Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

06 01 2016

Alarm read

Hoewol sokke yngreven organisaasjes as it KNMI, Rykswettersteat en wat der sa al mear oan oerheden binne, it hillige Koade Read ôfjoechen en we dus allegear fersocht waarden, nee eins twong waarden, om yn ús waarme bêdsje te bliuwen, giene we der dochs op út. Ja, der wiene wichtiger saken as it eigen libben, wy moasten ommers nei de nijjiersresepsjes fan de boargemasters. Werom at we dat ek noch dogge by izel en snie mei Joast witte, mar lokkich joech Ferd de oplossing: izel en snie binne like lêstich as flechtelingen sa sei er. It skynt dat Wilders doe noch frege hat hoe’t Ljouwert de snie en izel fuortwurket, mar dat trochstie Crone prima. Hy liet de kuierpaden struie troch kuierende amtners, dan duorre it moai lang. Sa lang, doe reedride hiel Fryslân troch de Ljouwerter strjitten. Dêr boppe yn hat ien sein: dat geseur altyd oer sa’n winter en alvestêddetocht, at dy lju iis ha wolle, dan sil se it ek ha.

Ach moaie dagen. Ja wat lêstich dat in op ynternet besteld pakje in pear dagen letter kaam, mar fierder. Skoallen frij. Je hoegden net mei de bern nei it konsultaasjeburo en net mei it swarte skiep fan de famlyje nei de rjochtbank. De kontainer hoegde net nei de dyk. En dat de molkriders net by de boer komme koene, ach de Friesland hat dochs al tefolle molke.

Oan de oare kant, je koene net echt lekker it bosk yn, want de feldwebels fan Steatsbosbehear warskôgen foar mei iis bedekte en dus fallende takken. At we der oer in pear dagen wer komme, hinget alles noch gewoan  ear. Se warskôgje inkel efkes foar in takje wat der ôfdonderje kin. Ja dat kin ek at it in kear hurd waait, mar ja dan moat we de lju altyd út it bosk weihâlde.

No ja en sa bin’k dan al by myn grutte ferwûndering hoe’t de nije tiid yn elkoar sit. We bin absoluut net klear foar hokker ramp der yn dizze provinsje, dit lân, dit kontinent ek wêze sil. Komt der in kwakje izel, dan ha wy streamdipkes. Omt de stroomtuorren wat hin en wer swylje. Kin se dêr net tsjin? Ha we dy net goed bout. It wie yn 1962 en 1979 ek al sa. We ha alle streamtriedden dochs hast yn’e grûn, of bin de mollen der no mei oan it boartsjen. Streamdipkes, it wurd fan 2016. Dan kin it MCL net iens mear opereare. Ha dy net in agretgaat foar soksoarte sitewaasjes. Of stiet dat agregaat sa opsteld dat der in brokje izel op komme kin, en begjint dat ding dan te skodzjen of sa. En dan krijst dat it sikenhûs yn Drachten raast: no wy kin wol opereare hear, en Ljouwert net, wy bin folle better.

No we bin hjir yn it noarden mei syn allen grutte kloatsekken. Alle  saken wurde reorganisearre, grutter makke. En wat blykt, der bin hjir no te min ambulanses. Dat is skandalich. Dêr hear je net in boargemaster oer tidens dy redes oer synisme en lit we it mei ús allen dwaan. No dat wurket dus foar gjin meter.

Mar wat it alderslimste is. Mei in bytsje goede wil en in kwak jild krije we de rommel dy’t ús behoedzjee of stypje moat by in ramp noch wol foar elkoar. Mar wý bin der net klear foar. Wý kin dat net. It wie moandei noch mar koade oranje (dat stiet leau’k foar dat dan inkel it keningshûs noch oer de diken ride mei) mar doe al fergeat in man op de knop te drukken foar it alarm wat oer ús hinne joegen wurdt alle earste moandeis yn de moanne om tolve oere. Dat giet dus net automatysk. Der moat in man, miskien ek wol in frou, sorry frou Liemburg, op in knopke drukke. Elke earste moandei om tolve oere middeis. En der bin lju dy’t der wach op binne. Want in heale menuut oer tolven kamen de earste twitters en faecbookberjochten al  binnen. Hee, der is gjin alarm. Dat krij we as dus no as wiisheid mei: as der gjin alarm heart wurdt, dan is it, in hiel lyts bytsje, mar it is alarm.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s