Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

23 01 2016

Wêr is dat terras?

Potfisken en dolfijnen spiele regelmjittich oan op de strânnen fan de waadeilannen. Singeliere bisten bin dat. At wy in eilân sjogge wêr’t we net hinne wolle, (bygelyks sa’n eilân wer’t de kommersiële omroppen fan dy filmkes meitsje mei idioate minsken dy’t twa stokjes tsjin elkoar wriuwe om fjoer te krijen, wylst de kameraman wol in oanstekker yn de bûs hat om syn pilskes iepen te meitsjen) , dan keare we om en swimme we gewoan de oare kant út. En dizze bisten swimme eigenwiis troch en komme op it sân te lânne en dan bin je dus foar de jutters. Mar it jout wol oan dat dy strânnen oantrekkelik binne. No ja, dan moat we der in bytsje om tinke. Sju eartiids wiene de waadeilannen fier foar op de rest fan it lân.  Wy namen de boat nei Amelân, diene de broek boppe de knibbels en strúnden efkes yn see om. Yn it tintsje oan de kant in beker ranja en dan sjouwden we wer nei hûs. Mar dat tintsje stie der al. Yn in tiid dat de Hollânske en Fryske kusten noch beset wiene troch de fiskers. Dy dienen ien kear yn it jier de flagge yn de mêst en fierder ferkochten se foar in soad sinten hearinkjes oan ús, dy’t wy opfrieten op de pier fan Skeveningen en dan seine we: “we bin in dei oan see west”.

Mar de eilannen tochten hieltiid fierder en hiene al knappe akkomodaasjes stean, doe’t se op it fêste lân noch tochten fan kin soks ea wol út. Ja, it koe dik út. En at je wat by de tiid bleaun binne, dan kin it no noch út. Op de eilannen lieten se de eilannen de eilannen. Ik bedoel der is strân, dër kin je swimme, fiskje, surfe, kofjedrinke, mei jeeps omskuorre, rinne, je neaken sjen litte, jutte en wat al net. De hotels en akkomodaasjes stean wat efter de dúnerige, net ien hat lêst fan Peal 8 of Westcord hotel Flylân, ek al bin it onhandige dingen yn it lânskip. No ja, it fêste lân is ek wat op dy wize dwaande west.

Mar ja no komme der hieltyd mear bylden fan Max Verstappen, dy’t  rontsjes riidt lâns geweldig imposante en dus lillike, mar wol effektieve akkomodaasjes, weryn it jild wat eins nei de belesting moatten hie dumpt wurdt. Ek ynfesteerders yn Nederlân krije wer wat mear lucht it lêste jier en dy wolle no lâns ús kust ek ditsoarte dingen bouwe. Soks moat jild opsmite. Foarbyld, de boulevard by Vlissingen. Lillik, like goed toeristysk oantrekkelik. Dus tocht minister Schulz: boue mar jongens. Mar ik hearde lêsten in romtolooch dy’t sei dat dêrmei sels kultuer en byld fan Nederlân feroare wurdt, wy brûke it strân oars as yn de rest fan de wrâld. Oerdreaun. Boue jonges. Tagelyk bin der op de eilannen , want dêr ha se fan âldsher noch folle mear jild as op de fêste wâl, no ek dy lûden. Boue. Heech boue. Hoe heech? Heech. Te heech. Dat fynsto, mar ik net. Wat mei wol en wat mei net en wa bepaalt dat it âlde wat ferdwynt sa goed wie dat it net te ferfangen  is. Kwit net.

En at we it net witte gean we dan nei de Twadde Keamer. Der sit Lutz Jacobi ek yn. Lutz is fan de Sosialistyske Partij mar se sit yn de PvdA fraksje, want doe’t Lutz oer de politiyk begûn nei te tinken wiene de sosialistyske partij lju noch heale kommunisten. Lutz skreau fannewike in moasje, neidat 100.000 lju al foto’s fan moai lânskiplik dúneguod nei twitter en facebook stjoerden. Dus doe koe se wol efkes tsjin de VVD yn en dy wol de PvdA en Lutz net kwyt, dus foar de diskusje hie minister Schulz har al wer dellein by dat ynâlde gefoel dat we der net oankomme moatte. Dat betsjut dat ik myn fantasij feroarje moat. Dy wie op in geweldich moai terras sitte, yn it sintsje ûnder in parasoltsje, heal oer de see hinne op Skylge en dan bringt sa’n moai frommiske my in iiskâld pilske. Ynstee derfan hat Lutz besluten dat ik wer oeren troch dat stomme sân baggerje wâldzje moat.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s