Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

09 03 2016

KH18

De ûnderwerpen fleagen fannewike binnen, der wiene fannemoarn gâns  toantsjes te fluitsjen. De gemeente Súdwest-Fryslân wol ynienen dochs wol wynenerzjy. Ja, dy pealen bin lêstich sizze se, mar te deale, at we meidogge kin we wol wat fertsjinje. Miskien kin se dan de tússoarch wer betelje, al soenen se dêr wer net mei wachtsje moatte oant dy wynmûnen stean. Fierder rekke ik op Twitter yn in diskusje ferstrikke dy’t optheden yn Dantumadiel oan’e gong is. Watte, dêr is de revolusje útbrutsen. Sels in wethâlder rint fuort fan it sindingswurk fan boargemaster Heldoorn. Gerben Wiersma, hy wol net mear fuseare, sa dwers as in Walterswâldster. Sa dwers, hy wol net iens fertelle werom at hy tsjin is. It hat wat fan: lit alles no mar sa´t it giet, wêr sil we ús noch drok oer meitsje. Oer ditsoarte misferstannen wol ik it no net ha. Sels net oer dat se by de provinsje âldere amtners freegje sille koarter te wurkjen. Dan kin se wat jongeren beneame. Wat dêr allegear efter sit, want it hat te krijen mei de swakte fan de Fryske polityk, mar ach, dat fertel ik noch wolris.

Nee we moat it no ha oer Kulturele Haadstêd 2018. Want o wat springe en dûnsje we fleurich om de fontein hinne. Der kaam moandei berjocht dat ek de lêste keunstner dy’t in fontein meitsje moat yn ien fan ús alve stêden, no ek bekind is: Stefan Balkenhof út Dútslân komt as hillige nei Snits. O, wat bin we no ferskriklike bliid. Ik ha begrepen dat hiel Snits karnavalfierend bûten kaam ûnder it oangeand skreauen fan jubel, en hurra, mar dan mei in u en twa er-ren. Freude yn Fryslân wie de kop yn de Snitser Krante.

Alve keunstners smite dy fonteinen no yn Fryslân del. En we kinne der gjin harses fan. Ik kin jim de nammen  wol fertelle, mar jim kinne  Cai Guo-Quang echt net. De keunstners komme fan Sina, Kameroen en Nigeria, of sa. Fanôf alle hoeken en gatten fan de wrâld donderje se yn ien haal ús hiele besteande kultuer ûndersteboppe.  Wat moat dit goede keunstners wêze, se ha altyd stiekem libbe, sûnder Nederlân lêstich te fallen, stil wachtsjend op KH18. Earlik, der sit noch ien Nederlansk frommiske by, Birthe Leemeyer, se hâldt ta yn Haarlem. Se hat Dokkum al feroardield ta in grouwélige  diskusje, omt der in hiel plein ûnder har fontein ferdwine sil. En Dokkum wol sneins sa no en dan de winkels iepen dwaan, mar net ien kin dan mear de auto kwyt.

Yntusken is Fryslân ek gear oer KH18. Jim moat allegear moaie dingen betinke. Ja, net dat se dêr jild foar ha, se ha jild foar eigen saken noch net iens binnen. Se ha de gemeenten ek al útklaaid, dy ha neat mear by te dragen om jim te stypjen, en dy moat aanst dy fonteinen ek noch ûnderhâlde. Likegoed, seit KH18, it soe dochs moai wêze at it Fryske folk ús ideetsjes op eigen wize folgje soe. Ta myn ûntsetting kamen se yn Achtkarspelen mei it idé fan in optocht mei fersierde weinen. Tsja, dat is wol in hiel ferskil mei gedachte dy’t de Japanner Sjinji Ohmaki hie foar de fontein fan Drylts. Der bin om KH18 hinne inkel mar fragen. Fragen dy’t de minsken my sels op de jûnen, dat ik lêzinkjes hâld oer sjoernalistiek, stelle. Dan blykt  dat net ien wit wat hy fan KH18 ferwachtsje kin. We ha lêzen dat we meidwaan moatte, mar witte net hoe as wat. En ik wit dat ek net.

It wurdt tiid dat de 17e grutte lieder fan KH18 , de Belch Lieven Bertels út de finzenis komt en kontakt makket mei de befolking fan Fryslân. Hy moat dizze befolking entosjamseare om fan 2018 in  geweldich jier te meitsjen en Europa, Nederlân mar foaral ússels sjen te litten wat we allegear wol net kinne ûnder it mom fan it wurd kultuer, dat krekt hjir altyd tige breed libbe hat. Mar hoe’t er it fersiere moat om de orizjinele doelstellingen der by de Friezen yn te proppen en harren tagelyk de gelegenheid jaan sil  om harsels te jaan as kulturele ienheid, dat soe’k net witte. Ek wol logysk, ik bin ommers gjin bûtenlanner.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s