Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

01 07 2015

It swit rint jim al ta de noastergatten út. De simmer hat eindelik syn yntrede dien, de maitiid is al fergetten want dy ha we net iens hân. Sels de fûgels ha we net krigen, dus ha we de skries mar beneamd ta Vogel des Vaderlands. No ja, at je sokke titels jouwe wit je dat je sok guod nea wer sjen sille. De kening fan de greide is ferwurden ta in aardich spultsje Fryslân promotion. Dêr hoecht dizze simmer net iens folle mear oan taheake te wurden. We kin ús fernuverje hoefolle saken, eveneminten, as der organiseard wurde yn Fryslân. De fryske befolking wurdt hartstikkene gek fan it oeral mar hinne moatten, je ha net iens mear oan tiid om te wurkjen. Wy fan Omrop Fryslân kin net iens fakânsje ha, we moat oeral, oeral ferslach fan dwaan. wy moat alles folgje. Elk skûtsje dat troch de wyn giet, elke bal dy’t op it keatsfjild slein wurdt, elke sprong dy’t de fierljepper makket komt yn byld. Oer twa jier meitsje dy Grinzers der in ein oan, mar no kin it lekker noch. En dan ha’k it noch net iens oer al dy oare eveneminten, fan doarpsfeesten oant ielrikjen. Sjoch mar wat der kommend wykein allegear bard, alderûnhuerst. Mar at wy programma’s meitsje, moat it organiseart wurde én der moat al wat minsken op ôf komme. Dan moat je konkureare. Sju, we bin hjir yn Fryslân ek nochal Pieter Wening en Liuwe Westra geil, dus we wolle tuskentroch ek noch hiele middeis nei in kopgroep sjen dy’t op de ein wer ynhelle wurdt, en dêrnei  falle se allegear oer elkoar hinne en wat’t de minste bonken brekt wurdt winner fan de tour de france. De TT hat dit wykein al oanjûn wat in drokte kommend wykein op de Nederlânske diken te sjen wêze sil fan al dy lju dy’t efkes tweintich sekonden hurdfytsers foarby gean sjen wolle.

At de plysjes dat tastean fansels. Justerjûn ha’k efkes mei in Fryske plysje praat. Dy giet net nei Utrecht, fierstentedrok om dêr te kommen ju. Hy sei, fan’t simmer krije we yn Fryslân foldwaande gelegenheid om op de trommel teslaan. Dy van der Steur kin dan net oars dwaan as sizze we sille jim wat mear jild jaan, want oars krijt er hiel Fryslân oer him hinne. Ik soe noch fersichtich sizze dat soks Van der Steur neat skele kin, mar hy lulde al troch.

‘Sjoch op de PC sille we om tolve oere de saak stillizze. Alle keatsers moat dan harren want ynleverje. Dy sille we kontroleare. Dat wol sizze dat we him earst wege, dan hielendal út elkoar skuorre, sjogge wat der yn sit, alles mjitte en dan soademiterje we dy rommel allegear yn in koer. Dy jouwe we dan oan Riender Triemstra en dan moat dy mar sjen at er foar fiven de saak wer yn elkoar naait hat. Sa net, dan hat Cornelis Terpstra de PC wûn.

Yn Winsum by it Frysk kampioenskip fierljeppen sil de djipte fan de feart metten wurde. Net de dei fantefoaren, nee dat dogge we krekt foar de finale. Want at de de boaijum net op 2.50 sit mei der net mear ljept wurde. Dat is wierskynlik sa, dat betsjut dat der dan earst in baggerskio komme moat. We sille dat op alle fierljepplakken dwaan, dus dy 17 meter fan Maaike van der Wal giet wol wer út de boeken, ek Drylts is te ûndjip.

Elke wedstriid fan it skûtsjesilen sil in pear skippen oanhâlden  wurde troch seis speedboaten fan ús. Op dy skippen sil  ûndersocht wurde at de skipper wol in faarbewiis A hat. Telle at der ek mear as tolve man oan board sitte. Bin der wol swimfesten oan board foar elkenien. At der wol in medesynkiste is. Kinne froulju wol pisje. En fansels alkoholkontrole, no dan kin ik no al sizze dat dy skippers de hiele 14 dagen net mear sile meie. Dus dan bin der op it lêst gjin mear oer.

Sa gean we de hiele simmer troch. Hynders, ielen, elektryskje boatsjelju, wat der ek net omdavert yn Fryslân, we kontroleare. Sels de auto fan Omrop Fryslân, elke dei wer, dan bin der gjin útstjoerings mear’

O sei’k , dan oer jim aksjes ek net.

Doe wie’t efkes stil. It sil allegear wol net trochgean.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s