Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

12 12 2015

Arbeidsfoarwaarden

 

Ûndernimmingsrieden bin baas yn Nederlân. Nim my net kwea ôf, ik moat sizze yn Fryslân. Dat oare wit ik net. Mar yn Fryslân hearse de ûndernimmingsrieden. It soe bêst kinne dat se no yn Fryslân pas echt ta ûntwikkeling komme. Ik ha jierren yn de ûndernimmingsried by Omrop Fryslân sitten, mar de baas sei sa, en as wy seine it soe eins oars moatte, dan sei dy baas: moai dat ik dat wit, mar we gjin myn paad yn. En no? Foarbyld SC Hearenfean. Dêr soademietere it hiele saakje yn elkoar, dat wit jim. Dan beneame se dêr in echte super sportpotentaat Sjoerd Feenstra as útsiker hoe’t it fierder moat. Dy komt mei Luuc Eisinga oansetten. Dat docht hy op in parsekonferinsje, sadat nimmen mear wat sizze kin. Watte, sels Foppe hat al mei him praten juster. Mar dan seit de ûndernimmingsried dat sy earst mei dy Eisinga prate wolle en dan bepale oft dy man al of net komme kin. Bepale! En at de lju dy’t der om hinne sitte my fertelle dat it hiele personiel eins oars tinkt as dy trije ûndernimmingsriedslju dan wit jim genôch. Dat oare personiel stie mei de eagen fol triennen doe’t Jelko van der Wiel belies joech. Mar ik hear net ien mear oer Jelko dy’t no mei de holle foaroer tús sit, fuortstjoerd troch in pear machtsikers yn in stiftingsbestjoer. Dat, at de ûndernimmingsried it teminsten wol, dalik ek noch opsoademiterje moat. Wêrom telt dy stim wol yn it fuortstjoeren fan immen, en dêrnei net mear?

Sa is it dus ek yn Noardeast Fryslân. Dêr ha de ûndernimmingsrieden besletten dat de fúzje útsteld wurdt. Op 1 jannewaris oansteande soe it amtelike spul yn elkoar griemd wurde, om te kommen ta in moaie  sterke gemeente dy’t fia de troch ús meibetelle sintrale as in moai ein tichter by de gewoane wrâld sit. Mar nee dus, se bliuwe dêr efter it behang sitten. Dantumadiel, Ferwerteradiel, Kollumerlân en Dongeradiel. En se wiene sa moai dwaande. Kommende âldjiersjûn de amtlike fúzje, dêrnei de folgjende stappen. Krekt as yn Marrelân, in moai, logysk, net iens sa’n útwrydsk proses. Mar no fine de ûndernimmingsrieden dat it allegear net goed taret is. De arbeidsfoarwaarden lizze noch net op papier fêst. En de amtners moat it ek oan tiid ha it allegear goed te lêzen. Ek de fakbûnen fan de amtners, noch amtliker as amtners sels, fûnen dat se net akkoart gean koene. It moat earst wol hiel goed op papier stean.

Kom no. Ik soe wolris witte wolle hoefolle fan dy amtners de arbeidsfoarwaarden dy’t se nó ha, echt kinne. Neffens my in frekt lyts bytsje. Ja guon witte dat se de freeds nei Himelfeart frij ha, en dat oare gemeenten dat net ha, en salang at net opskreaun stiet dat se aanst dy freeds noch hieltyd frij ha, dogge se net mei. Mar eins ha se  gjin sinne oan amtlik fusearen, want dat is mear en oar wurk, en dat wolle se net. Lekker yn de lytse gemeentehûske trochskiten bliuwe. Gjin risiko, we moatte de besteande sitewaasje sa lang mooglik hanthavenje.

Se ha gjin idee fan hoe’t it yn it lân en de wrâld giet. Dat alles sa hurd feroaret dat je der neat tsjin ynstopje kinne, inkel mar efterbliuwe. En se fine blykber it ek prima dat de gemeenten sa ferskillend mooglik bliuwe, sadat je as gewoane ynwenner gjin idee ha’t hoe’t wat en wêr wurket. De wize werop at in pear lytse plakken yn Littenseradiel glêsfezel krigen ha is dêrfan it foarbyld. Wat kin Littenseradiel dat jild skille, se wurde dochs opheven. Gjin idee fan om meielkoar oan de  de takomst te wurkjen. Sa wurkje de Fryske gemeenten optheden. Net, soe’k sizze moatte.

De boargemasters, leading lju yn de weryndieling bin skrokken fan de opstelling fan ûndernimmingsrieden. Dat liket my stuch. Se bin daliks akkoart gien mei in jier letter, omdat se al it gefoel hiene dat de amtners net meiwurkje wolle en dus ditsoarte flauekul tapasse. Se moat no it ekstra jier brûke om al dy net ferstandige amtners te fertellen dat je as gemeente en dus ek as amtner yn in lytse gemeente aanst oan de krapperein lûke sille. En dat der oars hielendal gjin foarwaarden mear binne om te arbeidzjen.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s