Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

10 10 2016

Nederlân makke him fannewike drok oer Syriers, Fryslân die dat oer Sjinezen. Da’s ek makliker, dy bin net op de flecht, sterker dy komme mei jild. Sizze se. Mar de fuotbalbestjoerders, wekker wurden fan it gedoch by de FC Den Haach hienen elkoar al warskôge, dit bin dogenieten. En dogenieten, seit de namme al, dy doge niet. Likegoed hearde foarsitter Jelko van der Wiel fan de SC Hearrenfean dat, efter syn rêch om, dochs kontakt makke waard troch de SC Hearrenfean mei dy Sjinezen. Dat diene dan wer oare dogenieten. Guon fan it bestjoer, guon fan de stifting, der siet ek ien by it personiel. Se neame dat sarkastysk de Snitser groep. Mar it wol my hielendal net oan dat at je oars binne as in gewoane fuotballeafhawwer, dat je dan ynienen Snitser binne. It is gewoan in ploechje lju dy’t wolris by elkoar om de barbecue hinne sitte, en dan skeppe se wat fleis by de bami en sizze ynienen: dy sjinezen soe dat net wat wêze. Dy biede 35 miljoen, dan bin wy der ôf, want it blykt dat wy net sa folle ferstân ha fan wat in Fryske fuotbalklub is.

Jelko van der Wiel en de oaren, dy’t dat wat better oanfiele, hearde ynienen dat der efter syn rêch konkele waard mei de Sjinezen. Hy ynformearde en wist it sa mar. Gjin loempia, mar in broadsje aap. En hy hie gelyk, want út ferskate publikaasjes hat yntusken bliken dien  dat dy fjouwer Sjinezen earst 25.000 euro ha woene en dan soe der wol fierder sjoen wurde. Ik soe sizze: sa litte sels Snitsers har dochs net besoademiterje, mar miskien ek wol. Yn elk gefal wat der dernei yn de fuotbalklub barde wie in soarte fan Chinees nijjier, de foetsoekers knalden  troch de keamers. De sjinezen wiene inkel de sprekwurdlike druppel. Foar minsken dy’t elkoar yn it paad rinne. Ynienen bin de revolúsje-snitsers in groep minsken dy’t fierder en moderner wolle, sa lês ik. Tsja, dus fierder fuort fan wat op de tribune sit. No dat sykje se ek mar ut, feit wie dat se op in gegeven stuit yn dy yngewikkelde gearstalling fan stifting/bestjoer en oaren tsjinoer elkoar kamen te stean. Spitich. De supporters en sponsors ha miskien wol wat gelyk, stap dan allegear mar op. Mar hielendal earlik is dat net. Jelko van der Wiel, Wim Dijk en Hans Vonk ha in transparant belied fierd, ticht by de minsken op de tribune, ticht by de eigen meiwurkers. En der wie net ien op dy tribune dy’t seurde oer wat it bestjoer die en hoe’t it dat die. Der waard inkel seurd oer dat it skot fan Henk Veerman der net yn gie, en dat Joey van den Berg 95 persint balferlies hat. Mar jongens, Jelko kin net better fuotbalje as dy jongens.

Wat my it measte sear docht is dat allerhande lju dy’t ik frij goed kin net mei elkoar troch ien doar kinne. Spitich. It is wol hiel slim dat Jelko van der Wiel njoggen ôfspraken hie mei stiftingsfoarsitter Anne Hettinga (ek in Snitser dy’t ek by de barbecue wie) en dat dy allegear in dei tefoaren wer ôfsein binne troch Hettinga. Dy’t ferline wike wol in koerier mei in bryf nei Jelko van der Wiel syn hûs  stjoerde weryn stiet dat hy hjoed ferskine moast yn it stadion, dan soe der oer syn al of net ûntslach stimd wurde. At Hettinga tinkt sa mei ien om te gean wêr´t hy it net mei iens is, dan begryp ik ynienen werom at hy altyd ek yn dy autobussen spul mei elkenien  hat. Mar o wonder, sels dy gearkomste, oankundige troch de koerier giet hjoed net troch.

Want sels Anne Hettinga hat no wol troch dat it sa allegear net kin. At se it trochsetten hienen, hie elk nei hûs moatten. Alle 17. En wat dan? Dan  wie it dach SC Hearrenfean west. Gean no marris mei elkoar om tafel sitten. Stiekem. En begjin dan gewoan op nij.  En fertel foaral net in wurd oan de media, want dy meitsje har eigen suggestieve dwerse ferbannen, dy bin inkel út op ôftreden fan minsken.Dan ha se wûn. En dan ha supporters, sponsors, taskôgers  meiwurkers, frijwilligers  en fuotballers ferlern. Dan ha je hielendal gjin praat mear by de barbecue.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s