Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

03 02 2016

Ûndernimmers ûndernimme

92 fan de 102 winkellju yn Drachten wolle ek wol op snein iepen. Dat wie in tal jierren noch wol oars. Der is dus wat feroare yn Drachten. Mar miskien kin je ek gewoan sizze dat se der no mei syn allen ta kaam binne om it sintrum fan Drachten wat mear leefberens te jaan. Miskien ek wol troch de need twong. It sil trouwens noch wol swier wurde hear, want it kolleezjeprogramma fan de gemeente seit yn dizze fjouwer jier gjin keapsnein. Ja, se woenen frou Kranz fan de kristenunie der fanwege de stimmen wol graach yn ha en hiene net yn‘e gaten dat at ûndernimmers eindelik in kear yngreven mei elkoar prate dat der dan samar in oar stânpunt útrûgelje kin. No ja, SP wethâlder Jos van der Horst sit al wer op de wip.

Fannewike kamen de ûndernimmers fan noard east fryslân yn in kongres by elkoar. Yn Burdaard. Dy ha al in lekkere federaasje, de ONOF, ondernemers noord oost Fryslân. De sintrale as bynt harren, ik seach der sels Harkemasters. Mar alle boargemasters wiene der ek. Want at je wat dwaan wolle tsjin de krimp dan sil je it mei syn allen dwaan moate. Der is reeëns foar yn dat gebiet, mar der is noch gjin echt oanfalsplan. Wa lûkt de karre, da’s de fraach.

Sa bin no lang om let ek de ûndernimmers yn it súdwesten fan Fryslân by elkoar kaam. Watte, it is de earste kear dat Marrelân en  en Súdwest-Fryslân fersichtich wat oan elkoar sitte. De ûndernimmers ha dêr no mei syn allen begrepen dat it gebiet fan de beide Fryske gemeenten de úteinlike súdwesthoeke fan Fryslân is. Je kin dochs aanst moai én yn Lemmer én yn Makkum nei wyld draeiende wynmûnen sjen (wat ha dy fannewike wat opbrocht). Ik bedoel it is in gebiet mei in eigen mienskiplike útstrieling. Dus klapten de beide gemeenten, elk 150.000 euro op it kleed, kaam der fan de provinsje ek nochris 40.000 en hupstee, dêr wie it toeristysk hûs fan de beide Súdwesthoekgemeenten. De ûndernimmers stappe der yn fia de belangenverenigng voor recreatie en toerisme fan Fryske Marren en de werkgroep vrije tijd van de ondernemersfederatie Súdwest Fryslân. Ik hie noch noait fan dy ynstellings heard, mar se wiene al jierren oan it wrotten om der in bytsje in line yn te krijen. No hoopje ik dat elkenien begrypt wat se wolle. Want at foarsitter Hakbijl fan dy belangeferiening seit dat it giet om “het bouwen van een entrepeneursnetwerk voor de sector” dan wurd ik der net echt lokkich fan. Barber de Vries fan de werkgroep seit dat besteande organisaasje ynpast wurde moatte. Dat is dus noch net bard. Dan wit je al dat ek dit in soad swierrichheden mei him mei bringt. Want wat dogge we no mei dy VVV’s, dy’t krekt yn de súdwesthoeke noch folop libje hjir en dêr, ôfhinklik fan de ynset fan, presies, de ûndernimmers yn sa’n regio. En wat frjemd dat in gemeentebestjoer fan Súdwest- Fryslân, dat it VVV yn Snits oerbringt nei it Skipfeartmuseum omt it gjin plak en sinten mear hie, dat se dan tagelyk 150.000 euro útjouwe foar oaren dy’t itselde wurk dogge. En nee, dy VVV’s ha we noch net heard, dat komt noch.

Mar at je in hûs ha, wol je ek in hûsmerk ha, en dus kaam de provinsje in dei letter mei de beneaming fan Martin Cnossen as baas fan Merk Fryslân. Hy komt fan de mienskiplike doarpsbelangen yn Fryslân,  dat is net mear in âldehoerstasjon, nee echt in non profit organisaasje dy’t projekten op it mêd fan leefberens, toerisme  en ekonomy entameart, begeliet en organisearret. Hy giet no dus nei Merk Fryslân dat him dwaande hâld mei stratezjy en realisaasje fan de doelstelings op it mêd fan marketing, sûne bedriuwsfiering,  netwurk en stakeholders. Mar it moat fansels benammen yn 2018 hjir genoch lju hinnehelje. Fryslân is moai, houen zo.

Mar it is jim wol dúdlik. Allegear prachtige wurden. Mar net ien wit wat de oar allegear dogt. Ûndernimmers yn Fryslân fine hiel linkendewei út dat je inkel troch gear te wurkjen en te fertellen hoe’t je it mei syn allen ha wolle, dúdlikhyd krije yn de bedriuwsfiering fan al dy ynstellings. Want it is dochs de bedoeling dat it jild wat der yn soksoarte dingen stoppe wurdt ek wat opsmyt?

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s