Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

27 05 2015

Doe’t de Philipsfabriek yn 1950 yn Drachten kaam, waard Drachten yn in pear jier sa mar trije, fjouwer kear sa grut as it wie. En al dy minsken woenen wolris kultuer snuve, mar pûlen út de sealtsjes fan hotel Phoenix, hotel Vreewyk, boppe de Coöp, of it âlde VVV gebou, dêr siet ek noch in poadiumke yn. Der moast wat barre. En yn 1955 al, waard in stifting oprjochte. En yn 1960 wie de Lawei der al. Wy wennen der skean tsjinoer en wy, lytse jonkjes, fûnen it doe daliks al in massaal gebou, it hâlde de sinne út ús âlde skoalle. De Lawei is yntusken al wer fjouwer kear grutter wurden. Yn 1966 kaam der al in boppeseal yn de tradysje fan de Phoenix, en in foyer by. Yn 1972 klaaikeamers en in oefenseal foar de Noorder Compagnie, in nij noardelik beropsselskip, de woartel foar sokke lju as Rutger Hauer. Tagelyk doe in musykskoalle en in lange eksposysjegong. It knalde derút, yn 1986 waard in nije grutte seal boud, dat wie yn hannen fan arsjitekt Abe Bonnema, dan wit je it wol, de Lawei wie dermei ien de grutste teaters fan it lân wurden. No ja, en sneon waard de nijste fersy fan it gehiel ôflevere, alles oanpast oan de nije tiid.
En dochs, it moaie oan de Lawei wie dat it nea in high crowd gebou waard foar de elite. De Lawei is fan elkenien. Dat kaam fansels omt Roel Oostra al frij gau direkteur waard. Roel kaam fan de Frysk krite, kaam fan de Spinnekop en wie in skoansoan fan de bakker, in gewoane jonge út it Drachtster fermidden. De Noorder Compagnie ûntstie dêr dus, mar bleau der. Tryater wie der altyd. Mar Roel helle ek hiel Nederlân nei Drachten. Us heit wie gek fan kabaret en alle kearen at Toon Hermans, Wim Kan of Wim Sonneveld en letter ek Rients Gratama kamen siet hy yn de seal. In folle seal. Mar der wie ek wolris inkel de twa foarste rigen beset at Drachten net wist wat der op it toniel stie. Koart sein, it koste jild om de hiele Nederlânske en Fryske kultuer nei Drachten te heljen. En al hoe moai ús heit it ek fûn, hy siet der wol oer yn dat de mienskip jierliks in miljoen byskoue moast, mar oars koe’t allegear net. En letter koe de gemeente Smellingerlân it ek allegear net mear byfytse. En hoewol de Lawei foar elkenien wie, moasten je foar in jûn André van Duin 60 gûne betelje, nee 120 gûne, want de frou gie ek mei fansels. Dan hiene je noch net iens kofje fan Nico hân. Mar noch altyd moat der jild by en rekkenje mar dat de gemeente no flink skoue moatten hat doe’t de Lawei yn ûnstjoer rekke mei de oannimmer, en it wurk wat ek noch lang lizzen bleau oars moast. In kwak jild. Tsjin de fiif miljoen. Likegoed wie der sneon in feestlike stimming doe’t de safolste ferbouing fan de Lawei wer klear wie, elk kaam der op ôf. En elk felisitearde de direksje en de gemeente.
Mar moat in grutte gemeente jild jaan om te soargjen dat ik nei Youp fan’t Hek kin. Want ik ha deselde kronkel as ús heit, en Youp wol net nei it doarpshûs fan Heeg, dus ik moat nei Drachten. Tritich euro de man/frou. No, dan kin ík dêr noch hinne, mar in hiel soad minsken kin dy eigen bydrage ek net betelje. We ha de boekjes wer troch de bus krigen, fan de Harmonie, Teater Snits, Posthûs en Lawei. En de lytskes, sokken as Frentsjer, begjinne ek mei te dwaan. Dy gemeenten kin dat allegear net mear betelje. Roppe dat se grutter wurde moat, of dat de omlizzende gemeenten mar meibetelje moatte oan datsoarte foarsjenningen. Dy’t úteinlik inkel wurkje foar de midden en hegere groepen yn ús mienskip. Dy’t likegoed fan ûntstellend grut belang wêze kinne soenen foar de ferhûdûke minsk yn ús mienskip. Mar it is in fraach dy’t net nedich is. It is gewoan in erfskip. De Lawei is der delset yn 1960, dan kin je him no net fourtsmite. Dus sit je der ivich oan fêst dat je jierrenlang noch as gemeente derfoar betelje. En kin ik nei Youp

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s