Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

19 09 2015

Heger oplieden

De lêste tiid is der hieltyd in fersekeringsreklame foar de tillefyzje, dy’t my net noasket. Klaverblad? Oer dat alle gemene, handige en moderne wizen om mear te fertsjinjen neat foar sa’n echt âlderwetske fersekeringsmaatskippij wêze soene. Nee, dy bedoel ik net. Dêr wurdt je hiel normaal mei besoademitere, mar dat docht reklame altyd. Nee, ik bedoel it gewoan ynhâldelik. Promovendum. Verzekering voor hoger opgeleiden. Ik begryp der hielendal neat fan.

Sjoch, dat der in dating site is foar hoger opgeleiden, tja dat kin je noch begripe, je wolle mei ien op bêd ek wolris earne oars oer prate as oer de lêste ôflevering fan moeders mooiste dochter of wa kwakt sa’n nuver mooglik brouwsel op it board en wurdt dan kroand as de nije Reitze Spanninga. Dat snap je. Mar werom soene heger opliede minsken in aparte, in oare fersekering ha moatte.

En wat bin heger oplieden. Eartiids wie HBS of gymnasium genôch om ta dy doelgroep talitten te wurden. No stappe jongeren soms jierren en jierrenlang yn in opliedingssysteem. Fan VMBO ta it ein op de HBO of universiteit. Wêr ha je dan de oerstap makke fan in leger opliede ta in heger opliede. Sterker, der bin wol minsken dy’t frij gau oan it wurk gienen en dan binnen dat wurk sokke opstapkes en opstappen meitsje, dat se op in heech nivo komme. En der bin lju dy’t noait in spaan leard ha, mar yn in saak of bedriuw stapt binne en dat blike prima funskjonearende jongens en famkes te wêzen, dy’t noch al wat mear yntelliginsje ha as de troch de universiteit oplieden sukkels, dy´t harren belestingbiljet net iens ynfulle kinne. Dus wat bin heger opliede minsken, dy lju bin helendal net iens oplieden. Mar promovendum wit it blykber, want dy selekteare se en wa´t it is mei by harren in fersekering ôfslúte.

Mar hoe giet soks dan. Stel, ik doch it net, mar stel ik meld my oan op de webside fan promovendum. Moat ik dan myn oplieding opskriuwe? At ik dat no net hân ha, mar dy fersekering sprekt my wol oan, wurdt ik dan net talitten? En at ik no liich? Wurdt it kontroleard? Want wat hat it oars foar doel op’e tillefyzje om it oere te roppen fersekering voor hoger opgeleiden.

Binne hoger opgeleiden oars as gewoane minsken. Nee, de measten lju, hoe ek oplieden, bin gewoane minsken. We bin loskaam fan wat froeger wol hiel pregnant húshâldskoalle famkes en ambachtskoalle jongens wiene. Dat is, terjochte, allegear feroare. Dy draeie no gewoan mei, mei alle oaren. Skoallen bin fan mear betsjutting foar elkenien.  We selekteare minder. Dat is prima. Seleksje yn datsoarte saken is noait goed. Inkel yn topsport. Dan kwalifisear je je yn Amerika en Ruslân wol wer fan de oaren, wy litte tsjintwurdich de topsporters mei opliede. Dus werom is der in fersekering nedich foar heger opliede minsken.

Om dat se tinke dat heger opliede minsken minder fersekeringsdekking nedich ha. Dat skriuwe se ek gewoan op harren webside. Fan minsken dy´t heger oplieden binne, is it bekind dat dy minder oanspraak meitsje op de fersekering. Dat kin wêze dat je witte dat at je mei in fersekering yn de slach geane dat soks in heilleaze lange wei is, dy’t sels heger opliede minksen net gau slagget. Of sizze se no dat heger opliede minsken sa yntelligint binne dat harren minder oerkomt, sadat se gjin oanspraak op in fersekering meitsje.

Dus in legere preemje. Stiet ek op de site. Autofersekering 20pct minder, want letterlijk: “hoger opgeleiden maken gemiddeld minder schade”. No kin ik net helendal oersjen wer’t it 20 persint koarting op is. Is dat bedrach wer heger of leger as in fersekering dy’t ek wol leger opliede klanten ha wol. Dat moat jim allegear sels mar sjen. Ik bin fan ien ding wis. Heger opliede minsken ha leard dat at eat jusjes djurder is, dat it produkt dan ek jusjes better is. Dus at dizze fersekering no tinkt dat se mei in legere priis heger oplieden lju oanluke, kin it wol sa wêze dat se inkel minsken krije dy’t tinke dat se heger oplieden binne as at se binne.

Mar wis is fansels dat in mienskip dit soart ûnderskied meitsjen net aksepteare sil. Toch?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s