Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

02 05 2015

Alle media yn Fryslân sjitte skromelik tekoart. Ja der stiet wolris in lyts artikeltsje yn de kranten dat der noch al in soad predeart wurdt yn de Fryske greiden. Mar dat is krantetaal, dat ferstean we net iens, lit stean dat lju it lêze. Nearne fyn je dat der in folsleine fersleinens is op en om dy fjilden en greiden. It is yn en yn tryst. Alles giet fuort. En we witte net werom. Wa docht dit. En hoe. Ik jouw ta, it is ek eigen leed, mar dat is net oars. Ik neisoargje yn in net sa grutte krite. Tsien ljippenêsten, twa skries. Mar alles wat der yn lei is fuort. En je sjoch gjin doppen. De aaien bin ek net út. Je sjogge neat. Buorman neisoarger hie 17 nêsten. Alles fuort. Mar wy net allinnich. Wat we wol út de berjochten en ferhalen begrepen ha, is dat der noch al wat mear plakken yn Fryslân presies itselde bart. Sterker, sels yn de begjintiid by de earste ljippeaaien wie it ek al sa. Doe tochten we noch dat fanatyke Nico de Haan haters it fjild yngienen om dochs in pear ljipaaikes by mem op it dressoir te setten, mar dat skynt net sa te wêzen. Se ha der ek al kamera’s ynsmiten. Mar derop sjoch je hazzen. No dy meie gjin aaien ite, dêr wurde se besmetlik siik fan. En rotten, dy sjoch je ek, mar rotten bin net grut genoch om de aaien ien foar ien op te heljen en yn harren hoaltsje te bringen.
Wat is dat dan. It kin ommers sa net langer. Greiden reitsje leech. Skriezen gean nei it waad om njonken de strânljip harren aaien del te skiten. Ljippen gean nei Ruslân. Dat komt hielendal net goed, dy Russen frette de ljippen noch gauer as dat se aaien ha.
Wêr komt dit no fan. Der binnen allerhande suggestjes. Dressearde mokken. Je sjogge se optheden yn grutte ploegen op nij skuord lân sitten. It skynt dat se dan in pear nei de aaien stjoere en dat de oaren dan de ljippen dwaande hâlde. Mar it kin ek murden wêzen, dy’t har oplieding yn Australie hân ha. Dy ha in kangoeroesekje krigen. Want in murd is lui, luier as in rôt, dy rint hielendal net hin en wer, aai foar aai. Dus yn de kangoeroesek en dan yn ien kear mei de brut nei it nêst ta. Oare rovers yn it lân bin de wezelinkjes en de hermelijnen. Mar dy ha wer te lytse sekjes om knoarren aaien yn te stopjen. Boppedat ha dy wezelinkjes genôch oan de rotten, dy bin folle smaakliker as in heal bebrette ljip.
Mar ik tink dat it dat allegear net is. Ja, hjir en dêr sil wolris in murd of in kob der op batse, mar dy helje net hiel Fryslân massaal leech fan skrieze en ljipaaien. Ek de tsjirk docht ek mei yn it ferlies. De neisoargers sette al net iens mear stokjes, want dan kin se dy aaien makliker fine. De neisoargers komme ek net yn’e buert fan de aaien dy’t se fine, want dat rûke dy bisten.
Mar jonges, wat is der sûnt ferline maitiid bart. Ja presies. De mûzen. Nee, dy mûzen komme net oan de aaien. Mar dy ha de hiele winter yn de grûn in geweldige slach levere mei de boeren. Dy smieten der wetter en jarre yn en skuorden letter de greiden ek noch. Dus dat wie efkes oppassen. Mar der wiene safolle mûzen, dy ha se net ferballe. Dy begjinne aanst wer te joetsen en hupsee dan bin der sa wer in pear miljoen.
Mar dy rôffugels, de roeken, de hoarnskrobbers, de houken, de mûzebiters, de wikels; se giene swier fan de opfretten mûzen de hjerst yn. Mar sieten fanne winter op de skobberdeboink. Dy ha yn de winter in leger foarme en dy helje alles leech. Want sei de lieder mûzebiter yn harren gearkomste: fal rêstich oan. Want de natoerbeskermers yn Fryslân sitte no noch spul te meitsjen oer de foks, want dat is fansels de grutte aairover, op harren greide dei. Wa mei wol sjitte en wa net. En wannear. Der komme se dus net út.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s