Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

21 11 2016

Miskien

Ik ha myn fredeskettinkje fan de 60-er jierren noch wol earne, mar ik  soe yngreven sykje moatte om it te finen. Ik ha’t nea wer om hân.  Net omt ik der net mear yn leauwde, mar omt ik in hekel oan kettinkjes en soksoarte rommel ha. Ik makke in jier lyn in dokumentêre oer Ate de Jong, de grutte man fan it Frysk Anti Faksisme Komitee yn de 60-er jierren, dêrnei oanfierder fan Tûmba, yntusken mei pensioen. Doe’t we dy dokumentêre opnamen kaam hy  ta myn ferbjustering tefoarskyn mei in blikje wat smoarfol siet mei buttons. En letter spriede hy ûntelbere posters op’e grûn út. Ferdikkke, dêr hie´k dochs ek in pear fan bewarje kinnen? Mar nee, weidondere.

Wy ha dus te min dien, we hienen de Ate de Jongs fan dizze wrâld  folgje moatten. Al hiene dy pear buttons miskien ek neat dien tsjin de oarlochshitsers leauwe en wapenhannel. Dy soargje der no foar dat wy miljoenen en miljoenen útjouwe om ús plesierkes te beskermjen tsjin lju dy’t o sa maklik dea gean wolle, omt der yn har libben dochs gjin útsicht is. En dan besteegje we oeren en oeren mediaomtinken foar in freonskiplik fuotbalwedstriidsje dat net trochgie, omt immen  skille hie dat der in bomke yn Hannover lei, wylst wy hjir snein net sjen koenen nei FVC-Emmen omt de bal net stil lizzen bleau op de middenstip en  fuortwaaide. Mar dêr ha’k net ien wer oer heard. No ja, soksoarte  geâldehoer hearre jim de hiele wike al, dêr hoech ik neat oan ta te heakjen.

Inkel Omrop Fryslân hie tongersdei in nijtsje. In groep lju yn Fryslân wol net dat de busferfierder EBS meidocht oan de oarloch foar fergunning fan it busferfier yn Súdeast Fryslan en de Waadeilannen.  Want EBS is in dochterbedriuw fan it Israelyske Egged. En dat bedriuw wurdt ynset om lju yn Israelyske delsettings yn Palestina fan en nei Israel sels te ferfieren. En no hat dy groep Friezen útfûn dat dat diskriminatoir ferfier is, want Palestijnen mei der leau’k net yn dy Egged bus sitte. Dat is yn in petysje fêstlein, ûnder fermelding fan it nasjonaal aksjeplan bedriuwslibben en minskerjochten dy’t soks ek ôfkarre soe. Ik hie noch nea fan dat aksjeplan heard. Mar tink no net dat it mar in groepke is: 1500 Friezen ha de petysje ûnderskreaun. No, dat is mear as de tsien demonstranten tsjin asylsikers dêr lêsten yn Ljouwert, al krigen dy wat mear omtinken as dizze 1500.

Dus Qbuzz, wat de hiele gunningssaak fan iepenbier ferfier yn Limburch finansieel besoademitere hat, mei wol meidwaan oan dy gunning yn Súdeast Fryslân, sels Duyvestein hat dat al goedkard, en EBS as fiere nasaat fan in Israelysk bedriuw mei net? Inkel omt dy lju út dy delsettingen dochs in kear nei Tel Aviv komme moatte en dus ferfierd wurde moatte, dat mei net? Skyt omheech, soe´k hast sizze. Ik tink dat 1200 fan dy 1500 wolris in pilske drinke, miskien dogge se dat wol at de provinsje EBS dochs bûtenspul set. Mar sil ik jim dan ris fertelle wat foar regearingen de biermaatskippijen oeral yn de wrâld oerein hâlden ha en wat dêr no en eartiids bard is. Mar jim drinke noch wol bier. As foarbyld hear, mar ik ha wol mear.

Oan de oare kant, we wienen yn septimber in pear dagen yn Paris. En waarden dêr op strjitte oates en toates oansprutsen troch lju dy´t earne in hântekening op ha woenen. Ik skoude se allegear oan de kant, woe net iens wite wêr´t it foar wie. Steur my net yn myn fakânsje. Prinsipeleas beseach ik de plakken wêr’t twa moanne letter safolle lju delsketten waarden. En miskien hie ien fan dy hântekeningejagers wol in fersyk oan it Frânske regear om bepaalde dingen te dwaan wêrtroch dat sjitten  foarkaam wêze soe. Ik sis mar wat. Miskien.

Mar miskien is in posityf wurd, weryn noch hope en mooglikheden sitte. En dat ús gewisse oansprekt. Soe it dêrom miskien net goed wêze dat al dy gemeenten dy´t no de subsydzje oan Tûmba ôfskaffe wolle, harsels ris betinke. Want se wite dochs wol dat Tûmba de ienige organisaasje yn Fryslân is dy’t ús neitinke lit oer lykberjochtiging fan minsken. Lit ús dan, mienskiplik, ris op harren miskien fierder gean.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s