Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

12 08 2015

Elts mei graach ris fiskje

As je krekt as ik wat by it skûtsjesilen omhingje dan komt it oare nijs mar hiel sporadysk oan. Sa no en dan hear je in flitske fan it ien of oar foarby kommen en dan tink je, no no. Of so so. Nee, dan ha’k it net oer Sjon Stellinga. At sa’n boargemaster in spultsje dwaan wol mei in in oare amtner, en sy wol dat ek wol, no prima dochs. It past ek noch wol moai yn de tradysje fan Skier, want dêr strunden de politisi altyd al yn elkoars sliepkeamers om. Ach, lit se. Bart dochs oeral. We ha hjir by  Omrop Fryslân wol ris tagelyk tsien keppeltsjes hân. No dan soargen je dat de iene moarnstsjinst hie en de oare jûnsttsjinst, klear. Dat kommissaris Jorritsma dêr sa’n hekel oan hat, dat begryp ik net. Elkenien op Skier fynt Sjon Stellinga in goeie fint. En no moat der wer in oaren komme. No ja, ik tink dat it Stellingwerf net oerkomme sil.

Mar goed, dêr soe’k it hielendal net oer ha. Ik woe’t ha oer it wetterskip Fryslân. Nee, net oer it jaan fan trije ton oan in wetterprojekt yn Mozambique. O sa goed. Wol ûnsin as je rindemint ha wolle. Ik leau nea dat wetterskip Fryslân tenei alle oare  wetterprojekten yn de wrâld opsette sil. Mar, goed dat we it dêr dogge. Inkel, der kin wol folle mear jild hinne. It wetterskip sil nammentlik in ûndersyk dwaan de kommende twa moanne op 16 ferskillende Fryske wetters. Se sille in ûndersyk dwaan nei de fiskstân. Ja, dat hat leau’k wat mei te krijen dat se sa’n fisk dan mjitte  en wege en dan witte se ynienen hoe smoarch it wetter is, of sa. En at der tefolle foarntsjes yn it wetter sitte dan wurdt it gau te drok en blabzich, mar at der in snoek yn dy foarn omfret, dan is it klear. Sa sawat.

Mar je moat dus fisk fange. Jim ha wolris fiske? Een langdurig  onderzoek, stiet it parseberjocht. Ja, foardat je dy snoek fong ha. Mar dat sil al moatte, oars wit je net at it wetter wol goed is. Der sitte simmers tûzenen lju yn it Fryske wetter te fiskjen. Op guon plakken ha se wol elke dei snoekfiske sûnder ea in snoek tsjin te kommen. Hoe sil dykgraaf van Erkelens dy snoek no wol boppe wtter helje. En as him dat, ek nei langdurich fiskjen, net slagget dan wurdt it wetter dus ôfdien as te blabzich, wylst efter de reidkraach trije snoeken harsels op’e knibbels slaan fan it laitsjen. En hieltiid mei de sturt tsjin Van Erkelens syn dobberke slaan. Wurdt der al ien fan dy lakers ophelle , dan wurdt de kondysje fan dy fisk besjoen. Ik ha in hekel oan fiskjen, mar faak in fisk yn’e hannen hân. Hoe kin je no sjen  hoe’t de kondysje fan dy fisk is. He Nemo, druk dy sels efkes tsien kear op’ e finnen om heech. Ja, Nemo tinkt nim foar my in oaren,  dach en hy springt werom yn it wetter. Of jo wege sa’n fisk. Wat seit dat gewicht oer de tastân fan it wetter. Ha je krekt sa’n weight watch froutsjefisk fong en dan tink je dat der gjin fretten yn sit, wylst der ek allegear fan dy Fryske skoalbernfisken omswimme.  No dy fine har patatsje dêr echt wol.

It echte doel fan it wetterskip is de fiskstân yn Fryslân te ferbetterjen. Diverse stuwen en sluizen worden verbeterd zodat er vismigratie kan plaatsvinden. Inkel yn augustus en septimber stiet dêr dan wer in buordsje by, bliuw dêr mar, oars bring jim ús ûndersyk yn de war.  Wêrom moat ús fiskstân ferbettere wurde. At der gjin fisk wie dan waard der net streupt, no dat giet massaal troch tsjintwurdich. En der komme ek noch hûnderten Grinzers te fiskjen. Wat se fange houe se op’e fiskekop mei in hammerke en de flaue fisk dogge se yn plastik sekken. Wa‘t de dikste fong hat krijt it measte bier. At je de fiskstân ferbetterje wolle moat je it fiskjen ferbiede. En sels ek net mear ûndersyksfiskje. Dat jild kin dan moai nei Mozambique.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s