Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

03 05 2015

Keatse is in frij stom spultsje. Jo slane fan de iene kant fan it fjild de bal op dan stiet der oan de oare kant fan it fjild in oaren en dy huft him sa fier mooglik fuort. En wa’t dat baltsje it fierste slacht, dy krijt in krâns omhong. Heu heu. Likegoed fine de lju it allegear moai en gesellich. Niks mis mei. En foar dat publyk wol de keatser dus dat baltsje wol sa fier mooglik slaan en derfoar ha je ark nedich. No ja, gjin ark mar in want, in mofke. Oars dogge de hantsjes sear. Mar dat mofke moat goed sitte en ek noch fier slaan kinne. Yn de 80-er jierren fan de foarige ieu hie Tsjisse Wallendal der in stik izer yn ferflochten, hy wûn de PC. Dêrfoar sil der ek wol wat mei omknoeit wêze, wist dat bestoer fan it keatsbûn folle, dy seagen noait nei in want. Nei Tsjisse wol. Mar dat kaam ek omt der net safolle mear lju wienen dy’t in mofke meitsje woenen of koenen.

Mar dat wie inkel wat gegrommel. No is it oarloch. Ferline wike stie der in ferhaal yn de Ljouwerter krante wat it ûnbegryp allinne mar grutter makke. Da’s  foar it oare net de skuld fan de sjoernalist, want dy hie wol seis siden nedich hân om alles folslein te ferwurdzjen. Dan besykje ik it net iens, want trije menuten is dus fierstentekoart. Jim heare dus net hoe’t it kaam is, mar hoe’t it der no foar stiet. Cornelis Terpstra, ien fan de bettere keatsers fan de lêste tsien jier hat gjin want. Dat wol sizze, hy hie wol oan in want komme kinnen, mar dan hie hy dy bestelle moaten by de trije troch it keatsbûn legimiteerde mofkemakkers. Tuskentroch: wêrom ha je mar trije lju dy’t tastien binne in keatswant te meitsjen. Myn toskedokter seit dochs ek net do meist inkel dy toskeboarstel fan hupppeldepup ha. En soe Blatter eartiids bepaalt ha wêr’t de bal makke is wer’t Mulier of Bolswardia mei fuotbalje? Skûtsjeskippers meie harren seil by wa dan ek meitsje litte, inkel dy seilmakkers dy moatte har oan in pear regleminten hâlde. Dat kin je dochs ek de mofkemakkers yn it keatsen oplizze. Dus Cornelis Terpstra makke in want, dy’t oan de regleminten foldie. Mar dy want kin no al it keatsmuseum yn. Da’s in unyk ding, it foldocht oan alle regleminten mar je mei der net mei keatse, omt dy net makke is troch de KNKB oanwiisde makkers.

No is Cornelis Terpstra in Nederlander en at Nederlanders  har sin net krije, gean se nei de rjochter. Mar doe skrok hy, want de rjochter seach inkel nei de formeel opstelde rigeltsjes en sei: Cornelis mei wol meidwaan, mar hy moat syn want túslitte en hy moat mar in echten bestelle by Reinder Triemstra. Dizze âld keatser stjoerde Terpstra lykwols fuort. De oare twa mofkemakkers ek, mar dy meitsje foar it oare gjin wanten foar haadklassers.  Mar se wiene allegear wat lulkich, want Terpstra hie mei it sizzen fan dat hy de alderbêste want makke hie foar himsels, en it sizzen dat Triemstra twa soarten makket en foar syn haadklassesoan de âlderbêste makket, harren útmakke foar kloaten. En wantemakkers wolle net kloat wêze. Dus ien fan de betere haadklassekeatsers stiet no oan de kant by it haadklassekeatsen.

Sju no bin’k al hielendal op’e rin mei it ferhaal. Jim begripe der hielendal neat mear fan. Ik ek net. Kin je neigean wat der lêsten barde doe’t de EO in radio reportaazje hie oer dizze saak, dêr hat werklik nimmen wat fan begrepen. No ja, dat it dêr yn Fryslân mar in nuver folkje is, wêrfan tocht wurdt dat  se elkoar sneons en snein fleurich sportyf bestride mei in baltsje en in wantsje, mar dy’t no inkel dwaande binne om oarloch te fieren.

Oarloch. De KNKB  docht krekt as is der net safolle oan de hân. Yn de gedachte dat se no gâns omtinken fan de media krije, want dy komme inkel ôf op spul en net op spultsjes. Dat moat foar it oare sa lang mooglik duorje, want oars is der te min om it keatsen foldwaande oantreklik te meitsjen foar dy media. Mar dat hie’k al útlein.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s