Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

06 02 2016

Lytse bern

In pear wike lyn kaam yn de media dat Weststellingwerf yn it hiele weryndielingsferhaal ek wol nocht hie om de alâlde Stellingwerven wer op te tugen. Se woene wol mei Steenwijkerland yn see. Doe hearden we dy Stienwikers al arro en smeulsk sizzen dat se dêr noch nea oer neitocht hiene, en dat se genôch oan de holle hienen om ek noch op Wolvegea te passen. Dat wie wat ôfstandelik, mar it blykte dat de media mar ien blêdside út it rapport oan de Weststellingwerfse ried lêzen hiene en dat der noch seishûndert oare mooglikheden yn jûn waarden. Dêrmei koene dy riedsleden moai in pear jûnen boartsje, ynstee fan wichtiger dingen te dwaan. Eaststellingwerf hie earst ek wat skrokken om har hinne soen, want ferjit net dat doe’t foar it earst oer weryndieling praat waard yn Fryslân, de beide boargemasters fan de stellingwerven al seine: wy wurkje al gear, en dat bliuw we dwaan. Dus East sliepte wer leaf troch. Yn Opsterlân hat net ien yn de gaten dat se meidogge yn dit gedoch, ik wit sowieso net at se dêr yn Opsterlân wol wat witte. Ek dêr sil se ûndersyk nei dwaan.

Weststellingwerf boarte dus fannewike. En krekt as by de bern, oan it ein fan it boartsjen hienen se spul. Inkel dit wie yn de PvdA fraksje, omt in pear reade mannen yn dy ried gol seinen: ach dat earme Hearrenfean dondert oeral tusken, de Jouwer wol net dat se meidogge, dat bliuw se sielich allnnich oer, ach dat Hearrenfean mei om ús ek wol mei ús meidwaan. En se setten in kriebeltsje op in in moasje. No, dat hiene we net ôfpraat, seine in pear oaren yn dy partij. en foardat Hearrenfean der ek noch by komt, moat wy der yn elk gefal noch oer meihaffelje kinne.

De weryndielingsdiskusje giet dus noait oer it belang wat wy as  ynwenners ha soene  fan it feit dat der ien grutte gemeente is. Dy’t folle mear kin as in lytsen. En der foar soarget dat je net as ljip by de grins by Oldeholtpea fan east nei west geane, dat je dan ynienen in oare ljip binne. En der soe ik noch 200 foarbylden oan keppelje kinne. Koartsein, wy ha lêst fan dat alle gemeenten in ferskillend belied ha. Mar dat fine politisi net wichtich. Dy politisi bin troch ús ynhierd om foar ús op te kommen. En no haffelje se oer al of net Hearrenfean. Riedsleden yn Fryslân moat in kursus kaartlêzen fan hiel Fryslân folgje. En de lju dy’t dan sa graach nei Stienwyk wolle, moat earst marris opsykje wer’t Hearenfean leit.

Dy weryndielingsdiskusje is hielendal in lyts berne spul. Nim no de âlde en âldwethâlder Jaap Keizer fan Ljouwerteradiel. Dy wol dat at Ljouwerteradiel aanst by Ljouwert komt, dat dy gruttere gemeente Ljouwert dan de namme Ljouwerteradiel krijt. En Ljouwert hie krekt sein: we wolle net wer sa’n poppenkast as mei Boarnsterhim, dat kostet tiid en jild, we skoue Ljouwerteradiel gewoan stiekem yn ús gemeente. Dy’t foar it oare ek net de Nije Feanen neamd waard  doe’t Grou en Warten der by kamen. En we bin no dochs ek wol ris in kear fan dy dielen ôf. Oanhingsels fan grutte plakken, Frentsjeteradiel, Dantumadiel en sa. No ja, je hiene ek Hennaarderadiel en Idaarderadiel, lytse plakjes koene ek it draachflak fan in gemeente wêze. Of moat we neffens Jaap dan ek mar Snitseradiel en Drachtsteradiel meitsje. Kom no.

It folgjende boartersspultsje wat se dus yn Eaststellingwerf, Weststellingwerf, Opsterlân en miskien Hearrenfean krije is dus oer de namme. En dêr sitte fansels de lju dy’t Hearrenfean der net by ha wolle ek mei. Want oars soe it wurd Stellingwerf miskien bestean  bliuwe kinne, east en west wurde ien. En se ha yndertiid al sein set it gemeentehûs dan mar yn Oldeholtpea, no Oldeholtpearderadiel is fansels ek neat. Mar ja, se ha Opsterlân, benaud foar Smellingerlân der ek yn griemd en  je kin no ek net sizze dat Stellingwerf in Opsterlands Belang is, ek net foar de oare partijen dê.

En at de PvdA-ers it wer iens wurde en Hearrenfean docht al mei?

De Turfhoeke.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s