Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

20 01 2016

(Té) koarte noazen

Haagse lju op de fuotbaltribune makken snein oerwâldlûden. Och heden, de hiele wrâld oer de reade. Moat no de spilers of de trainers of de skiedsrjochters óf de KNVB wat dwaan tidens in wedstrid at soks bart. Geâldehoer. It is sa simpel.  At je no as taskôger op sa’n tribune sitte en jo steure jo (terjochte) oan sokke of oare lûden, dan gean je dochs gewoan fuort mei syn allen. Je kin noch ien kear fetsoenlik freegje om der mei op te hâlden, mar de erfaring hat leard dat soks neat jout. Gean allegear gewoan mar fuort. Dan bliuw de razers oer en dy kin dan rêstich ôfsketten wurde. Of sa. Simpel. Fierder sjen as jo noas.

Sa is it ek mei Makkum. Moai plan makke. “Kosta del Makkum”. Ferfelende wynmûnen wurde no de ratteljende einder. Sa úntstiet de Makkumermar yn de Iselmar. En sûnt de 70-er jierren lizze we yn elke mar trije eilantsjes oan, hjir ek, dan kin der moai noch folle mear boaten lizze. Niks mis mei. Mar……. op it kaartsje op de foarside fan de Ljouwerter dêr stean de trije besteande stikjes Makkumerwaard, ferneamd natoergebiet fan it Fryske Gea, net op. In lytse 500 bunder echt moai natoergebiet. Ja, at alle fûgels dêr in bryfke krije weryn stiet dat se sûnder kosten ferhûzje kinne nei de Warkumerwaard, fyn ik it bêst, mar dan moat se yn Warkum net sokke plannen ha.

Alles bart op pleatselik nivo en it wurket foar gjin meter. At it dan allegear feroaret oan de kust en we moat oeral dêr in soarte fan Monaco fan meitsje, oerlis soks dan mei syn allen. Lis alle, mar dan ek álle belangen njonken elkoar. Sterker, der hienen we al klear mei wêze moatten. Net inkel Skylge yn aksje. Net inkel yn  Holwert en Makkum wat dwaan. Alles mei elkoar ta ien provinsiaal belied meitsje, ek rekken hâldend wat der mei oare kustgebieten yn it lân barre sil. Breder sjen as jo noas.

Moaiste foarbyld, tsjinbyld eins, is it rapport dat fannewike útkaam oer de mûzepleagen dy’t we de lêste jierren hân ha. Dat rapport sei dat dy mûzen hjir benammen kamen troch Friesland Campina en Albert Heijn. Oerheden ha der 73 miljoen oan útjûn. Ach soks is ek in ekonomyske aksje. Mar ik lies yn dat rapport dat der net wer safolle mûzen ha moatte, want dy oerheden jouwe dat jild no earne oars oan út. Dus moat we dêr wat oan dwaan. Ik wit ek wol dat we net elke mûs in kondoom ta krije en we kin se ek net stereliseare, want dat slagget by de guozzen net iens. We moat wat oars betinke. Minder droech lân, wetterpeil omheech, gêrs wat heger en dat gêrs moat de ko noch wol smeitsje, en miskien de subsidearre goes ek noch wol, mar de mûs net. Oftewol: we moat oars buorkje. No dat past ús eins wol, want dermei soene we de ljip ek temjitte komme. Mar sizze de ljippebeskermers Altenburg en Wymenga: we moatte alle predatoren dy’t mûzen frette mear op de greide loslitte. Mûzebiters dus. Mar Altenburg, of Wymenga, jim ha ek faak skreaun dat dy rôffûgels krekt al dy lytse ljipkes opfrette. Mar dat stiet net yn dat mûzerapport. Op dit stuit lulle we oer de ljip, dan sizze we dus dat we eins wat minder rôffûgels ha moatte, en aanst beprate we it mûzerapport en dan sizze we mei syn allen dat we eins wat mear rôffûgels nedich ha. It wie dan ek folstrekt logysk dat it kolleezje fan deputearre steaten juster noch gjin beslissing naam oer it aaisykjen, al tink ik dat se earder deabenaud wiene foar de reaksjes, as dat se fierder as de lingte fan harren noas sjoen ha nei in tige algemien provinsiaal belied. En al is dat laf en skiterich, it komt no goed út.

Want algemien belied oer alles, dat ha we nedich. Grien Links en de FNP freegje dêr al nei. We moatte nei in mienskip weryn plak is foar ljippen, mûzen, rôffûgels, mar ek foar boeren, ûndernimmers, rekreanten en natoerleafhawwers, foar razers en net-razers. Dus ha we ferlet fan beliedsmakkers dy’t fierder sjogge as de eigen noas.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s