Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

28 11 2015

Tsjuster ljocht

De gemeente Menameradiel bestiet net al te lang mear en dat is mar goed ek. Wit jim wat se dêr betocht ha? Sju, je ha optheden de diskusje hokker lampe, hokker bûtenlampe dan, kin eins wol út. Ja, dat ha duorsume lju útfûn. Dy sizze dat it ûnsin is om alle lampen dy’t we ha, ek oan te dwaan. Ik wit net werom at se der dan yndertiid delset binne. Der ha yn de doarpen jierren en jierren inkel yngreven diskusje west oer werom al of net in lantearnepeal op de hoeke fan it tsjerkhôf komme moatte soe, dus je soenen sizze we bin echt wol ta it goede ljocht kaam. Mar fansels, je meie hieltyd elke diskusje oangean, dus ek oer it al of net wer útdwaan fan dy lampen. De duorsume lju binne omearme troch de natoerlju. Dy hiene al earder sein dat ljocht de bisten en blommen ôfskrikt. Dat wie foar my ek nij, want krekt mei in ljochtbak pak je folle mear foksen as yn it tsjuster, dus bisten komme op it ljocht ôf. Miskien is dat krekt wol wer steurend foar de natoer, dus it ljocht moat út. Dat ha se op in soad plakken yn it lân al dien. Waardeloas. Want at de streken midden en oan de sydkant fan de dyk net sa dúdlik mear binne, sjoch je as automobilist neat. Bygelyks it hiele stik tusken Almere en Lelystêd is tsjuster. Dat sjoch je net, je sjoch nammentlik neat. Krekt dêr is de dyk in karrepaad en bin de streken ek noch net te sjen, seker net at it reint. Ja, dan is it wol dúdlik werom at dêr safolle ûngelokken barre. Dêr stiet oates en toates wer tsien kilometer of mear op’e remme . No ik doar net út te rekkenjen wat soks kostet. `De vertraging is meer dan een uur`. Miskien koenen we dan foar dat jild wol fyfhûndert nije fûgels oanskaffe yn ruil foar dy iene dy’t tsjin de lampe flein is. It gefolch fan it tsjustere belied is dat gemeenten no twong wurde om jild, in soad jild, út te jaan om faker de streken op de diken dúdlik del te setten.  Seker hjir op it Fryske plattelân sil dat noch wol gefolgen ha. Mar wat dogge we dêrfan ynstee? We priizgje de gemeenten want der gean  hjir en der wer mear ljochten út. Ja we ha wat mear oanrandinkjes op de lytste ljochtleaze strjitten en dykjes. We ha wat mear net goed ferljochte fytsers, dy’t no fan de dyk feegd wurde. We ha wat mear bange bern dy’t skrieme want se tinke yn maart noch dat swarte piet der wer oanstrûpen komt. En we ha in hege rekken omt dy streken hieltyd op dy dyk set wurde moatte. Mar jonges wat fantastysk dochs, we ha dochs de natoer in nij folslein tsjuster libben ynblaast. Wat moai.

Dus ek it gemeentebestjoer fan Menameradiel waard frege de ljochten út te dwaan. Dizze ried hat al tsien  jier neat mear fan him hearre litten dus se tochten dan moat it no noch mar efkes wêze. Dy ha no besluten dat se in fleantúchje nachten lang yn de loft boppe de gemeente fleane litte. Ja dat ding moat al fersichtich wêze want de fleanbasis sit yn de buert en dy mannen bin optheden tige senuweftich, dus it fleantúchje fan Menaam moat al in hiel soad ljocht oan ha. Mar ek wer net te folle, want se ha in taak. Hoe sjocht Menameradiel derút yn it tsjuster, hoe ljocht is Menameradiel noch. In fotograaf yn dat fleantúchje sil foto’s meitsje en dan sil de ried fan Menameradiel dy bestudeare. Wat it kostet? Ja ik wit net wat in fleantúchje kostet, mar it is mear as in retoerke Londen. Ach, mar oars giet it jild aanst dochs nei Westergoa dus, arree.

It is wol sinleas jild. Want je fleane boppe. Boppe lantearnen dy’t de kappe boppe op ha, want ljocht lit je nei ûnderen skine. Hoe kin je dan fanút de loft sjen hokker lampe al of net út moat. Folslein sinleaze ekskurzje. Mar it past wol. It hiele bestean fan Menameradiel is ommers ek al sinleas.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s