizze: no, we moat earst wol efkes goed sjen wat it allegear opsmite sil, miskien moat it ek allegear wol wat minder, dan wit je it wol. Watte? It smyt hielendal neat op. We kwakke 75 miljoen yn de Potmarge en we moat mar ôfwachtsje at euro’s ek driuwe kinne.
Mar dat hindert neat, dêr ha we sels foar keazen. Mar dy kar waard bepaald troch ûnder oaren gemeenten en sponsoren. Dy seine: no we tinke wol dat it bêst aardich wêze kin en dan bin we aanst miskien ek bêst ree om der ris oer te praten at we ek wat oan elkoar ha kinne. En dan skreau de stifting op: we ha wer safolle miljoen binnen. Dat is net hielendal sa. At je dan witte dat no al moanliks in 50.000 euro útjûn wurdt oan salarissen fan dy stifting, dan wit jim wol wat der oan’e hân is. Direkteur Ton van Dijk mei dan sizze dat net se net útjouwe wat der net is, je sille dochs fan tefoaren ynfesteare moatte om saken fan de grûn te krijen. Dat is yn elke ûndernimming sa en dit is in baas ûndernimming. Mar at der 1 maart 2016 nog gjin 90 persint fan de ferwachte 73 miljoen is, dus noch gjin 66 miljoen, dan gean guon ûndernimmingen net troch. Dat fine we allegear noch net iens sa slim, want Sietse Pruiksma dy’t al spyljend de skriezen wer tus bringt troch hiel Europa, we witte net echt wat we dêr oan ha sille. Want en ik bin benijd at dy stifting dat ek wyt, yn Fryslân wurdt hiel oars tocht oer kulturele haadstêd as dat de stifting docht.
Ik ha mei in hiel soad kulturele minsken praat de ôfrûne wiken. Dy ha allegear skitterjende ideeen, foar útfierings en evenminten foar en troch Friezen. Mar dy sitte net yn dy 73 miljoen, stean net yn it hillige bidbook. Se meie bêst organiseare wurde, mar net van dy 73 miljoen. Dat bringt, no sis ik it fersichtich in hiel soad teloarstelling. Wy helje de skouders op at der in Frysk gedichtsje yn de ierpelsek nei Malta giet. Mar dat gedichtsje is al betelle. En dan is der dus gjin jild mear foar allerhande moaie nije saken yn 2018. No ja, dan kin dy fonteinen wol efkes út. Ik sjarzeer, om oan te jaan dat der in kleau is tusken dat bidbook, de plande aktiviteiten en wat in hiel soad oare minsken wol graach dwaan wolle soene yn it ramt fan KH18.
En ferjit net, deputearre Jannewietske de Vries is oer in pear wike fuort. Fandêr fansels dy needkreet fan de KH18 stifting. It ûnferbreklik optimisme en driuwingskrêft fan de deputearre spilet net mear. Sterker, soene se Jannewietske der no útsmiten ha om dernei ek drastysk de sinten wer yn it eigen tsjerkeponkje te dwaan? De stifting KH18 is him deaskrokken, oars hienen se de needkreet net yn de Ljouwerter Krante pleatst.
No soene je sizze: we ha dochs wat ús altyd rêdt: it Frysk? Ja we ha it Frysk. Mar at je dan bygelyks witte dat de begrutting fan de provinsje Fryslân yn it Frysk fertaald is. 16.000 eur. Dat mar 19 minsken dêrom frege ha. Dat de provinsje dus 840 euro de man betellet foar in Fryske begrutting. Dat dy 19 FNP-ers dy inkel mar há wolle, want hokker idioat lêst no in begrutting? De nederlânske wurdt net iens nei frege. Sa lang at dizze provinsje sok jild folslein oerstallich yn de feart dondert, dan docht bliken, dat je net goed witte hoe’t de kultuer yn Fryslân yn elkoar sit.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s