Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

30 01 2016

oubollig

Sneons moat je altyd prate oer wat de grutste emoasje opsmiet yn sa’n wike. Teloarstelling dizze kear. Yn de hjerst fan 2016, de kommende hjerst dus al, sil de sintrale as iepene wurde. Myn earste teloarstelling wie dat der in aparte parsekonferinsje organisearre waard om no al dy feestlikheden fan dy iepening oan te jaan. Dat makket it alfêst wat minder feestlik want we witte allegear no al wat der barre sil en de praktyk hat útmakke dat je it bêste mei wat ferrassends komme kinne, dan ha de lju gjin tiid om nei te tinken. Mar doe sei deputearre Sietske Poepjes op dy parsekonferinsje: jonges we krije alfêst in priuwke foarôf fan kulturele haadstêd 2018. Doe gie ik rjocht sitten. Te deale… in foarpriuwke fan it allerhilligste…..o fertel it Sietske, wat stiet ús yn 2018 te wachtsjen. En do kinst neffens dyn eigen twitterkes sa lekker iten siede, hoe smakket dat foarpriuwke.

Mar ik leauw net dat deputearre Sietske Poepjes ek mar in idee hat fan wat Kulturele Haadstêd 2018 wêze sil, of better miskien: wêze moatte soe. No is dat Sietske net allinnich kwea of te nimmen, mear minsken ha ek gjin inkel benul. Sa wie der fannewike in byienkomst yn Achtkarspelen en  dêr koene je ek alfêst fertelle wat je doelen yn 2018 binne en dêr kaam ien mei it plan fan in optocht te hâlden mei fersierde weinen. Tsja. Fryslân is kulturele haadstêd fan Europa en fiert dat mei fersierde wenen. Kin we dat jild ek stiekem oan Europa wer werom jaan en it ynienen allegear mar ferjitte? We sitte noch wol wat mei de etiketten fan frou Sonneberg op de Weduwe Joustra beerenburgflessen, dat is het KH2018 logo, mar je krije yn de sliterij de drankflessen noch yn in papierke en at je dan tús komme en je jitte dy beerenburg oer yn lege molkflessen, hat net ien noch yn’e gaten dat der ea sa wat west hat as kulturele haadstêd.

Mar goed, dat yn Achtkarspelen wie de befolking, ik mei dochs oannimme dat Sietske Poepjes it bidbook fan Kulturele Haadstêd jûns efkes lêzen hat foar dat se sliepen gie. Tsja. Nee dus. It priuwke foarôf fan’t hjerst betstiet út trije dingen. In iepenloftspul dat opfierd wurde sil yn de tunnel ûnder it Prinses Margriet kanaal troch. Dus eins net iepen loft spul, want dêr is de loft net iepen. Dit is dus in  tunnelstik. In tonielstik. Tsjong. It twadde is in kilometerslange merk. Net merke, ja der sil ek wol wat merketintsjes tusken stean, mar it is gewoan in bradery. Kilometerslang. Njoggen wurdt no al sein. Tsjong. As foarpriuwke fan de kulturele haadstêd fiering yn 2018. In bradery. Yn 2018 sil dy bradery in alvestêdderûte lang wêze. Kin je ek noch yn it Guinness Book of records. En dan by einsluten in heale maraton. Dat past goed yn de sintrale as, dy is ek likernoch in healen lang. Ja  in hiele maraton soe bysûnderder wêze, mar in sintrale as is net langer. No ja je soenen keare kinne. Mar it is net mear as in moai sportevenemint. In foarpriuwke foar KH 2018 is dat no  ek wer net, ik ha teminsten yn it bidbook it wurd sport net fûn.

No bin dizze feestlikheden Sietske ek mar oanrikt troch de befolking. En lokkich is der noch in stifting Keunstwurk dy’t op de plakken lâns de sintrale as wat dwaan sil. Prima. Dat begjint der wer wat op te lykjen. Mar krekt as je wer wat tevreden wurde sil, dan wurd je op´ e nij wer lulk.

Wat hat dit foar doel, op in dei yn jannewaris fertelle yn in parsekonferinsje mei diabylden fertelle wat je yn de hjerst dwaan siole. Sterker, wat foar idé is it eins om sa’n wiidweidich feest te fieren oer in stikje dyk fan om´en de by de 20 kilometer, werby se no ek al spul ha oer wat se mei de âlde stikjes dwaan sille. “No dizze dyk wie sa nedich, dat moat we betinke”. O ja? No goai dan net fan’t hjerst dy dyk oates en toates wer ticht omt je der allerhande oubollige feestjes ha. Bradery…..

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s