Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

19 03 2016

Simmer

Ofrûne tongersdeitemiddei, in oere as twa. De skrouske wyn is lizzen gien, ynienen hearlik waar. Ik kwakte de kompjoeter yn’e hoeke. It lân yn. It like deastil, je hearden inkel fûgels. De mûzebiters sieten op de hikke en knikten my freonlik ta, se wachtsje noch efkes op ljippebern. Yn de feart wienen de einen en de merkels lekker oan it gysgobjen. Yn’e fierte in boer oan it jarjen, mar de fûgels steurden har der net oan. Ljippen draeiden om elkoar hinne yn de loft, roeken mochten noch rêstich op it lân sitte. Guozzen fleagen heech oer, foarop de mantsjes en dêr efter in grutte kliber alsmar jeuzeljend, as kaam de feriening fan húsfroulju oerfleanen.

Der is noch neat oan de hân, sa te sjen, mar oars soe’k noch net fierder it lân yngean. Ik wol leaver net meidwaan oan dat idioate gedoch fannewike, aaike fine, allegear lju der om hinne, lotterje en wat al net. De mûzebiters sloegen har op’e knibbeltsjes fan it laitsjen, se witte no al wêr’t dy bekroande aaikes lizze, dy bin al opfretten.

Mar ynienen krige ik juster dochs wer wat sympathy foar it Bûn fvan Fryske fûgelbeskermingswachten, de BFVW. En foar de rest fan Fryslân. Dat wie doe’t blykte dat it regear ynienen yngreven en inkel harke hat nei dy fanaat fan Faunabehear, dy Harm Niessen. Dy mei foar it oare fan alles betinke, dat mei Wilders op it lêst ek, mar as regear moat je dat net oernimme en sa mar sizze sizze dat de BFVW in twangsom betelje moat at ien fan ús noch wat yn it lân omstrúnt. Ûnskuldich geâldehoer oer aaisykjen is útmûne yn in wiere oarloch. Want at se sa wolle en har sa bemoeie wolle mei alles wat wy ta ús kultuer rekkenje, no dan leverje we dy kulturele haadpet ek mar wer yn. Jorritsma moat noch dit wykein it hiele regear by de nekke gripe en yn in ljippenêst donderje. Neisoargje is witte wêr’t it spul leit. En hoe as we dat dogge dat bepale we sels. Niessen en de steatssiktaris witte dêr hielendal neat fan. En at dy mei twangsommen bepale wolle dat we net mear yn it lân komme meie, en moat we op de knibbels at we tinke dat it hiel nedich is, dan ha se it klear krigen dat de ljip en de skries mei gauens ferdwûn binne yn Fryslân. De BFVW gie te fier nei de âlde kant, mar dat wie begryplik. Mar Faunabehear mei it meitsjen fan foto’s at de boer yn syn eigen lân omrint, en it regear dat dêr dan in twangsom opleit foar in dêroan totaal ûnskuldich BFVW, dat giet fiersten en fierstentefier. At de provinsje Fryslân hjir hjoed noch net in ein oan makket, dan sykje we wol nijen.

It oare wêr’t ik ek lulk fan waard justerjûn is, realisearde ik my letter gewoan in sjoernalistiek misserke. Der kaam nei bûten dat de skûtsjes net langer as 20 meter lang wêze meie soenen. No hat dat gjin inkele ynfloed op de skûtsjes, want dy bin foar it meast 19 meter 50. Ja fan de SKS bin Langwar en de Jouwer in pear sentimeter langer. Mar dat jout noch neat, want ynienen tocht ik, dit is in ûnsinferhaal.  Fryske sjoernalisten fertale, sjoen ek wat ik sakrekt sei, alles negatyf nei us kultuer ta. It giet allegear om de europeeske binnenfeartwet fan 2018. Plesierskippen meie dan net langer as 20 meter wêze, en dat wie 22 meter, oars bin se binnenfaart en moat se registreard wêze mei in gps systeem. No dat bin de measte skippen boppe de 15 meter al. En it soe foar skûtsje ek noch wol kine. Dit alles is dus wierskynlik in 1 april grap fan Klaes Jansma, mar hy is wat mei de data yn de betizing.

Sju at Europoa en Hollân it no oer ús kultuer ha lit se dan nei Harns  reizgje . Dêr wol se de Willemshaven en it gebied dêr omhinne wat mear toeristysk meitsje. Kin. Mar sa moai, se ha in monumentale âlde treinwagon oankocht en dêr meitsje se in pishokje en skythús fan. We bepale dus sels at we al of net skite wolle op ús eigen kultuer.

 

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s