Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

24 09 2015

Eamelje

I have sailed with a Thamesbarge in the neigberhood of Harwich. Dat wurdt, at je aanst google/frysk yndrukke, fertaald mei: ik ha te skûtsjesilen west yn’e buert fan Snits. Ja, ik wist ek net wat je der oars fan meitsje moasten. Der is op de sosiale media tsjintwurdich te min romte om Thamesbarges wiidweidich te fergelykjen mei skûtsjes en ach no ja , dy rommel sylt allegear o sa moai.

En at ik soks no ûnsin fyn, lykas de measte nasjonale nijsmedia moandei dochs wat lêbjend hearre lieten, of ik krij der wip fan yn’e angel dat wy Friezen no tatreden binne yn de wylde sosiale media wrâld, wylst we dêr al sa moai gesellich smûk twitterden, yn elk gefal moat ik der wat oer eamelje. Carry on one’s point (eamelje) oer it Frysk. En krekt it ynstitút, watte, ús ynstitút dat googlen yn it Frysk útfûn en útfierd hat, dat hat earst in ûndersyk publiseard en deryn stiet dat de measte lju it mier oan dat ge-eamel oer it frysk ha. No dat wisten we fjirtich, fyftich jier lyn werom ek al, dus ik eamelje no, foar de kofje sels, noch mar efkes troch.

We bin yn Fryslân op dit stuit drok yn diskusje oer hoe’t it fierder moat mei it Frysk. It soe folle better eins gean moatte oer hoe’t wy as Friezen fierder omgeane mei it Frysk, mar it giet dus mear oer oaren. No moat we dy stap miskien ek wol ôfmeitsje, hear. Yndertiid ha we krekt salang wrotten dat it Frysk de twadde erkinde rykstaal fan Nederlân waard. Ja, dan moatte dy lju dêr yn Den Haach der ek foar soargje that it comes to an happy end (dat soks syn gerak krijt). En  Bearn Bilker en Klaas Dingtiid Spoelstra ha gelyk en dy wrotte mar lekker troch om soks foar inoar te krijen. Mar nim fan my oan, se krije gjin poat oan de grûn. At Klaas by minister Plasterk komt oer it Frysk en dy begjint dan oer it papiamento, oeh, than you know it well, dan wit je it wol.

Sju deputearre Sytske Poepjes kin no roppe dat it regear fanút dy troch Dingtiid opleine ferantwurdlikens soargje moat dat fanwege it Frysk Omrop Fryslân bestean bliuwe moat, dan is dat leaf, mar dat hat Jannewietske ek al 700 kear roppen. Se bewege dêr yn Den Haach net. Logysk , at de hotemetoten yn Fryslân al in orgasme krije at de kening ien kear Afsluitdijk ropt yn syn troanrede, (en dat bin dyselden dy’t rôpen dat it mar net sa hurd moat mei dy Ofslútdyk, want dat soe finansieel net kinne), dan is wol dúdlik dat it Frysk yn it lêste bûlseye (kojejaar) sit. En sitten bliuwt, wylst de bûl of de ko nei de slagter giet. En Sytske seit dan ek machteleas dat se it Fryse folk hearre wol. Dy moatte de fûst omheech stekke. No ja 100 fan de  3300 leden fan de Freonen fan Omrop Fryslân stean no foar it provinsjehûs te razen, mar Den Haach heart soks net. Den Haach is útheard op de befolking, sjoch de plysje. Machteleas. En dan is it Frysk hielendal machteleas.

At we dêr fan ôfhongen. Mar wy moatte sels mear dwaan as googeljen. Ik ek. At immen my yn it hollânsk oansprekt, antwurdzje ik daliks yn syn taal. Sa bin wy. Da’s net iens Frysk, da’s Nederlâns. Wy bin in hannelsfolk. Mar at we no it Frysk yn syn hear en fear (heather en fether)  bestean litte wolle dan moat we it prate, lêze, om my googelje, we moat der yn kommuniseare, sûnder dat in oar der lêst fan hat. En oaren bin Grinzers en Hollanders. Sterker, dy moat we derby belûke. Gesellich, fleurich meitsje. Hoe wit ik ek net krekt, mar mear diele mei elkoar, elk hat dat dochs yn syn libben wol in pear kear meimakke. No, op dy wize. Minder oer eamelje, mear frysk eamelje op ús eigen wize.

Google hoecht mar ien sintsje op ynternet te setten. We hope everybody has fun with his own language. Oftewol : ik woe wol dat elk lol hie yn it frysk. Ja, ik wit it, eameljende miereneukers, lol is net in goed Frysk wurd. Mar elk begrypt it teminsten.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s