Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

27 02 2016

Simpel.

Wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert hat fannewike sprutsen. Geweldige man. Fryslân wurdt aanst ien gemeente sei hy. Hearlik. De provinsiale steaten wurde gemeenteried en dêrtroch tweintich kear sa machtich. Den Haach siddert al, kin net mear ferdiele en hearse. En wy sitte der net mear mei dat se yn de iene gemeente teste hoe swier at de carbidknallen binne en yn de oare net. Inkel, Deinum wol earst mar ris sjen hoe´t it mei de kommende ôfsprutsen weryndielingen giet. Dan sjoch we wol fierder. Nee, Deinum, dan bin wel al 2018. Simpel: at we no al witte dat Fryslân aanst ien gemeente wurdt, dan moat we dêr no nei ta wurkje. Al dy net telle kinnende boargemasters fuortsmite en boue oan ien gemeente Fryslân. Simpel.

De steaten fan Fryslân wolle dat der in langere pipe op de REC yn Harns komt. Hoe lang? Ja, dat witte we net, dat moat ûndersyk mar útwize. Ja kom no, jim sizze dat der no daliks wat barre moat, en dan no wer ûndersyk. En hoe sa in langere pipe. At dy sa koart is as no, 44 meter, dan dondert dy dioxine dus ticht by de oune del. Dus in langere pipe, dan dondert it wer wat fierder fuort. No en we ha hjir hast altyd súdwestewyn, dus dy dioxine dondert yn Wynaam of Seisbierrum del, stean se dêr wer mei dioxineaaien yn it lân te mjêkjen. En dan stiet de PvdA de hiele dei dioxine te mjitten yn de haven fan Harns, hjir is it goed. It is dochs hiel simpel: der mei neat fan dy rommel deldonderje want dat is net goed. Kin in ôffaloune net draaie sûnder útstjit: ôfbrekke. Wer’t we dan mei de rommel hinne moatte: yn’e gatten fan de gas- en sâltwinning ûnder de grûn. Of sa. Simpel.

Der bin de lêste wiken safolle ferhalen ferskynd oer de Drachtster tunnel by de Drachtsterbrêge om op it Drachtster plein te kommen, we ha’t oer Ljouwert hear, dat ynienen bin de bewenners der flakby ek skril wurden. Ferjit net dat hiel Fryslân yndertiid sein hat, dy minsken dy’t dêr wenje krij der goed lêst fan. No, we hienen se noch net heard, mar at de Ljouwerter Krante sa skreauwt dan komme se by inoar. Allegear lulke lûden fansels. De moaiste fûn ik: der hie ek wolris ien sa no en dan lâns komme kinnen om alles te fertellen. O, jim ha dochs in krante. No dêr stiet mear yn as dat dy minsken ea fertelle mochten en kinnen hienen. Op it ein fan de jûn  fannewike kaam it klear: we moatte eins mar kompensaasje ha. Jild dus. Tsja, dat stiet net yn de mooglikheden. Mar deputearre Sietske Poepjes wol at it dêr te drok wurdt mei de wurksemheden as in leave moeke de lju wol ûnderbringe yn in hotel. Trije jier modderje en no ynienen yn in hotel. Kosten: de bouer. Dy giet faillyt en de hiele rommel duorret noch fiif jier foardat it klear is mei sinten en grûnankers. Brek dy hûzen ôf en lit dy lju earne oars wenje. Simpel

Der bin fan dy tradysjes. Der wurdt praat earne in azc del te setten, dan komt der in protestoptocht. Fan de minsken dy’t roppe fan in gefaar foar ús bern en froulju. Guon ha net iens bern of wiif. Yn Feanwâlden wie´t fannewike sa sielich, dêr wiene mar sa´n pear protestanten, dat boargemaster Heldoorn fan Dantumadiel sei: ach jim mei ek wol efkes binnen, wy prate der mei gewoane minsken oer. Mar dan moat jim net mei de hiele ploech yn ien kear der yn komme, mar ien foar ien. Wat sil er gnyske ha. Wat steurt oan ditsoarte dingen is dat se safolle omtinken krije yn de media. Dêrom, wer hiel simpel, moat it ien kear efkes oarsom. Alle Nederlanders dy´t fine dat wy ús bêst dwaan moatte om de ferhûdûke lju fan de oarloch yn Syrië op te fangen geane in een feestlike optocht troch de strjitten. Allegear. Dan blykt pas hoe lyts de groep fan nee-sizzers is. Hooplik ha se dan sels ek yn’e gaten dat se mar mei in pear binne, en slute se har oan by dy lange lange optocht. Simpel.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s