Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

30 09 2015

Negatyf

Wethâlder Albert van der Ploeg fan Dongeradiel is in tige evenredich man. Blomryk fertelt hy altiten oer syn tinken, en de histoarje komt dan ek altyd efkes om de hoeke. Mar moandei twittere hy ynienen efkes nidich. Tsjin Omrop Fryslân. Te deale. Sjoch, it noardelik part fan de sintrale as, de 7 km tusken Dokkum en de Westerein waard nammentlik moandei iepene. Werom at se net wachtsje oant de hiele dyk iepen is, witte we ek net, dêr hie ek noch wol in moaie reportaazje oer te meitsjen west miskien. Mar goed, je kin fansels ek wille ha dat je twa menuten earder as oars yn de Westerein binne. Fan Dokkum ôf. De oare kant út wol noch net. Mar goed, feest! Sietske Poepjes, de deputearre, en Pytsje de Graaf, de oare wethâlder fan Dongeradiel iepenen it spul. Dus wie Albert van der Ploeg oanwiisd op it nijs fan Omrop Fryslân. En doe waard hy lulk. Negatyf brobbele hy. Oars hie´k er net nei sjoen, ik ha sa linkendewei safolle dyksiepeningen sjoen, dat is no wol genôch, mar omt Albert brobbele, ha´k it opsocht. Sjen. No ja, der wie in frou dy woe har hûs wol ferkeapje omt se gjin reeën mear seach, inkel mar auto’s. Se fielde har moarns tús by de kofje yn in Dútske Raststätte sitten. Likegoed wie der yn dy reportaazje ek in man al ier en betiid yn syn ienmans autootsje stapt om as earste oer de dyk te kinnen. Miskien wol omt de earste 25 auto’s in boskje blommen krigen. Mar hy woe graach yn elk gefal in pear menuten earder yn de Westerein wêze. O sa fleurich en bliid dat dy 7 kilometer dyk der no wie.

Albert van der Ploeg hat gelyk. As der dan einlik nei 35 jier âldehoeren in ferbettering komt fan de dyk út en nei it noardeasten, dan moat je net mear seure. Omrop Fryslân hie de flagge hysje moatten en tsjutte op de nije ekonomyske kânsen fan dit stik dyk, no’t je sa maklik yn de Westerein komme kinne fan Dokkum ôf. Omrop Fryslân Nijs hie mei Sietske Poepjes en Pytsje de Graaf de fleurige blommen útrikke moatten. Hoezee.

Teminsten, at se no echt negatyf west hienen. Mar se ha inkel oanjûn dat der sûnt Bonifatius der fermoarde waard al diskusje west hat at we wol fan en nei Dokkum wolle. En sûnt de 70-er jierren fan de foarige ieu ha we sitten te kliemen oer wat we de natoer oandogge at we in dyk oanlizze om it earme noardeasten fan Fryslân te ûntsluten.  Omrop Fryslân hat inkel ferteld wat der sa al oan de hân west hat en  hoe’t de lju dat no noch fiele. Mear net. De wethâlder hie dat leaver net heard Mar at je safolle histoarysk besef ha, dan moat je de jierrenlange diskusje ek noch wol witte. Der ha noch nea safolle lju yn striid west oer in dyk as krekt by sizze sintrale as. Dêr mei by de iepening dochs wol efkes oan refereard wurde? Nee seit de wethâlder, it moat gean oer de kânsen.  No, ik hie moandei in reportaazje makke oer dat dizze 24 miljoen wat dat oanbelanget yn de Waadsee dondere binnen. Kansen foar Dokkum en wat der noch efter leit? At je no in pear menuten tichter by de Westerein komme, wat foar kans ha je dan ynienen mear krigen.

Moandei hie Sietske Poepjes noch sa´n putsje. Wetsus wer iepenje yn dat nochal nijmoadrige gebou der by’t Van Hall yn Ljouwert. Wetsus hâldt him dwaande mei wetterstúdzje. Jild fan ryk en Europa streamt binnen as de Niagarawetterfal. Der swimt mar ien folk, dat bin de Friezen.

Hoewol. Ynienen, deselde dei begûnen de romtlike mannen fan de NASA ek te seuren. Der wie streamend wetter op Mars. No ja en wetter is libben.  Dus dêr moat dy jongens en famkes fan Wetsus hinne en embryonale dingen yn stoarte, en sjen wat der út komt. Libben op Mars, fanút it wetter. Se moat al werom komme kinne, want se ferboue noch gjin ierpels op Mars. Dêr komt dus in dyk hinne. Mar der ha se minder geâldehoer oer as oer de sintrale as.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s