Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

09 12 2015

Douwe’s wierheden

Ik sit nog midden yn it boek “Er viel genoeg te beleven, stippeltsje, stippeltsje…..”  fan Douwe Keizer. Mar ik moat ik der no al oer gear. Oare minsken ha wierskynlik mear tiid om te lêzen en bin my foar. Deistich stean der yn de krante al ynstjoerde stikken fan lju dy’t Douwe Keizer op flewiel sette, dan wol op it hûske wol trochspiele wolle. It boek dan, tink ik dan mar.

Douwe Keizer is berne yn 1940, studearde, mar wie gjin dielnimmer oan de braindrain. Want op frij jonge leeftiid kaam hy al yn tsjinst by de Keamer fan Keaphannel. Earst benammen as stipe fan Bouke Olthoff, de siktaris fan de Keamer. Dat is de direkteur. Letter waard Douwe sels Keamerbaas. Dêrnei waard hy direkteur fan de Friesland Bank. Doe’t hy by de Keamer weigie siet hy yn 34 kommisjes en oare dingen. En  hy is dêr net mei ophâlden. In earste klas netwurker. Hy hat no in boek skreaun oer syn libben. In, fyn ik, tige fermakelik boek, want hy weeft sûnder kantroeren ôf mei in hiel soad minsken. Ik kin it net foar elk neigean,  want ik bin tsien jier jonger, mar de lju dy’t ik wol koe hiene ek sa mar presies sa út myn pinne komme kinnen.

Net elk is dat mei my en Douwe iens. Pieter de Groot sei sneon fijntsjes yn de Ljouwerter, dy’t hjir en dêr ek noch alris in traap krijt omt se bepale woene wat der barde, dat Douwe te min eare jout oan âld Ljouwerter boargemaster Jehannes Brandsma as it giet om de Giro nei Ljouwert ta te krijen. No wie Brandsma in keihurde wurker, mar ik leauw Douwe Keizer at hy seit dat it meast Olthof syn wurk wie. Sju, Ljouwert stie yn dy tiid stil en hat lang stil stien. De wethâlders Tiekstra en ten Brug hiene der gjin belang by , mar de groep dy’t dêrnei kaam, dêrfan bin hast alle wethâlders earne boargemaster wurden. Eygelaar, Peter den Oudsten, Bearn Bilker, Janny Vlietstra, Tom van Mourik, Marga Waanders, Arno Brok, Gerrit Krol, Roel Sluiter. Dy wiene dus foar harsels dwaande. As je no sjogge hoe’t Ljouwert de lêste jierren opbloeid is, geweldich. Sels Douwe Keizer is hjir wer werom kaam, nei in tal jierren yn Noardhollân. En Henk Deinum, Andries Ekhart, Isabel Diks en Thea Koster wurde echt nea boargemaster…..

Douwe Keizer beskriuwt in hiel soad minsken yn de netwurksektor yn Ljouwert yn de jieren 1960 oant en mei 1990. Undernimmers en politisi. Hy fertelt sa no en dan hoe’t it echt gie. Ik fertel net alles, sels mar lêze. Der wurdt him ferwiten dat hy sels fynt dat hy altyd alles  goed die. No hjir en dêr relatifeard  hy himsels wol, of skriuwt hy dat in oar him oplein hie dat hy it ferkearde dwaan moast. Mar it is toch logys dat hy himsels net yn’e ûnderbroek op strjitte set, dat doch je net. Der bin miskien wer oaren foar.

No ja net altyd mear. Want Keizer weeft wol hiel neidruklik ôf mei drs Jan Kuperus. De eardere direkteur fan de Friesland Bank. De ynstjoerde stikken skriuwe dat Keizer dat net dwaan mei, want Kuperus libbet net mear. Dus at je dea binne meie wierheden net ferteld wurde. Wylst it hawwen fan in eigen skythûs, in eigen doesj en nota bene in eigen bêd op de direksjekeamer fan de Friesland Bank, in koöperaasje, begryp it efkes, dat is wol degelik wierheid en ek skandalich. It fieren fan it 75 jierrich bestean fan de Friesland Bank mei in Joop van der Ende programma koste 20 miljoen. Gune. De hiele winst fan in jier fan  de bank. Om mar net te praten fan syn 25 jierrich houliksfeest en syn ôfskied. Miljoenen hat soks de bank kostte.

Mar foar my bliuwt Jan Kuperus altyd de hiele aardige man, dy’t yn de winter fan jannewaris 1982 moai yn syn wenskûte yn Grou my siet te fertellen oer wêrom at de alvestêdetocht net trochgie, en wat hy dêr foar gefoel by hie, omt hy no as foarsitter fan de alvestêdden wol nea ien meimeitsje soe. Dat feroaret hielendal net. Mar, en ik bin noch mar op de helte fan it boek, der is my wol in soad mear dúdlik wurden.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s