Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

29 04 2015
It is foar ús mienskip mar kloaterich dat de kening syn jierdei fierd op syn eigen jierdei. Nee, hy hoecht dat ek net op syn mem har jierdei te dwaan, want dat is yn jannewaris. Dan kin we neat ferkeapje op de frijmerk, want dy leit ûnder de snie. Koekehappen kostet de toskedokters tefolle wurk dat net yn it sikefûnspakket opnaam is. Aubades sjonge mei in beferzen bek wol ek net. En ús boargemasters stean op de finish by de alvestêddetocht, ha neat oars oan tiid.
Likegoed fierde de kening syn mem har jierdei wol op hár mem har jierdei. Dat beppe it wer net die op de dei dat oerbeppe har jierdei hie, is noch altyd tige ûnnoazel. Dat wie ommers op 31 augustus. Noch altyd ha guon Oranjeferienings doarpsmerke en keatsen ein augustus. Moai waar, moai sjonge, moai sûpe. En de dútsers, de oarspronkelike eigners fan ús keningshûs, springe mei yn it feest. Mar nee, beppe sei: it wurdt 30 april. Mem hâlde dat oan, se wie ommers yn jannewaris ek altyd oan it skien yn Lech. Se mikte WIllem Alexander hast út op dy 30ste april, dat wie ommers in fêststeande tradysjonele dei wurden. Dat slagge krekt net, mar no is mem noch mar krekt efter de skouduorren ferdwûn, of de kening docht it trije dagen foar de ús noch altyd sa libjende kenninginnedei.
Hie’t sa litten. Dat hie ek noch foar hân dat er it moandei fiere kinnen hie mei bern en frou yn eigen kring en dat er dan moarn efkes yn Dordrecht sjoen hie. Mei Arno in kopke kofje drinke of sa. En wy hienen der allegear moai om hinne stean kinnen te âljen. Mar nee. Wat ha we no, moandei wie’t keningsdei. Oare moarn is it pas 1 maaie. Oars wie der dei op dei feest. De iene helte fan de befolking hie de iene dei frij om oranjekoeke te fretten en oranjebitter te sûpen. It oare part hie de oare deis feest mei tomatesop en reade bieten. En de winkels wienen gewoan beide dagen iepen. Dat wie dudlik. En omt der op 1 maaie yn de rest fan de wrâld en fanút de tradysje net inkel de arbeiders yn it spier kamen, mar foaral ek de legers, wie’t wol moai dat der by ús wat dagen sieten tusken 1 maaie en 4/5 maaie.
Mar no, mei keningsdei op de 27ste, no reitsje we yn de betizing mei al dy hjeldagen. Wannear nim je no frij. Want dat is nedich. Sûnt de Kryst ha we inkel noch de wike fakânsje op wintersport hân. Ja , en de foarjiersfakânsje, goed freed en peaskemoandei. Mear net. Dus je bin nedich al wer oan wat ûntspanning ta. De baas hat ommers inkel mar âldehoer ferhalen oer 1 july. Dan skyn je o sa maklik ûntslein wurde te kinnen. Mar de measten bazen ûntslagge no al minsken, it is nammentlik no noch sa yngewikkeld dat Asscher der neat tsjin betinke kin. Hy griemt sa om dat we net iens tiid krije lulk te wurden. Dus eins moat we dêrom in fûst omheech stekke op 1 maaie. Mar dat sit no sa raar yn de romte tusken kenings- en befrijingsdei. Nim je dan wer in frije dei? Of litte we it oer oan de âldsjes om de ynternasjonale te sjongen, en sjogge we inkel in twa menuten duorjend nijsitemke op tillefyzje en bin we dan wer tefreden. 1 maaie ferdwynt yn de leegte tusken oranje en frijheid. Dat bin ús útgongspunten ommers. We stekke de flagge nije wike tiisdei wer út, mei in lintsje want it is de 70ste befrijingsdei. Mar we dogge wer itselde as op de keningsdei hear. We hingje wat om, reizgje nei de grutte plakken en dêr is musyk en dêr bin terassen. Neat mis mei, mar eins is it gewoan dizze dagen sa’t we se hjir simmers hieltyd yn Fryslân ha. Frijwilligers organiseare wat, it is gesellich en de kroechbazen bin wer binnen.
No ja lit mar. Ik merk it inkel mar efkes op. Dat komt omt de lju yn poltyk en mienskip ditsoarte dagen neat dogge. Dus is der ek neat oars om oer te âldehoeren.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s