Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

03 10 2015

Wetterholle

Tiisdeitejun wie ik efkes op de byienkomst fan de sponsorklub fan de SC Hearrenfean, de OSSH. It wie de iepeningsgearkomste fan it seizoen, wylst it seisoen allang begûn  is, mar hawar. De spilers wienen der ek, dy ha lekker iten. Mar in soad oaren hiene gjin tid foar iten. Sa drok moasten se prate oer de bestjoerlike ûnrêst by Hearrenfean. Sa drok dat âlde Klaas de Jonge sei eins moasten we as frijwilligers der mar hielendal mei ophâlde, sa sead bin ik der fan. Mar hy koe ek net ûntkinne dat der wol wat wie. De foarsitter fan de sponsors, Johan van Tuinen hie nochal wat byfoegflike nammewurden yn syn speech, mar ik koe net útmeitsje wêr´t de sponsorklub yn dy matearje stiet. Spitich, want dan sil it dêr ek wol dwers troch hinne rinne. Mar Van Tuinen hie wol de wize les foar elkenien, dat betrouen yn elkoar wichtich is en dat je mei respekt foar en mei elkoar dwaande wêze moatte.

At je fannewike it nijs folgen oer SC Hearrenfean hienen je it dreech. Woansdei fertelde OF dat se twa man fan de one tierboard, it bestjoer dus, der útsmiten hiene. Jelko van der Wiel en Wim Dijk ûntslein. Soks ferrast wat by de term bestjoer, want bin der dan noch lju boppe it bestjoer steld dy’t bestjoersleden ûntslaan kinne, sûnder kantroeren, Ja dat skynt dêr te kinnen, want der is ek noch in stiftingsbestjoer, weryn  nei âld Frysk gebrûk alve minsken sitte, elke stêd hat leau’k ien. Dy fan Ljouwert, Wiebe Wieling hie al sjoen dat der mei sa’n grutte groep net te wurkjen is, dus is dy fan Snits, Anne Hettinga, foarsitter. Dy is fan’t jier al earder der by Thialf útdondere, dus dy wol no sels ek wolris ien der út smite. Dat waarden neffens it nijs fan OF Van der Wiel en Dijk. No kin ik dy jongens tafallich, dus ik skille mei harren, mar it blykte dat sy der neat fan wisten. It wie harren sels net ferteld. Frjemd.

In dei letter fertelde OF dat de manager kommersiele saken Joost Jetten op non actief setten wie. Dat is itselde as derút donderje, mar it klinkt wat respektfoller. Benammen it personiel yn dy sektor by Hearrenfean hie op dat non aktief stellen oanstien, en dan siz ik it hiel fersichtich, mar de oerbuorlju fan it stadion koenen it hearre. Mar, en no myn betizing, dat op non actief setten wie bard troch Wim Dijk. Mar dat kin dochs net. Dy wie dochs ûntslein? Sels de Ljouwerter Krante wie yn de betizing en sette noch marris harren trije wike âlde suggestieve ferhaaltsje yn de krant. No doogde dat ek net, dus hienen se freed dan in ynterfjoe mei Jelko vd Wiel. Yn alle earlikheid, dy woe earder net, tocht dat soks yntern op te lossen wie, mar dat is it blykber net. Ynterfjoe mei de foarsitter fan Hearrenfean. Mar OF en yn n eifolging ek oaren , lykas de NOS, hiene dochs sein dat Jelko ûntslein wie. Der hie dus in ynterfjoe stean moatten mei de nije foarsitter, Anne Hettinga miskien wol

No ja, van der Wiel fertelde sa’t hy dat altyd docht oer dat it goed giet by Hearenfean, dat it spitich is dat der lju binne dy’t yn eigen belang oare dingen wolle en dat hy dat net sa aardich fynt. Respekt foar elkoar en as útgongspunt de fuotbalklub Hearrenfean. En at der dan al wat feroarje moast, lit we der ris in ûnôfhinlik ûndersyk op los litte. Miskien wit we dan allegear wat mear. Mar soks komt der net want Jelko besiket al in pear jier om mei Anne Hettinga te praten, mar dat slagget net, oftewol dy wol dat net. Want dat skynt gebrûklik te wêzen yn dizze soap, at je it ûniens mei elkoar binne dan fecht je dat út yn de media. No ja en hoe’t dy der mei omgienen ha’k jim ferteld. Chaos. Mar ja dat is it fuotbaljen ek, wat min justerjun net

Hearenfean hat sichsels nei it gedoch mei foarsitter Veenstra in wetterholle jûn. Wat er ek bard de kommende dagen, de helte fan dy holle wurdt weismiten. Mar yn elke hollehelte sit dochs ek noch ferstân?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s