Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

06 06 2015

Wy Friezen binne tefreden oer ús eigen provinsje. Dêrmei soene je in kollum begjinne kinne en daliks ek wer einigje. Moai sa. En dan bin je útluld. Mar ik ha oan de oare kant binnen in pear tellen al dy positieve lju samar op de kast oer wat allegear net doocht yn dizze provinsje. Dan bin se ynienen net mear tefreden. Ooh de toetsen kriebelje my al ûnder de hannen wei, sil ‘k jim efkes fertelle wat foar kloaterige rotprov…… Ho Lok. Dizkear net.

Wy Friezen binne tefreden, watte, binne ek nochal grutsk op ús eigen provinsje. De simmer is amper in pear dagen dwaande dan sjogge wy it ljocht al wer. Mar ik bin ûntefreden oer dat de lju yn Seelân en Drinte noch tefredener en grutsker op harren provinsje binne as de Friezen. Net allinnich dat it wer de bûtengewesten binne. Limburg en Grins heare der ek by. No Limburgers meie nea wer grutsk op harren provinsje wêze salang at se dêr allegear fan dy lytse Blatterkes omrinnen ha en Grinzers kin fansels ek net sa grutsk mear wêze op harren fersakke spultsje. Mar wy heare wol by de suertsjes Seelân en Drinte. Net taffallich de plakken wer’t de measte toeristen delstrike, al skynt Amsterdam der ek in flinke soai fan te krijen. Mar je hearre net tefreden te wêzen inkel oer de seis fakânsjewykjes yn it jier dat it risseltaat hat, it giet om alles.

Wy Friezen binne grutsk op it Frysk. Sa grutsk dat we it net prate wolle en net skriuwe en lêze kinne. Mar inkel dat der noch in pear lju meie omgrieme en prutse, sadat den Haach tinkt dat we hjir neat betters te dwaan  ha, fine we foldwaande. It stiet ús te priizgjen dat we dêr tefreden mei binne. Yn oare Europeeske lannen binne de lytse talen folle wreder, wurdt der folle hurder oan lutsen, is der folle mear begryp foar fan wat se dan hegere organen neame en wurdt der dus ek mear mei dien. Mar wy binne no al tefreden, ja sels grutsk. Ek al stean we net op it brûken fan de taal. Inkel at wy stride om Europeesk fuotbal dan sjonge we grutsk dat wy it bêste lân fan ierde binne, no da’s toch machtich.

Wy Friezen bin grutsk op ús kultuer. No is kultuer in rom begryp. Guon tinke dat it inkel mar keunsten en keunstjes binne, oaren wolle it sjen as ús hiele hâlden en dragen fan de befolking. Mar beide kriteria bringe ús nei it einstasjon kulturele haadstêd fan Europa. Dus beneame we no op allerhande kulturele posten bûtenlanders, sadat ús hâlden en dragen yn elk gefal ferburgen bliuwt foar de lju dy’t it útfiere moatte. Want dy sjogge net fierder as Oerol. Foarearst beheine we ús noch ta flaamsk pratende Belgen, dy ferstean we ommers noch krekt. Mar it is noch net de ein, we krije mear selsbetrouen fan ús grutskens en tefredenens, dus der komme aanst ek Kroaten, Denen en Azaberjanen hjir hinne. Haadstêd is dochs haadstêd. En dat wurdsje haad makket ús grutsk genôch, dat ha we dochs mar oprêdden.

Wy Friezen binne grutsk op ús natoer. Ja, dat kin wol besjen lije, mar no krekt Friezen ha dy wonderlike beskiedenheid om dêr net grutsk oer te praten. Watte, net iens te sjen dat it hjir moaier is as yn de rest fan de wrâld. Oars hienen we wol boppe Selân en Drinte stien. Heare jim ea wolris in Fries sizzen moat jim ris sjen hoe moai at it hjir is. Heechút in kear yn  andert op sok praat fan oaren,  sa fan ach ja, it liket hjir net sa raar. En wy priizgje ús boeren dat se it allegeaer sa moai makke ha, wy priizgje Fryske Gea, Staatsbos, wetterskip en al dy oaren. Mar tagelyk sette de boeren alle kij op stâl , en seit ús provinsiaal bestjoer no al wer dat der net tefolle natoer komme moat. Wy fergasse de guozzen, wylst rûnom út de wrâld lju mei fiersjoggers nei Fryslân komme om nei de fjildenfol guozzen te sjen.

Wy Friezen bin Friezen. Wy bin net oerdwealsk. Dat is ek mar lokkich. Oars soenen we de wierheid geweld oandwaan.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s