Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

08 07 2015

Aegon en Achmea grieme hjir aanst yn  Ljouwert  yn ien gebou om. De grize giet je oer de grouwe. Ljouwert hat him yndertiid ûnder boargemaster te Loo alderferskiklikst útrekt om Aegon te krijen. Ljouwert hat doe letterlik opbiede moaten tsjin Grins en Drachten. Ljouwert hat it wûn mar wie minimaal tsien jier eins fallyt. No en hoe seit de fersekering no tankewol. Presies, se litte Ljouwert mei in leech gebou sitte en al de minsken moat no tenei de Achmeaaegontoer sizze. Dat wurdt in gebou mei noch in pear hoekjes mei lju dy’t har dwaande hâlde mei de woekerpoalissen, want miskien kin der dochs mear jild fan oerbliuwe as at wy allegear tinke, en dan kin dat moai nei de bazen. En fierder twa hele grutte kompjoeters, dêr hoege amper mear minsken by.

In sielich proses, ik tink dat te Loo sa no en dan efkes flokt. Hjoeddeiske boargemaster Crone kin dat net dwaan, hie’t dus fannewike op radio 1 monter oer gearwurking, neffens him ek yn de fersekeringswrâld o sa wichtich. Ja dat moat je as mienskipsboargemaster wol sizze fansels, mar kompjoeters hoege net gear te wurkjen. At je net by de iene fersekere binne, dan by de oare, je kin ús binnen in heale sekonde fan de iene yn de oare kompjoeter krije. Fansels Crone hat gelyk, at der gearwurke wurde kin moat je dat dwaan. Hy hie’t ek oer de molkfabryken, mar at de gearwurking as útkomst hat krekt as by de Friesland Campina, dat je der lju útdonderje moatte, lit dy gearwurking dan mar.

Ik tink dat de ING yn net al te lange tiid ek yn dy toer moat. ING docht it optheden o sa goed hjir sizze se. Der moat fansels wol minsken út, mar hjir wer minder as by oare ING’s en net safolle as at we earst tochten. Wit jim wer wêrom; der is in nij Frysk talint ûntdutsen. Wy bin o sa goed oan ferkearde kant fan de klantetillefoans. Ik lis út. Klanteservice tillefoans, of hoe’t se dat ek mar neame, der belje je hinne at je swierrichheden ha. Earst belje je it nûmer, dan krij je troch dat der noch 5687 lju foar je wachtsje . At je der dan nei trije kertier troch binne dan is der in leafe famkesstim dy’t freget: wa bin jo. Wer wenje jo. Wat is jo bertedatum. Wat is jo ledenûmer. Wat is jo sofi nûmer. Ik sjoch no efkes nei oft dat wol kloppet. Nei wer in kertier: ja hear, it kloppet alhiel. Wat kin ik foar jo dwaan. Jo lizze it probleem út en dan seit dat stimke : ik kin jo probleem net oplosse, en ik tink iek  net dat ien dat hjir kin. Dat is spitich sizze jo dan en wolle de tillefoan al del lizze, mar dan  seit se hurd: mar daliks komt der noch ien en dy freget oft ik jo op de goede wize ynformeard ha. En dêrnei krij jo ek noch in formulierke tastjoerd en der kin je dat ek op ynfulle, mei ik jo mailadres wol efkes.

Nee. Ik skrik fan myn hurde toan, mar ik moat folhâlde, ik wol dat net. Ik tink oan al dy froulju dy’t my tidens it skriuwen fan kollems skille ha mei: we wolle jo graach wat ferkeapje. Nee. Mar wolle jo dan noch wol efkes fertelle dat ik it jo leaf frege ha. Nee.  Nee. Nee.

Mar wit jim no wêrom at dy Fryske famkes op dat hegere fuotstik kaam binne. No sju wy Friezen bin altyd aardich tsjin elkoar. En we kinne elkoar. Dus dan hear je sa’n famkesstimme en och heden dat is Jeltsje fan Sipkessjoukje. Och heden, by de ING. Fansels leave, we bliuwe wol efkes hingjen en fertelle de hiele wrâld dat der gjin better mins bestiet oan de tillefoan as do. Ja wis, we beanderje dat mailtsje ek noch wol efkes. Utslach fan  it ûndersyk: Fryske famkes bin wol tsien kear better as oaren. Sa krij we Fryslân op de troan.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s