Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

09 05 2015
Ik begreep ynearsten net werom at it berjocht dat der in man oanhâlden wie by de swarte piete demonstraasje, hoe lang soe dat no al wer lyn wêze, sa breed útmetten waard. Dy man hie doe Fuck de koning roppen. Wêrom krige dat berjocht sa’n soad oandacht fannewike. Oke, ik kin my ek net begripe wêrom at immen dy’t oppakt wurdt by de swarte piete demonstraasje fuck de koning ropt. Wat hat dat foar doel. Fuck Sinterklaas hie noch wat west, want dy hat swarte piet no al ieuwen misbrûkt en yn swiere sniebuien oer de gledde dakpannen jage. Mar earlik, Willem Alexander hat neat mei swarte piet te krijen. Maxima ek net. Yn dy tiid is Dieuwertje Blok keninginne fan Nederlân.
Mar it blykte fannewike dat elk dat fan dy man dy’t fuck de koning roppen hie, graach fertelle woe oan de wrâld, want dan koene je sizze dat it om dy fuck de koning roppende man gie. Hear jim, dan siz je as ferslachjouwer of as presintator net fuck de koaning, nee je sizze dat ien fuck de kening sei en dat soks neffens it iepenbier ministearje net mei want dat it de kening misledigjen is, majesteitsschennis. Mar at je dus inkel oer dy man prate as de fuck de kening man dan bin je net dwaande de kening te misledigjen, mar dan kin je it lekker wol sizze. Eins wurde wy as lêzers en harkers misledige, omt se dit sa wichtich meitsje ynienen.
Boppedat mislediging, majesteitsschennis? At der no aanst, bygelyks nei oanlieding fan dit praatsje, immen foar my stean giet en en ropt fan fuck you, bin ik dan misledige? Want ik fyn nammentlik at fuck de koning majesteitschnennis is, dan is fuck you lokschennis. Mar ik wurd hielendal net skeindt. Ik anderje gewoan fuck you. Of: leaver net mei dy, idioat. Wy misledigje elkoar nammentlik yn normaal Nederlânsk en dus ek Frysk spraakgebrûk hieltyd mear. Hee kloat, sjoch út. Idioat, net op it iis komme. Hee olfert, bline, mei dyn spastyske bewegings. Koppe keale. No ja, de list is eineleas lang. Wy geane allegear troch it libben as kloaterige idioaten. Omdat no ienris at je sizze fan: achte ûnderdiel fan de mienskip, it liket my dat it tige nuodlik is om te besykjen de drukferheging op dit iis út te fieren mei jo rjochtertean, ik bin benaud dat jo der dan troch sakje sille; ja dan is dy man al trije kear fersopen. Mislediging is fersnelling. Akseptearde fersnelling.
Mar ja, twa dagen nei dat gefal fan fuck de koaning, jim heare, ik brûk dat ek graach, is de huldiging fan FC Grins. Allegear heel moai gien. Inkel doe’t de âld Ajax spiler Johan Kappelhof tasongen wurde moast, giene de Grins supporters op en del en rôpen: wie niet springt is een jood. Kappelhof swaeide likegoed mei de beker, mar sprong net. It wie neffens it iepenbier ministearje gjin mislediging. O. Wat in teloarstelling foar de Grinzer lju want sa wie’t wol bedoeld. Mislediging fan de oare ploegen. Ik kom noch wolris by Hearrenfean en dan springe dy idioaten, gjin mislediging, ek op en del ûnder it sjongen fan wie niet springt is voor Cambuur. Ik gean nearne, en seker net by fuotbaljen, springen as in idioat, dus neffens har bin ik dan voor Cambuur. En mei my noch 24.000 Hearrenfeansupporters yn it stadion. Ik kin my foarstelle dat guon fan dy 24.000 dat wol in mislediging fine. Mar dat fynt it iepenbier ministearje dus net. Dat mei rêstich roppen wurde. Sa’t de fuotbalsupporters folle en folle mear meie as wy, of fuck de koning roppende demonstranten, yn it daagliks libben. At de plysjes stake dan giet de wedstriid Feijenoord Vitesse net troch. Watte, it hiele plan fan de lêste wedstriden tagelyk spylje giet nei de bliksem. Mar Aboutaleb doart de wedstriid net spylje te litten, en dan ha dy fuotbalsupporters dus dochs wûn. En net de plysje.
De plysje dy’t in man oppakt by de swarte piete demonstraasje dy’t fuck de koning ropt. Dy wurdt earst oanklage en twa dagen letter wer net. Omdat elkenien him der mei bemuoide. Of miskien wie’t wol in fuotbalsupporter. No ja, wy meie de nije karnavalshit foar febrewaris no al skriuwe. Fuck de koning. Earme kening.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s