Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

19  08 2015

Glêsfezelskoallen

De scholen zijn weer begonnen. Kletswiet hongen de grutte spandoeken moandei  al wer yn de strjitten. Moai at it sa reint as moandei dat de bern wer nei skoalle kinne, mar witte se wol hokker skoalle. Moat je no ynienen nei dy oare skoalle, wêrfan heit altyd sei dat de bern net doogden. Of moat je ien of twa doarpen fierderop. Bin je alhiel fan´t hynder, net tusken de middei mear in kopke sop en in stikje bôlle by mem, mar je sitte yn de hast lege klasse mei wat oare bûtenbêrn yn de molke om te griemen. Op de foarside fan de Ljouwerter moandei in goed oersicht. Leafst 17 legere skoallen minder. Mar it ferfolch sprekt my net oan. Dat ferfolch is der nammentlik net. It bart en we kin it net keare. Sa´n hâlding ha we. Der is efter de skerms hiel bot praten en seurd oer dat dit barde en oer wat der allegear noch mear barre sil. Mar wat ik mis is in heldere opstap fan de skoallen, âlders, politisi, ûndernimmers en eventueel bern mei elkoar yn Fryslân. Us generaasje wit alles fan de soargen fan de plysje dy’t begjinne mei it eigen ynkommen, alles oer fuotballer Van der Laan dy’t in retourke Ljouwert hie.  De kleur fan de ûnderbroek fan frou van der Vaart is ús folslein dudlik. We witte dat komkommerlân Griekenlân it finansieel dreech hat. Mar we witte neat fan it underwiis. We moatte dochs mei syn allen yn aksje komme. DIT KIN SA NET TROCHGEAN.

Seker yn Fryslân net. Dêr, wêr’t de ôfstannen grutter binne as earne oars. De letterlike ôfstannen. De geastlike sil noch blike moatte. Dat sil op guon plakken ek noch wol ris skodzje, at de kristlike en iepenbiere skoalle tegearre gien binne. Mar hjir en der bin ek oare oplossings keazen. En dat jout oan dat benammen de letterlike ôfstannen telt wurde moatte. Net inkel de ûnderlinge ôfstannen tusken de 419 plakjes yn Fryslân. Ja, dat is ek desatreus, seker at je mar in pear hûndert skoallen oerhâlde. Dat sil, hoefolle jild Blok der ek yn struit, noch mear krimp betsjutte. Guon doarpen bin dan troch de wike leech fan bêrn. Dat fielt net noflik. Dat betsjut dat it dreech is foar bêrn dy’t hieltyd hin en wer reizgje moatte yn in provinsje wer’t de busferfierder him mear mei SC Hearrenfean  bemoeit as mei it ferfier.

Mar it slimst is at de bêrn út midden en súden dy’t no noch fakânsje ha, fanwege de rein fannewike neat oars te dwaan  hienen  as efkes troch de rúten fan de skoallen nei dy earme skoalberntsjes fan Fryslân te sjen. En dan slaan se har op de knibbeltsjes fan it laitsjen. Want dy Fryske berntsjes ha wol kompjoeterkes, mar dy dogge neat. De Fryske berntsjes binne wifi-leas sizze se at se wer tus komme. Ek at de master op de knopkes drukt, hielendal neat. Moai toch sa’n testbyld fan google.

Underwiis is hurd oan it feroarjen. En de digitale wrâld bestiet no ienris. It blykt dat bern der goed mei en fan wurkje kinne. Dus de lesmetoades feroarje hurd. Download dat mar efkes en wurkje dat mar ris ut. Downloade wol net master. Der bin al skoallen dy’t de skoalreiskes ôfskaft ha en mienskiiplik in wifi oanlizze litte, kosten tûzenden euro’s. Mar dan kin de bern teminsten meikomme. Fryslân hat keazen  foar de glêsfezel. Makket my neat ut. At je mar kieze foar foarútgong. Mar it is dus prioriteit om te soargjen dat de glêsfezel yn elk gefal yn alle skoallen komt. Dan wurdt der mei wurke. Ja it soe goed wêze at de glêsfezel ek yn de buorkerijen komt, dan kin se dêr op de minuut ôf teminsten sjen hoefolle at de molkepriis no wer yn elkoar dondere is. Mar ek  de nije boeren moat aanst minsken wêze dy’t har tusfiele op de kompjoeter en wat der mei gearhinget. Echt leau my, ik sil dat net mear rêdde; ik ha in hekel oan alle foarmen fan  dy digitale wrâld. Mar dit is net te kearen , it is der, de bern wurde der bettere minsken foar de takomst fan. Set Fryslân net wer efterstân Lis glêsfezel oan. Net aanst in kear. Moarn asjeblieft.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s