Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

25 11 2016

Bloed

Ik wie sa sêd fan de ivige en altyd tsjin desimber wer opfiemjende diskusje tusken jagers en Partij voor de Dieren lju, dat ik pleatste in wat ûnfersichtige opmerking: Jagers bin griene jongens mei bloed oan de klauwen. Och heden, ik krige hiele rioelen oer my hinne. Ja en der siet fansels wol ek in flaterke yn: ik hie neffens minister Bussenmaker sizze moaten: griene jonges én famkes. Yndied hartstikkene stom, ek al ha’k noch nea in frou mei in stengun yn it fjild rinnen sjoen.  En ik hie fansels ynstee fan klauwen better hannen skriuwe kinnen, mar klauwen klinkt sa lekker bluodrich. Foar it oare ha’k ynhâldlik gelyk. Ik wol gewoan oanjaan dat dit in eineleaze en foaral sinleaze diskusje is. Blykber moat je dat elke kear útlizze.

De tússoarch foar de ljippen en skriezen wie dizze maaitiid fergeven op de hoarnsskobbers, mûzebiters en wikels, ja sels op reigers. Alle aaien en pykjes waarden opfretten. Sterker, we ha no sa’n bytsje skriezen mear oer, dat de skries koe samar ta fûgel fan it lân beneamd wurde. Dan koenen we se moai allegear tagelyk lokwinskje. Dus eins soene dy aaisikers dy rôffugels wol dea dwaan wolle, mar se sizze ek daliks dat soks ek wol sûnde is, want hoarnsskrobbers bin ek moaie fûgels en dy frette teminsten al dy miljoenen mûzen op. Ik moat sizze dat we Marianne Thieme net heard ha oer it beskermjen fan de mûs tsjin de muzebiter. Mar wa bepaalt eins hoe’t ús bistenatoer der útsjocht.

Dat bin de mannen, en o ja de froulju, dy’t soargje foar it behear fan it wyld. Jagers neame harsels wyldbehearders. Dat giet sa somtiden; hee, wy ha hjir foksen sitten (fûgeltsjelju ha ek al nachtkamera’s) dy’t no fyftich jonge skriezen opfretten ha, sjit dy der ekes út. Driuwjachten troch de Fryske greiden. Ik skat dat hjir jierliks in fyftich, sechtich foksen deasketten wurde, en ik hear ek ferhalen oer jonge foksen dy’t ek alfêst dea dien wurde, want dy ha aanst ek jonge skriezen nedich om troch de tiid te kommen. De foks wurdt der net fan útroeid, want dy is wat tûker as de jager, mar de Partij voor de Dieren skriemt tsjokke triennen en hâldt folle effetiver jeijen mei de ljochtbak tsjin. En freget de wet oan te passen.  En de wetjouwer is dy kloaterich ferdielde oerheid dy’t sa no en dan ek Marianne Thieme nedich hat foar de belestingplannen en dan moat se mar wer it listje fan biskerme bisten útwreidzje. Net yn’e rekken hawwende dat at je de iene soart beskermje, dat je dan oaren dea dogge.

Sa kin ik noch oeren trochgean. Dat is de natoer. Dy natoer is sa ticht by ús minsken dat we der altyd de hân yn ha moatte. En dat is faaks in bluodrige hân, oars hâlde we it lykwicht net. Wol we dat lykwicht net, dan moat we dy hân werom lûke, mar dan ek net sangerje fan ik ha gelyk en do hast net gelyk. Wol we dat lykwicht wol hâlde, dan moat we regaad hâlde en dan moat we inkel oeral de skerpe kantsjes der wat fan ôfskraabje. Sjitte. Dan bliuwt it lyk fan it bist oer.

Der waard my ek ferwiten dat ik mei de kryst wierskylik wol in stikje wyld opfret. Ja. Want wat elk ek seit, der moat dochs wat sketten wurde. No, dan kin ik dat ite en dat bloed ta sju meitsje. Ik bedoel, ik mei ek graach muskusrôt, wetterknyn. En dy wurde mei subsydzje fan de Partij voor de Dieren troch it wetterskip oanfierd nei myn panne.  Want oars rekket Fryslân oant Drachten ta aanst oerstreamd mei Waadwetter. En dêr sitte dan seefisken yn dy’t net yn de Alde Feanen gedije. Dan moat dy fisker se dochs mar fange en dan ha’k Twadde Krystdei wat Tsjukemartonkjes op it menu.

It is allegear presies lyk oan…. wat sil’k ris dwaan. O ja. Hearrenfean krijt in azc en Ljouwert in universiteit. No, yn Nederlân wurde studinten faker oppakt as asylsikers, soargje ek foar folle mear ûnrêst en ûnfrede. Dus Ljouwert kin’m mar klear meitsje. At ik dat sis, ha’k wol gelyk, mar it is likegoed folsleine ûnsin.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s