Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

15 07 2015

Midden yn septimber komt der in man oan de doar fan  it gemeentehûs yn Frentsjeteradiel. Ien en al útstrieling fan in snelle ûndernimmer en VVDer. Hy wol dan daliks ek efkes mei de boargemaster prate. Sokken sjoch gjin wethâlder stean. Hy seit , ja ik ha foar de fakânsje hjir ek al west, in goed petear mei dy man hân, dat woe’k eins wol ôfmeitsje. We wolle hjir sa’n tsien miljoen ynfesteare sju. It spyt de boade wol, mar it kin net. Watte, is de boargemaster der net, hoe hjit er ek al wer, Veenstra of sa wat.. Jawol, mar it is no in oaren. Van Mourik. No, dat hie’k net lêzen dat jim in oaren krigen, ik miende sels dat dy fan jim wer herbeneamd wurde soe. Mar goed, dan in nijen dus, dan moat ik dus mei him prate. Van Mourik seinen jo. No ja, mar dat jout jo neat, want dizze is der mar efkes. Waarnimmer foar in pear wike. In pear wike? Ja dizze moat fiele hoe’t it yn Frentsjeteradiel is. Hy komt fan Menameradiel, sju. En der sit jim boargemaster no. Nee, dy sit yn it Bildt. Wat is dat foar gedoch? No ja oer in jier as wat krije wy dy oare gemeenten derby, sa prate se nammentlik yn Frentsjeteradiel, en no moatte se fiele hoe’t yn in oare gemeente is. Mar wurde se dan oer in pear jier allegear boargemaster fan dy gemeente, dy’t wol Westergo neamd wurde sil? No nee, dy fan ús is de jongste, dy sil it wol wurde, en dan kin dy oare beide wol mei pensioen, dy krije ek noch wat jild fan Ljouwert, dêr ha se wethâlder west. Dus om te fielen hoe’t it is mei pensioen te gean  bin je efkes in pear wike boargemaster fan Frentsjeteradiel. Ik leau myn ynfestearinkje moat mar earne oars.

Midden yn septimber komt de tsjinstauto fan de gemeente Littenseradiel foarriden by it provinsjehûs. Boargemaster Liemburg stapt út en rint mei grutte stappen yn de rjochting fan de keamer fan kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Se is âld deputeare en hat dus gjin paske nedich, en dat is mar lokkich, want se is goed nidich, dat kin je sjen. Je kinne efkes letter troch it hiele provinsjehûs de lûden hearre at se Jorritsma ferteld dat ek de doarpen Winsum Baaium, Spannum en Wjelsryp nei dy nije gemeente Westergo gean sille. En dus wol ik ek fiele hoe’t it yn in oare gemeente is . At dy manlju dat fiele meie, wol ik dat ek fiele. En ik kin it bêste nei Frentsjeteradiel, dêr ha se de PC en dat wol ik ek wol fiele, ek al hat dy al west, mar dan kin je teminsten fiele yn wat foar sfear ús Frysk kampioenskip fierljeppen fan Winsum telânne komt. Dat wol ik ek fiele.

Midden yn septimber begrypt de kommissaris ynienen dat hy faalt hat. Hoe moat hy dit wer goedprate en goedmeitsje. Hy skillet  mei de waarnimmend boargemaster fan it Bildt dy’t no yn Menameradiel sit. Gerrit Krol is moai âld, dy wol miskien wol ferskoue. dan hat Liemburg ek in plakje. Mar Krol is net te berikken. Dy is yn oerlis mei FNP en Gemeentebelangen. Dy fine, omt hun partijen dat yn Ljouwerteradiel ek ha, dat se spul ha mei har eigen boargemaster. Mar hokker boargemaster dan, der is ynienen in oare boargemaster, ha se dêr no ek spul mei? Begryplik dat Gerrit Krol no mei Willem Roersma oan de holle, it te drok hat om in petear oer waarnimmersskip te hâlden.

Midden yn septimber skillet Jorritsma mei it Bildt. Hy freget nei Veenstra dy’t dus in pear wike yn it Bildt sit. Ja, eh nee, eeh, ja, Veenstra sliept. Slaapt? Ja no ja, sju kommissaris, hjir yn it Bildt bart nea wat. Inkel Leendert Ferwerda beweegt noch, fierder net ien mear. Dus Veenstra komt hjir moarns, giet lizzen en sliept de hiele dei. Hy bekomt echt efkes fan Frentsjeteradiel sa sei er, der bin allegear idioaten dy’t har de hiele dei oeral mei bemoeie wolle. Dat is hjir net sa. Maar hij moet sfeer snuiven. Ja dat docht hy wol. Hear mar. Hy snurkt. Krol docht al jierren itselde.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s