Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

16 03 2016

Kealtsjes

At je noch in slachje aaisykje wolle, toe dan mar. De boeren ha’t optheden toch fierstentedrok. Se ha tefolle kij kocht ferline jier, en doe dy bisten safolle fuorre dat der no in geweldige hoop stront en molke út komt. De minister seit dat se dy stront kwyt reitsje moatte, mar wit net hoe of wêr.  It molkfabryk seit dat se de molke wol yn de sleat donderje kinne, oars moat se alles fergees nei it fabryk bringe. En dat mei dan ek wer net fan de minister. No ja, se ha in pear kear it bêste pak oanlutsen en harke nei al de lju dy’t har fertsjintwurdigje en no ha se in heal jierke de romte krigen om de skeeflutsen saak wer lyk te lûken. Sil je aanst sjen dat at se wer mindere ha, dat ynienen Ruslân dan wer leaf is en wer molke krije kin, en dat de fabriken dan daliks freegje om wat mear te melken, en dan jout it fabryk wol wer mear sinten om de fosfaten op te rêden. Ik sis mar wat.

De froulju fan de boer bin foar it oare ek net  tus. Dy bin yn Den Haach. Dy biede steatsiktaris van Dam in petysje oan, dy´t in yn de Twadde Keamer oannommen moasje wer ûnderút skoffelje moat. Bestuurlijk ongehoorzaamheid. No dan is der wol hiel wat wichtichs oan de hân. Tink je. It giet inkel oer dat de Twadde Keamer ynienen seit dat kealtsjes nei de berte by de ko bliuwe moatte. Presies, in moasje fan tante Thieme, dy’t werklik gjin aan hat fan it libben fan de bisten, wêrfan se seit dat sy de hoedster is. Alle boeren ha allang útfûn dat je in keal net by de ko hâlde moatte. De kij litte letter it kealtsje net los en stampe de boer, dy’t dat dwaan moat, fyn. Ek hat bliken dien dat de kealtsjes folle wylder binne yn de saneamde rêst dy’t mem-ko bringe soe. It is better foar ko, keal, boer en dus foar ús as molkedrinkers. Yn Nederlân bin 40 boeren dwaande om it keal by de ko te hâlden en al dy oare 18.000 boeren sizze dat dy 40 leaf mar wol hartstikkene idioat binne. Dat ha de boeren sels útfûn. Gjin ûnderysk foar nedich, inkel ûnderfining. Wêr bemoeit dy Twadde Keamer him eins mei.

 

Ja mar sei Thieme, bisten lykje in hiel soad op minsken, en we helje de poppen ek net daliks nei de berte by de mem wei. Mar frou Thieme, dat soe wol folle better wêze. De poppe hat twa mjêklûden en dan hup yn de ridende couveuse nei it Mienskipshûs om se fierder op te fieden. Al de kwealike saken en ûnnoazelheden dy’t de âlders der no ynbringe, soenen fuort wêze. Je krigen in hiele kwak gelikese ienriedige bern dy’t gesamelik opgroeie wêrtroch it wurd individualisme út it Wurdboek skrast wurde kin. Ik wit net at je der ek noch gele earflappen yn slaan moatte, mar kealtsjes sjogge ek letter net nei memmes earflappen, se ha net yn‘e rekken dat mém der gêrs stiet te fretten.

De bern kinne dan moai egaal opfieden wurde. Se kinne al op beukerleeftiid seksuele foarljochting krije, wat neffens oare idioate  gelearden it allerbêste wêze soe, lies ik fannewike. Mar yn elk gefal geordend op wei nei de takomst. Wit jim wat dan benammen sa moai wêze soe. We bin ôf fan diskusje. Eeh…   ja stel je foar Sikke Marinus fan Opsterlânsk Belang wie opfieden yn it mienskipshûs. En hie dêr mei troch de seksuele foarljochting syn frou troffen. En dêrmei in bedriuw oprjochte. Je moat om in  mienskip te krijen nammentlik alle minsken wol yn aparte keamerkes opfiede. Der bin yn it mienskipshûs keammerkes foar politisi, proffuotballers, leadjitters, Keamerleden , boeren en ûndernimmers. Mar oer ear en gewisse wienen Sikke Marinus, syn frou, Wietze Kooistra, Roel Vogelzang, Evert Wilstra en Ellen van Salm it wol iens west. En dan hienen we dêr no dat gesoademiter net hân. Mar ja, wy bin gjin kealtsje, wy bin net by mem weihelle. Wy bin op eigen wize grutbrocht. Sikke Marinus hie eartiids in kollum yn de Woudklank. Ûnderskreaun  mei Sego. S-ego. S-ikke. Tsa, doe hienen we it al sjen moatten.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s