Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

25 04 2015

Wat bin we eins foar lân hjirre? Njoggen dagen lang stride twa partijen om trochgean te kinnen as regearing, wylst se haffelje moatte oer in stik weryn se diametraal, moai wurd he, diametraal tsjin oer elkoar stean. Dan komme se der út. Se feije har it swit fan de foarholle. Spannend, ommers it hiele lân stie foar de doar triljend fan de senuwen, watte hymjend te wachtsjen, ferklaaid as sjoernalisten. En wat bart der dan at se der dochs noch útkomme? We sabelje se del. Mei ús allen. Der doocht hielendal neat fan. De opposysje en de media fjochtsje skouder oan skouder om dat beslút sa gau mooglik op’e dwinger te krijen. At je de foarstanders fan eat net oan it wurd komme litte, wurdt it ferkeard oerbrocht by de lju. Ek de seleksje fan wa at je kieze en hoe’t je de ynterfjoes dogge is al bepalend. En wat besielt ús dan eins om alles wat der yn‘e wrâld op it kleed komt ôf te dwaan as nonsens. Watte, as himeltergjende nonsens. Wat besielt ús?

Oan de oare kant, it is fansels ek wol logysk dat sa’n jonge as Jos van der Horst op de negatieve trommel slecht. Hy is wethâlder fan Smellingerlân, sis mar Drachten. En hy is SP-er. Saffolle wethâlders hat de SP noch net. En yn it griffemearde Drachten is dat ek noch wol in unikum. Mar no moat Jos him manifesteare. Moat sjen en hearre litte oan syn trawanten dat hy der foar stiet wat der yn it partijprogramma stiet. Der ha se hielendal gjin belang by akkoarden, dan snei je as SP-er ûnder. En we moat Jos van der Horst ien ding neijaan, dy wol net ûndersneie. Sterker, dy slacht wolris troch it lint. Dus dy ropt no: at Halbe Zijlstra my myn útprosedearde asylsikers út de hannen skuord en nei Ter Apel deporteard, dan fecht ik my dea om se hjir yn myn gemeentlike ûnderkommens hâlde te kinnen. En at Halbe der dan de plysje byhellet, at dy terminsten net mear oan it staken en aksje fieren is, dan betelje ik de boete sels wol. Ik sjoch him al flamkjend stean, at hy dizze wurden útsprekt. Jeetje, te deale, wat in man.

Mar Jos van der Horst betellet dy boete net. Dy moat al safolle fan syn salaris ôfdrage om syn partij yn stân te hâlden, dat hy draagt dy boete oer oan de skathâlder fan Drachten, sis mar Smellingerlân. Want útprosedearde asylsikers waskje dat is ommers ús belied fan ús allen. O ja? Ha wy der allegear oer meiprate kinnen? Ik leau it net. Want Samsom en ZIjlstra bin der noch mar krekt út. Wy ha der net oer diskusieard, It kompromisfoarstel wie ús ommers net bekind. Sterker, ik tink dat Van Bekkum, de boargemaster fan Drachten, sis mar Smellingerlân ek noch neat wist. Mar wa jout Jos van der Horst dan it rjocht om Smellingerlânsk jild út te jaan foar boetes werfan hy net iens, sterker sels Halbe Zijlstra noch net wit hoe heech at dy wêze sille. Want Jos, der bin nammentlik yn dit Nederlân ek wethâlders en boargemasters dy’t har earst mar efkes de bek hâlde. En miskien bliuw se dat ek wol dwaan. Dan dogge se stiekem dat goede wurk wol. Boppedat Jos, komst wolris op in jierdei en hearst dan wolris de lju praten nei in stik as wat borrels. No dan bin se echt net ree en betelje foar wat se dan dyn soarch neame.

Merkbite jim it wol? Ik doch dus it selde. Ik hear Jos en brek him fuort wer oan de grûn ta ôf. Ik soe nammentlik ek sizze kinnen: jonge, Jos, wat geweldich. Dasto sa op dyn stânpunt stean bliuwst. Dat Smellingerlân sa de soarch foar dy earme minsken útfiere sil, geweldich. Mar dan moat ik tagelyk ek sizze: Halbe en Diederik, jongens fan Fryske komôf, geweldich dien, we bin grutsk op jim. En o sa lokkich dat jim noch ferbûn binne, oars hie Nederlân baas wurden yn Europa, sûnder regearing. Mar dat kin Jos wer neat skele, neat mei te krijen.
Sa sit elkenien yn syn eigen hokje. En dan mar blaffe. Wat besielt ús eins?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s