Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

17 02 2016

Deafonnis

Guon lju yn Fryslân bin dwaande op de eigen Fryske wize de flechtlingeproblematiek foar it regear op te lossen. Gewoan in went yn elk doarp beskikber stelle. Lit de flechtelingenefamylje dêr har eigen stâl en gerak krije. Guon ha in soad help nedich, dat docht it doarp. Guon rêdde harsels samar en stean fan’t simmer al tige entosjast by de doarpsoptocht of ledekeatspartij. No waard ik noch wat omheech helle, as wie’t myn idee. Dat is it net, it is gewoan tinke oer hoe soene je dat hjir yn Fryslân dwaan moatte. It is aardich dat soks in  begjin krijt yn Wiuwert en Jorwert, mar we ha hjir dik 400 doarpen. Kom op. Elk in gesin fan 4,5. De gruttere doarpen wat mear hûzen. Dan bin de earste 2500 flechtelingen te plak yn Fryslân. Je moat it fierder ek oan de minsken sels oerlitte. Guon flechtelingen fine soks moai, prima. Oaren wolle leaver yn grutte flechtinge-ienheden yn gruttere plakken sitte, ek prima.

Inkel seit Jacques Monasch dit wykein dat dy azc’s te lânne komme yn gebieten fan de ûnderkant fan ús mienskip. No wol ik Wytmarssum dêr fuort net ta rekkenje, mar yn de rest fan it lân is it miskien wol sa, at Jacques it seit. Hy waard alom ynterfjoed yn it wykein nei in ynterfjoe yn de Ljouwerter krante troch Saskia van Westhreenen. Sjoernalisten bepale wer’t oer praat wurdt, Saskia. Stom fan mysels, tocht ik al doe’t ik it lies, ik kin de libbensskiednis fan Jacques, dizze move hie ik ferwachtsje moatten.

Jacques Monasch wennet yn Snits. Goed ynburgere. Is ’s winters in kear as fjouwer de lieder fan it Gesprek van Sneek by Vellinga op de Feemerk. Gesellige sneintemiddeis, ik kin net oars sizze dat Jacques dat bêst aardich docht. Mar ik ha muoite om sa no en dan de bek net iepen te skuorren en siz: do witst alles fan Oekraïne, hoe moat we no stimme by dat referendum aanst, kin we it dêr net oer ha. Dat sil grif kinne, mar net sneintemiddeis by Vellinga.

Saskia fertelde ús dat Jacques Monasch syn nocht hat fan de bende fan fjouwer. Wy wisten net fan it bestean, mar it skynt dat Samsom, Asscher, Dijsselbloem en Spekman yn it Kremlin sitte en kedize oer it stimfolk wat dêrtroch wer aardich ôfnimt. Fjouwer man dy’t tefolle mei de holle yn Europa sitte, te min yn de eigen mienskip. Dat mei je fine as Keamerlid. Lit dat dan ek sjen. Ast tinkst dat se tefolle efter Merkel en de NAVO oanrinne, stim dan in kear tsjin. Lutz Jacobi stimt tsjin it sjitten op Syrie en at je sjogge wat dat optheden teweech bringt, hat se gelyk. Dat hat se net altyd, want se seit no dat it ûnferstandich fan Jacques is om no twastriid te siedzjen, dat moat earst yntern. No Lutz, dan krij je de minsken nea wer yn it stimhokje.

Jacques Monasch hat in soad betsjutten yn de PvdA. Ja hy is ambitieus, mar hy wurke yn binnen- en bûtenlân wol keihurd foar in mienskiplik sosiaaldemokratysk gefoel. Hy wie foar it oare Poulidor, altyd twadde. Krekt gjin listlûker op de Europeeske list. Moast in kear as kampagnelieder oan de kant. Moast nei Fryslân ferhûzje om Keamerlid wurde te kinnen. Ferlear krekt as Lutz de ferkiezing fan PvdA lieder. Mar syn boeken en artikels oer de PvdA hingje yn de etalaazje. En it is absoluut ferstandich fan Jacques om no dy bongel te smiten. Fansels, hy tekene syn deafonnis, Op in list wêr’t de bende fan fjouwer foarop rint, komt de namme Monasch aanst net mear foar. Dus dat ynterfjoe mei Saskia wie bedoeld as: ik set der in streek ûnder, wurd Prins Oeletoeter yn Snits, mar ik wol noch al efkes âldehoere.

En dat âldehoeren bringt my en in soad oaren no oan it wankeljen. At ik Jacques goed begryp is de PvdA inkel noch dwaande foar heech opliede minsken, werby de top alle ûnrant ôfskood nei de ûnderkant fan de mienskip. Dat soe betsjutte dat wy ús âlde SDAP gefoel, wat we hjir krekt yn Fryslân noch hienen, hielendal kwyt binne. Kin we dêr oare kear yn it Gesprek van Sneek net efkes oer diskussieare Jacques?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s