Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

16 01 2016

Meiprate

Dat waar fan tsjintwurdich. Harre jassus. Gjin wûnder dat de hiele wrâld sa siik as in hûn is. Wêrom ha we eins in griepprik hân. Elk jier  sizze de lju dy’t dy dy drugs ynspuite ha, ja spitich dizze griep koene we noch net, dus dy siet der net yn. Mar elk jier wol in soad jild fan de oerheid krije om it te regeljen. En dan dat kloatewaar der ek noch oerhinne. Wetterkâld yn  ieren en sinen. En wat it slimste is, de hiele provinsje is ek yn syn úterlik o sa siik. Griis en grou oant yn it murch. Gjin inkele útstrieling of wat dan ek. It hoasset mar wat om.

Fral yn Harns bart dat, en dan wurdt it waar by dat hoastjen ek noch holpen troch de Reststoffen Energie Centrale. En sûnt de tiid fan tarieding oant de dei fan hjoed ha der groepkes lju west dy’t benaud wiene foar de útstjit fan dizze wat wy ienfâldich noch altyd de ferbarningsoune  neame. No ja en media bin tsjintwurdich  foar de roppers. En roppers roppe somtiden terjochte en soms ûnterjochte, mar sa kamen se dus altyd wol yn byld. Noch, elke kear as der wer wat is, dan komme de tsjinstanders op de mediale proppen. No wiene der wat oare fabriken tichtby, dy’t seine: ja der komt sa no en dan in skerpe reek út dat ding. Drok meitsje se har der ek net oer, se ha noch net iens in klacht yntsjinne. Ien fan de bazen fan sa’n bedriuw sei: ik gean gewoan nei hûs, dan ha ik der gjin lêst mear fan en (mar dat sei hy net lûdop) de lju dy’t hjir wurkje moat har mar rêdde. Net echt in man fan “als we gaan, gaan we met z’n allen”.

Mar we (of eins se) gean mei syn allen wol nei de ferdommenis dêr yn Harns at yndied blykt dat de oune in ferkearde útstjit hat. Se ferbarne dêr no ommers ek al rotsoai út oare lannen. En wy sitte altyd mei de fraach wa hat no gelyk en wa net? Omrin kin twahûndert  deskundigen útsykje litte dat it allegear wol goed sit, mar dat komt net nei bûten. Pas by it safolste ferhaal oer in hin fol dioxine of prikkeljende stjonkerij yn de loft. Ek al soe dat inkel komme fan it fisktintsje op’e brêge mei in fergetten potfisk, dy’t wat te lang op it fjûr stie.

Fannewike Dokkum. Dêr hat in keunstner, in bûtenlânske wierskynlik want it giet yn it ramt fan Kulturele haadstêd, in fontein betocht, mar dan is wol de hiele merk sawat fuort. Der bin 150 beswieren ynkaam. Krekt mei dý lju wol it gemeentebestjoer no prate. Dan witte wy al dat it gemeentebestjoer sa’n grutte fontein eins neat fynt, sels wat  on-Dokkums. Want der is in gruttere kwak lju dy’t graach nei Dokkum komme wolle om der in merk fol fonteinwetter te sjen, en dy parkeare graach harren auto oan de Hurddraversdyk of sa. Mar dy hearre we net. Oerheden harkje nei wat harren it handigst útkomt.

Dus fertel my net dat wy meiprate. Dêr hâlde we ek mar mei op. We gean efteroer sitten en sjogge oerheden wol trochknoeien. Krekt as op de Drachtsterbrêge yn Ljouwert. Yndertiid, jieren lyn ha we allegear fraachtekens set by in akwadukt te meitsjen flak njonken in brêge, heal yn in wenwyk. Och heden, dat koe. Seine se. Fannewike stienen der allerhande lju yn gielreade pakjes, verkeersbegeleiders, de frachtweinen te wizen dat se net oer de Drachtster brêge koene. Mei de bussen omride oer de Oeriselse strjitwei. Ik doarde der sels al amper mear lâns mei de auto, want der wie wer in lek, pomp derop en hup de brêge fersakket.

Wy bemoeie ús nearne mei. Heukerje oer in fersakke brêge. It akwadukt komt in pear jier te let klear. De bouer fan it spul giet  nammentlik tidens it wurk ek noch fallyt, de prosedures oer it folle mear wat it kostjen giet binne al oan de gong. Yn 2018 stiet dêr de Ljouwert haadstêdfontein omheech te spuitsjen yn in soad bourotsoai. Mar ach dat lûkt ek wer minsken. At it teminsten moai waar wurdt.

 

 

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s