Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

09 09 2015

De lêste dûns

It is foar it oare de selde toan as justermoarn, ik ful Willem Schoorstra efkes oan. Ek al omt de minsken fan de Omrop it moai fûnen om krekt juster te fertellen dat der nije wike in dei foar it Fryske wurd wêze sil. Dat wie wol handich omt steatsiktaris Sander Dekker krekt earjuster fertelde dat Omrop Fryslân op de eigen stjoerder bliuwt, foar de Fryske taal.

Tagelyk die er trouwen it domste wat in steatsiktaris ea dwaan kin. Hy hie oant no de regionale omroppen sels prutse litten om 17 miljoen te besunigjen. No dy kamen net fierder as it wer oprjochtsjen fan de RONO. Omrop Fryslân moast dan wer mei Grins en Drinte yn it bedstee, wer’t se sa’n 35 jier lyn útklaud wiene. Sander lies it, helle de skouders op en sei terjochte: da’s in ûnnedige, net wurkbere ekstra bestjoerslaach. Dus de regionale omroppen  falle alle tretjin aanst ûnder ien baas. Eartiids wie dat de NOS. Dy hie dan ien man yn it bestjoer, dy wie kommissaris regionale saken. No wie dat de Beetstersweachster D66-er Minne Dykstra. Der hiene we noch wol safolle ellinde fan dat at hy op besite gie by in regionale omrop wie dat de Fryske, want dan wie hy wat gauer tus. Mar hy wie wol leaf, safolle lêst hienen we der no ek wer net fan. En dat is dus de dommens fan Sander Dekker, al wie dat doe noch mar in beukerke fan twa, trije jier. Mar Hilversum, alle omropbazen sitte yn Hilversum, dat is o sa’n moai ein fuort. It duorret jierren en jierren foar dat feroaringen ynfierd binnne, want Hilversum moat mar elke kear mei elkenien prate…. ooh gouden tiden foar de omrop komme wer tefoarskyn. Ja, je moat mei twa miljoen minder, Dekker syn finansiele doelstelling bliuwt gelyk, mar ach dêr rêdde se dochs wol mei.

Ommers at je dan ek noch mei in pompeblêddeflachje om rinne, dan bin je hielendal eigen baas fansels. Want yn Hilversum witte se neat fan Friezen, en at je regionale omrop dwaan wolle is dat foar Friezen, dus de omrop bepaalt sels wol hoe’t de programma’s derút sjogge. Boppedat sil se  de âld Fries Jack de Vries, no baas by it mienskiplik orgaan regionale omroppen, wol de lieding jaan, oars ha se tefolle lêst fan him at hy ferkiezingshelper fan Diederik Samsom of sa wurdt. En fansels bliuwt dy stjoerder in eigen kanaal om de Fryske taal yn de mienskip te pompen. Ljouwert, de Stelingwerven, de eilannen, it Bildt, it Marne kolleezje en fannemoarn ek dy sûre Ljouwerter Krante, wolle noch net meidwaan. Mar dan ha is der ek noch wat sindelingewurk. Dus derom juster de meidieling oer de dei fan it Fryske wurd. Feest yn de Omrop tún, de kninen dy´t deryn omhingje sille noch skrikke nije wike freed. Ienriedich stiet Fryslân dêr feest te fieren. Mei sang en dûns.

Ienriedich? Né. Want der wie ynienen deputearre Sietske Poepjes. De ferslachjower dy´t der hinne gie, hie it kolleezjeprogramma lêzen en soe efkes har opteinens registreare, mear soe´t net wêze. Mar dit provinsiaal bestjoer yt wol taarten fan Tryater op, mar rint foar har ferantwurdlikens wei as it op jild oankomt. It soe logysk wêze dat de provinsje yn it belang fan it Frysk, want dat jout Omrop Fryslân syn eigen posysje yn it kakelbonte gehiel fan regionale omroppen, der no sels wat jild yn stoppet. Mar Sietske sette daliks in streek. At Dekker de ferantwurdlikens nimt tsjinoer it Frysk (him tusken heakjes oplein  troch Rein Hoekstra en oare hege amtners, dy ha’m op in jûn efkes by it boarst hân) dan moat er dat ek sels mar betelje. It is ryksbelied. Lekker puh, wy gean op ús sintsjes sitten.

Se liet mar ien lyts iepeninkje. Se fielde it ferhaal fan Sander Dekker as in útnoeging om te dûnsjen. En sy woe wol mei Sander Dekker dûnsje. Earme steatsiktaris. Dy wurdt as in idioat oer de dûnsflier swiebere troch Sietske. Dat hy giet gau werom nei syn stille hoekje. En hy jout dat jild noait mear. Mar dat hoecht ommers ek net. Dat jild moat fan de provinsje Fryslân komme. Fryslân wol dochs hieltyd mear betsjutte foar it Frysk. Doch dêr no ek ris in kear wat mei.

De earste Fryske film ea hjitte Kar ut twa. Mar we draeie no: de lêste dûns.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s