Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

07 10 2015

Nije tiden?

Nije tiden bin soms better. Wat ha we it bygelyks no moai yn St Nyk net. We ha yn St Nyk  no Whats’s app. Ja dat ha we earne oars ek wol, mar se ha yn St Nyk in spesiale What’s app. In ynbrekkerwhat’s app. Dat wurket sa. At der wer ris in kear ynbrutsen wurdt yn St Nyk dan  set ien dat op de what’s app en dan rattelt op elk nachtkastje der de mobiele tillefoan. Sa’n spesiaal what’s app toantsje. Dan skrikke de St Nyksters wekker, sjogge op de tillefoan, der stiet dan op: der wurdt hjir wat stellen. Dan rize de St Nyksters fan it bêd, pakke de knuppel dy’t ûnder oan de trep stiet en se batse nei bûten. Dan sla se alles wat der op de dyk rint, rydt of fytst foar de harssus. O en wa’t de St Nyksters op in sneontejûn wolris tsjin kaam is, yn Langwar of sa, dy wit wol dat se der net sêftkes yn om houwe. Mar dit grandioaze systeem betsjut dat de St Nyksters net mear op wacht stean om de dieven tsjin te hâlden, sa’t se in tiid dien ha. Yn elk geval mei grut bombaarje oankundige, want dan wiene de ynbrekkers sowieso te benaud om noch nei S Nyk ta. De manlju fan St Nyk kinne har no rêstich deljaan njonken harren knuppeltsje. Oant de what’s app trillet. Ik ha my wol ôffrege wa’t sa’n nacht dan wat op dy app set, mar der prate se net oer. Ien of de oare perfesser hat it ûndersocht, want de what’s app wurdt oeral al brûkt en it blykt sa te wêzen dat at in plak of in buert sa’n what’s app hat, dat der dan minder stellen wurdt. No ja, de ynbrekkers moat noch al efkes attendeard wurde dat dêr sa‘n what’s app is fansels. Dat dogge se op de âlde bewende wize, dus der hingje se dan in buordsjes mei Hjir waakt What ’s app, waf. Soe no echt in ynbrekker dêr yn St Nyk fan oeral reitsje, ik wit it net. It meast wierskynlike is dat dy dieven dy’t dat earder sa ’n soad yn St Nyk diene, no yn de bak sitte. En at dy aanst werom komme, ha se allegear in mobiele tillefoan by harren wer’t se dan op de app sette dat se krekt wat stellen ha. Mar dat dogge se pas at se der yn it bosk efter de Oorsprong lizze te gnizen . En de St Nyksters houwe elkoar de harsus yn.

Nije tiden bin net altyd better. Wy kamen as mantsjes fan 15, 16 al rille gau sneintejûns yn de Gerdyk. Dûnsje, de earste leafdes. Yn de Skâns. Dy Skâns is noch in pear kear ferboud, gie mei yn wat der dêr yn de Gerdyk barde. En doe kaam ik der noch folle faker. LDO spile yn de sportseal al dy grandioaze tuswedstriden, mei de kontradunk fan Kees de Boer, ik ha’t oer kuorbal. En yn de grutte seal wie faak in foarstelling, of in debat- en foarum jûn, ik ha der faak wurke dus. Altyd gesellich, altyd professioneel, altyd klear. En de mannen fan it lûd en de kantine stienen altyd earst mei de hân en letter mei kofje klear. Gesellich. En je koene sjen wat foar betsjutting dy sealen altyd hân ha. Stampfol by de kuorbalwedstriden. De grutte seal, se ha der neffens my noait in minne jun hân. Gerdyksters en de lju út de omkriten gean net graach nei Hearrenfean of Drachten at se har op’e Gerdyk ek rêdde kinne.

En no ynienen wolle b en w fan Opsterlân net dat de saak nochris ferboud wurdt om mei te gean yn de tiid. Nee hear. Donderje de Skâns mar del, dan hat de Rabo in moai grut parkearterrein. Wy boue in MFC, de moderne namme fan in doarpshûs. Multi Funksjoneel Sintrum. Dat soe komme moatte by de Harmsma skoalle. Njoggen miljoen. Alle minsken bin tsjin, útsein it folk dat de Gerdyk grutter ha wol as at it is. De ried dus. Mar de oare lju wolle harren Skâns hâlde. Altiten it netsjese, folweardige, aardige, gesellige sintrum. Mear, it wie de siel fan de Gerdyk. Mar dat wurd kinne politisi net.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s