Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

16 05 2015

Ik wit wol, ik soe’t no ha moatte oer de meast wichtige saken yn it libben. Lykas hoe komt it mei de eutanasy yn Nederlân, at blykt dat de iene rjochter noch al wat mienskipliker is as de oare. Ik soe it ha moatte mei jim oer hoe’t we Amsterdam fertelle moatte dat it deameitsjen fan kriminelen net slim is. Dan bliuwt it dê teminsten. Ik soe it mei jim ha moatte oer de stakingen op de boaten nei de eilannen. Oer de oarlogen rûnom. En fansels oer it nije kolleezjeprogramma, want at dêr dan yn stiet dat natoergrûn wer lanbougrûn wurde moat, en dat wylst Jehannes Kramer it yn hannen hat, no brek my de bek net iepen. Mar jim moat my mar net kwea ôf nimme. Ik bin dizze dagen altyd yn de Lemmer. Lemmer Ahoy, aken en skûtsjes. Moaie dagen. Nei it silen rin je dan de Lemmer yn. En dan kom je fansels by de brêge. Dêr sitte allerhande Lemsters en dy fertelle je alles wol, wêr’t we it sakrekt oer hienen. In unyk hoekje.
We moat efkes de skiednis yn. Yn Fryslân stiene rûnom leugenbanken. Der bin noch in pear. Hylpen hat de moaiste, mar dêr bin jim ek it gauste wer út, je fersteane der gjin bliksem fan. Tokke bries, aalde. Jim komme dêr trouwens ek net yn, je wurde der gewoan as bûtensteander bûten sjoen. In leugenbank is foar de eigen minsken. By in boer sieten je yn’e bûtenpleats op it bankje tsjinoer de kij. Fiskers en skippers ha gjin kij, dan sit je dus by de haven. De leugenbank is stadich ferdwûn yn Fryslân. We nimme hast gjin tiid mear om efkes te praten of te seuren.
Yn Lemmer sil eartiids sûnder mis ek in leugenbank west ha. Letter stiene se dêr altyd yn de lijte fan it lêste hûske op’e pier, want by de fjoertoer wiene jonges en famkes oan it gobjen. Mar dy lijte wie mar foar in pear. Doe’t letter der bedriuwen kamen, stiene se yn dêr yn de lijte. Ik sjoch noch, 1965, dat de skûtsjeskippers der stiene, de hiele middei preuvelen se der tsjinoan, sile of net sile. De jûns om sân oere sei Siete Meeter ynienen: ik syl. Se sprongen allegear op de skippen en starten sûnder dat der noch in kommisje wie. Dy kaam pas om se wer ôf te sjitten. Der kin praat je hinne liede.
Mar de âld Sudersee rekke wat fuort. En de wille wie by de drokke brêge by it gemeentehûs, altyd in soad o heden. Dêr giene se sitten. No ja, earst stiene se, en skûlen by de brêgewachter yn it hokje at it reinde. Mar dêr koenen se net allegear yn. Letter ha se allegear bankjes krigen, moaie rûne bankjes, dan kin je rûnom prate. No ja , ik neam it altyd lekker seure, net ien docht ea wat goeds. Drok hoekje op de Lemmer, ryk ferskaat oan lju. Guon stutsen sa no en dan de fûst omheech nei it gemeentehûs, at de polityk it bilije moast, mar dat is no fuort en de fûst omheech nei de Jouwer wurdt net sjoen. Aldehoerpraat, mar je witte fuort hoe’t elk tinkt. Je leare der wol fan. Fantastysk. Gesellich. It hat alles. Moarns stean se njonken my op de pier by de skûtsjes en dan seure se oer it Lemster skûtsje, middeis skou ik by harren oan, dan seure se op my.
En no hat ien of oare technokraat fan de nije gemeente útfûn dat hiele plein wurdt dochs oars en no kin der wol wat bankjes wei. No ja in pear dan noch, mar dan wol rjochte bankjes. Mar dat wolle de Lemsters net. Se komme oan ús hoekje. Dat at je as Lemster mienskip gebrûk meitsje fan sa’n plakje mei wat in ynslach nei eartiids, dat der dan net in idioat komme moat dy’t seit dat it allegear oars en minder moat. Dan ha je gjin inkel gefoel foar de mienskip fan de Lemsters. Seure tsjin elkoar ferbynt it alderbêste. We ha juster mei syn allen efkes raasd nei de Jouwer: jim bliuw fan ús bankjes of. Sil wol neat jaan. Fryslân hat net iens in deputearre foar mienskipsgefoel beneamd.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s