Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

07 11 2015

Betrouen

Friezen ha neffens it Sintraal Buro foar de Statistiek it measte  betrouen fan alle Nederlanders yn meiminsk en maatskiplike organisaasjes. Sterker, Friezen leauwe alles fan tsjerken, plysje en oerheid. No ha se my neat frege, en oare lju bin gewoan, dus dy skreauwen tsjerken en plysjes blyn op. Dat bin je sa wend, ek al mien je der neat fan. Mar oerheid? De Fryske oerheden? Kom no jonges. Se stjoere yn Dokkum in goede bestjoerder, Sicco Boorsma, fuort om sa wat lullichs as in keapsnein. En dan bin alle opposysjepartijen ynienen o sa fertrietlik dat Boorsma fuort moat. No beneam him dan fuort wer, in wethâlder hoecht net by Rein Ferwerda te hearren. Mar dat dogge se net. Nee, earst mar wer efterkeammerkesgeâldehoer. Oerheidslju bin in steltsje sikers nei âlde ûnwierheden.

Foarbyldsje. Hearrenfean hat in djoere ûndersiker ris frege nei it sintrum fan Hearrenfean te sjen. En o wonder dy skriuwt no itselde as at de bestjoerders sels ek al har hiele libben sjoen hienen: it is net it moaiste sintrum fan de wrâld. Ja, sa sit Hearrenfean yn elkoar, sûnt de feanarbeiders dêr yn 1551 njonken de lange feart wenjen gienen. As je de buorren trochrinne fan it Boargemaster Kuperusplein oant it gemeentehûs dan ha je inkel winkels sjoen. No en. Dêr komme inkel minsken om te winkeljen seit de ûndersiker. Ja en? Wat wolle dy winkeliers oars. Dat je dêr hinkelje of sa? En der sit bêst wol libben yn it kroegestikje, der wurde oates en toates minsken troch de plysje oanhâlden, no dan moat it wol gesellich wêze, toch. Ta fergrutting fan de ramp ha de opposysjepartijen yn in sympoasium útfûn dat je ek noch lytse wettersport yn Hearrenfean ha moatte. Dat je mei je sloepke oan de kroech ta farre kinne. Ja hear, dé oplossing foar alles hjir yn Fryslân: wettersport, wetterrekreaasje, boatsjes ensafuorthinne. Betink asjeblieft ris wat oars.

Ja, ja, ja, dat sil we dwaan. We ha fannewike al de Fryske Alliansje oprjochte. Dat betsjut dat alle organisaasjes de oerheid dan fertelle sille wat der barre moat foar rekreaasje en toerisme. Hjir ha jim 2 miljoen, kom der allegear by en dan mei haffelje oer de rekreaasje. Foar de de safolste kear efter elkoar, fandêr dy âlde ûnwierheden, rjochtet Fryslân wat op yn de rekreaasje. Dan bin der allegear lju dy’t mei elkoar op in boat sitten gean en dagenlang âldehoere oer hoe’t it allegear kinne soe. Ja dat sei’k kinne, net moatte. Want de ienigste dy’t fertsjinnet is it cateringsbedriuw. Utkomst: ja we moat oar jier mar wer 2 miljoen ha om te praten want der komt te folle wetter yn de Waadsee, dat bin wer oare diminsjes. Soargje as oerheid no gewoan dat de diken nei de rekreaasje goed binne en dat je Lemmer en Starum ûntslute. Baggerje de farwegen. Meitsje fytspaden wêr’t de lju yn de doarpen fan sizze dat se dêr en dêr komme moatte en lit dat net in Stenden jonkje betinke. En rekkenje dan mar dat de ûndernimmers har eigen paad wol fine. Friese Meren wie goed, echt wurk. Mar Fryslân Markant, Beleef Fryslân, Fryslân Alliansje, no donderje dan daliks alle jild mar yn de feart.

Yn de feart nei Dachten bygelyks. We tekenje fannewike no foar it fiifde of seisde ûndersyk nei in grutte farwei nei Drachten. Alles wurdt foar de safolste kear nochris besjoen. Wêrfoar? Om 110 meter skippen nei Drachten krije te kinnen. Dat kin net mear oer Earnewâld. Mar je komme hoe dan ek oan natoer, rekreaasje en lânbou. De lju yn Drachten wite dêr neat fan en it kin har ek gjin donder skele, mar at je dy moaie natoer en salige  sylplakjes ôfpakke ha se ynienen gjin betrouen mear yn de oerheid.  Ja mar, Drachten wint dan oan ekonomyskje krêft. Nee, dy krêft is inkel bedoeld foar in pear bedriuwen. En ja dy sil der fan gedije, want dy skippers fertsjinje der net in hout oan, dy farre no noch foar in dûbeltsje de ton. Mar de manlju en  miskien ek wol froulju dy’t by dy bedriuwen wurkje, ja dy  komme dan oar jier wer wat heger op de list fan de Quote 500 miljonaireploech. No, dêr ha de measte Friezen gjin betrouen yn.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s