Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

 

21 02 2016

Skamje dy, Jehannes

 

Wêr moat we it oer ha fannewike?

Oer Ed Nijpels? Dy’t ynienen foarsitter wurdt fan in groepke lju dy’t nei ús molkfeehalderij sjen sille? Nijpels, dy’t noch noait in klute klaai oan syn learzens hân hat. Ik tink ik dat er krekt as Hermans net iens wist dat hy wer earne foarsitter fan wurden wie. Dy’t no mei Felix Rottenberg yn de slach moat, want dy sit ek yn dy kommisje en dy kin Nijpels net iens snuven hearre. Nijpels? Ach lit mar. At it regear net mear wit hoe as wat, dan smite se der wer  sa’n kommisje yn. Dan kin we nei in soad tiid en jild wol wer fierder sjen.

Oer Reinier Paping? Dy’t tongersdei 85 waard mar noch presies deselde is as doe’t er yn 1963 de alvestêddetocht wûn. Se lieten dêr yn it reedridersmuseum yn Hylpen de bylden sjen dat der doe twa man wiene dy’t him dêr by Sebrandehûs goed út de wyn hâlden. Paping seach fleurich om him hinne en sei krekt as 53 jier lyn: ik koe der troch neat oan dwaan dat dy mannen dêr riden giene. Paping? Ach nee, yn fleur betinke sa’n man. Bliuwt ús held.

Oer Gert Jan Verbeek? Dy’t oppenij de lokrop fan  de Hearrenfeansupporters net beandere, hy komt krekt as de alvestêddetocht wer net. Hy moat nammentlik noch twa jier as analist safolle oare trainers misledigje, dat at er dan wol werom komt mei elkenien spul hat. Verbeek? Ach, at der net mear gremitigens yn de  Hearrenfeanspilers komt, dan komt hy nea.

Oer Eric ter Keurs? Dy’t ynienen sei op te stappen as boargemaster van Tytjerksteradiel omt er syn gesin wichtiger fynt as in aanst ferdwinende gemeente wer’t Waanders dochs boargemaster van  wurdt. Ter Keurs die’t netsjes op tiid. Keurich. Ter Keurs? Hoe sjocht dy man der eins út, hat dy ús wolris yn de wei west?

 

Oer dy bedriuwslieder by firma de Boer yn Drachten? Dy´t no oanklage wurdt omt hy gjin iepenbier homosexuele stazjère ha woe. Dy´t oan de grûn ta ôfbârnd wurdt, omt hjir de publisiteit as wapen brûkt is. De bedriuwslieder? Ach, at it net yn de krante stien hie, dan hie inkel immen efkes tsjin him sein: jonge dat kin net wast dochst, stel je foar dat it yn de publisiteit komt.

Oer tweintich mikrofoans? Dy’t om de fleanbasis hinne komme. Yn 2017, dus it bin JSF mikrofoans. Dy’t registreare moatte hoe lûd at dy dingen binne. Dy mikrofoans? Ach, dan sette de ûndersikers de knop fan de ûntfangstboks gewoan wat sachter?

Oer Hans de Boer? Dy’t ynienen as VNO-NCW foarsitter seit dat yn syn eigen Wytmarssum inkel flechtelingen ûnderdak krije moatte dy’t ek oan it wurk kinne. Oaren net. Dy Hans de Boer? Ach, dy is net wizer. Mar hy sit no efkes yn it bûtenlân, at er werom komt moat er earst bewize dat hy hjir sels wol nuttig wurk docht, oars komt hy der net iens wer yn.

Oer Sander de Rouwe? Dy’t as Keamerlid ien kear syn sin trochdreau en it alkoholslot yntrodusearde. Dat wurdt no al wer fuortsmiten. Mei alle tiid en jild dat it koste hat. De Rouwe? Ach, no hear je him net, dan is der ek neat oan.

Oer Jehannes Kramer? Dy’t lûdop seit dat de provinsje Fryslân neat oan de krimp dwaan sil. Dat is foar de gemeentes, dy’t dêr hielendal gjin jild en mooglikheden foar ha, en it ryk, wer’t minister Blok je hiel fernuvere oansjocht at je it oer krimp ha. De provinsje komt inkel út de leunstoel at guon it net iens binne. Gjin sint jaan, mar wol mediaterke boartsje. Sa sawat. Ja, dy Jehannes Kramer, dêr wol ik it wol oer ha. It is flokken. Dat kin hy syn eigen FNP dochs net oan dwaan. De partij dy’t folwoechsen waard yn de mienskiplike diskusje oer hoe’t Fryslân derút sjen moatte soe, yn it ramt fan it streekplan. En dan no mei de rêch nei alles ta stean gean, se rêdde har der mar mei? Jehannes, skamje dy. Dit mienst ek net, dit is net dyn gefoel. Sis asjeblieft tsjin Sander de Rouwe en dy oaren dat se dit soarte teksten sels mar de provinsje yn smite moatte.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s